thumb|Maria Rutgers-Hoitsema Maria Wilhelmina Hendrika (Mietje) Rutgers-Hoitsema (Britsum, 10 july 1847 – Rijswijk, 26 oktober 1934) wie in Nederlânsk feministe, ûnderwizeres en sosjaal herfoarmster.

Biografy Rutgers-Hoitsema wie in dochter fan predikant Synco Hoitsema en Rika van Bolhuis, pakesizzer fan Lambertus van Bolhuis. Yn 1865 helle hja har ûnderwiisdiploma en 1870 sette hja mei oaren in famkesskoalle op yn Leien. 1873 waard Rutgers-Hoitsema haad fan de iepenbiere famkesskoalle foar útwreide ûnderwiis yn Rotterdam.

Rutgers-Hoitsema wie feministe en (mei-)oprjochtster fan ûnder mear de Vereeniging voor Vrouwenkiesrecht, de Rotterdamsche Buurtvereeniging ter Ontwikkeling van Vrouwen en Kinderen en Gezinnen uit de Arbeidersklasse en de Vereeniging ter Behartiging van de Belangen der Vrouw. Sy die ek mei oan de gearkomsten om de Nationale Tentoonstelling van Vrouwenarbeid 1898 hinne en sûnt 1898 wie Rutgers-Hoitsema fise-foarsitster fan de Nationale Vrouwenraad. Teffens wie hja nau belutsen by de oprjochting fan de Amsterdamse School voor Maatschappelijk Werk en wie hja bestjoerslid fan de Nieuw-Malthusiaanse Bond. Begjin 20e iuw waard hja SDAP-lid. Teffens wie hja belutsen by de oprjochting fan de Vereeniging Onderlinge Vrouwenbescherming, yn 'e mande mei ûnder oaren Annette Versluys-Poelman.

Rutgers-Hoitsema troude yn Rotterdam op 3 augustus 1885 mei Jan Rutgers. It pear krige gjin bern. Rutgers-Hoitsema stoar yn 'e âldens fan 87 jier yn Rijswijk.

Bibliografy 1901 - De prostitutie te Rotterdam en de strijd tegen de reglementeering in den gemeenteraad. Op verzoek van de vereeniging ter behartiging van de belangen der vrouw, opgericht 16 jan. 1895, als rechtspersoon erkend 3 febr. 1896. Rotterdam, Bredée 1903 - Arbeidswetgeving en bizondere bescherming van vrouwenarbeid. Rotterdam, Masereeuw & Bouten 1903 - Voordracht, gehouden dor Mevrouw Rutgers-Hoitsema op de Algemeene Vergadering van den Nationalen Vrouwenraad van Nederland, in het Gebouw van Kunsten en Wetenschappen te Utrecht, op 15 april 1903. Rotterdam, Nationale Vrouwenraad van Nederland 1903 - Henriëtte Roland Holst. De vrouw, de arbeidswetgeving en de sociaaldemokratie (een antwoord aan Mevrouw Rutgers-Hoitsema). Rotterdam, Wakker 1904 - Nogeens: Arbeidswetgeving en biezondere bescherming van vrouwenarbeid. Antwoord aan Henriëtte Roland Holst. Rotterdam, Masereeuw en Bouten 1905 - Mode dwaasheden. Amsterdam, Van Looy 1910 - Bescherming van vrouwenarbeid of algemene arbeidsbescherming ?. 's-Gravenhage, Nat. Comité in zake Wettelijke Regeling van Vrouwenarbeid 1911 - Wetsartikelen en Kon. Besluiten waaruit blijkt, dat de vrouw reden heeft over achterstelling te klagen en op herziening of intrekking daarvan aan te dringen. Amsterdam

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk polityk aktivist Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk feminist Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Frouljusrjochte-aktivist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Britsum Kategory:Persoan berne yn 1847 Kategory:Persoan stoarn yn 1934