De Arapaho (Ingelsk: Arapaho of Arapahoe) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat oant djip yn 'e njoggentjinde iuw grutte dielen fan 'e hjoeddeistige Amerikaanske steaten Wyoming, Kolorado, Nebraska, Montana, Kansas en Oklahoma behearske. Hja ûnderholden fan âlds in politike en militêre alliânsje mei de oan har besibbe Sjajinnen (Cheyenne), en stiene sadwaande ek faak oan 'e kant fan 'e Sû (Sioux), dat ek Sjajinske bûnsgenoaten wiene. De Arapaho-taal heart ta de Algonkwynske famylje en is it naust besibbe oan 'e taal fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre). Tsjin 1850 wiene de Arapaho útinoar fallen yn twa folksdielen, de Noardlike Arapaho en de Súdlike Arapaho. Tsjintwurdich diele de Noardlike Arapaho mei de Eastlike Sjosjoanen it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, wylst de Súdlike Arapaho mei de Súdlike Sjajinnen yn westlik Oklahoma libje.
Etymology De Arapaho neame harrensels Hinono’eino, wat oerset wurde kin as "Us Folk" of "Us Slach Lju". Der besteane twa teoryen oer de oarsprong fan 'e namme "Arapaho". It soe ôflaat wêze kinne fan it wurd Tirapihu of Larapihu, út 'e taal fan 'e Pâny (Pawnee), dat "keaplju" betsjut (de Arapaho stiene der histoarysk sjoen om bekend dat se in protte hannel dreaune). In oare mooglikheid is dat it komt fan 'e namme dy't de Krieën (Crow) foar de Arapaho hiene: Alappaho’, wat "lju mei in soad tatoeaazjes" betsjut, ferwizend nei it Arapaho-brûkme om oer har hiele lichem lytse sirkeltsjes te tatoeëarjen.
Demografy Histoarysk sjoen bestiene de Arapaho út fiif etnyske subgroepen, fan noard nei súd de Gro Wânt (Gros Ventre), de Besawûnena (Besawunena), de wiere Arapaho, de Haänahawûnena (Ha'anahawunena) en de Nawatinehena (Nawathinehena). Elts fan dy fiif groepen spriek in eigen, ûnderling fersteanber dialekt en behold iuwenlang syn eigen etnyske identiteit, al wie der wol in mienskiplik gefoel dat se ûnderling ferbûn wiene, wat ta utering kaam yn gearkomsten fan 'e groepen en yn in polityk en militêr bûnsgenoatskip. Fral de Gro Wânt, Besawûnena en wiere Arapaho lykje nau besibbe west te hawwen, alteast op taalkundich mêd. It dialekt fan 'e Haänahawûnena wie it dreechst foar de oaren om te ferstean.
Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw begûnen de súdlikste fjouwer groepen stadichoan gear te ranen, wylst de Gro Wânt har ûntjoegen ta in selsstannich folk en har los makken fan 'e oare fjouwer. De Haänahawûnena- en Nawatinehena-dialekten of -talen stoaren yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw út, wylst it Besawûnena oant yn 'e 1920-er jierren sprekkers hie ûnder de Noardlike Arapaho. Noch altiten libje der yn it Wind River Reservaat 50 minsken dy't wis binne fan in Besawûnena-ôfstamming.
De Noardlike Arapaho neame harsels Nank’haanseine’nan (it "Byfoetfolk" – byfoet is in plant), en komme fierhinne fuort út 'e histoaryske subgroep fan 'e wiere Arapaho, al binne dêr grutte oantallen Haänahawûnena en Besawûnena yn opgien. Hja libje sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw foar it meastepart yn Wyoming, dêr't se in reservaat hawwe, it Wind River Yndianereservaat, mei as haadplak Fort Washakie. Dat reservaat diele se mei de Eastlike Sjosjoanen, dat histoaryske fijannen fan harren binne. De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat is in federaal erkende stamme, wat sizze wol dat er troch Amerikaanske oerheid erkend wurdt as in soevereine naasje binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten. Neffens sifers út april 2014 hie de stamme doe likernôch 9.885 leden, fan wa't (yn 2011) krapoan 8.200 permanint yn it reservaat wennen. Fan 'e befolking fan it reservaat is 51,3% fan etnysk Yndiaansk komôf en bestiet 35,2% út leden fan 'e Arapaho Stamme.
De Súdlike Arapaho neame harsels Náwunena of Noowunenno’, wat "Súdlik Folk" betsjut. Der wurdt wol tocht dat hja benammen fuortkomme út 'e histoaryske subgroep fan 'e Nawatinehena, al soe it ek kinne dat se foar it meastepart ôfstamje fan it súdlike diel fan 'e wiere Arapaho, dêr't de Nawatinehena yn opgien binne. Sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw hâlde de Súdlike Arapaho fral ta yn westlik Oklahoma, dêr't se tegearre mei de nau besibbe Súdlike Sjajinnen ien federaal erkende stamme foarmje, de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma. Dy stamme hat gjin eigen reservaat mear (hast gjin inkele stamme yn Oklahoma hat dat noch), mar it haadkertier is fêstige yn Concho. De stamme hie yn 2011 12.130 leden, wêrfan't yn 2003 likernôch 4.000 har identifearren as Arapaho. Dêrby moat oantekene wurde dat it troch it oanhâldende yninoar omtrouwen hieltyd dreger wurdt om noch te sizzen wa't in Arapaho en wa't in Sjajinne is. Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt 2000 feroare is fan "Súdlike Sjajinne en Arapaho Stammen fan Oklahoma" (meartal) yn "Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma" (inkeltal). Guon Súdlike Arapaho iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de Arapaho Stamme fan Oklahoma, it Arapaho-diel fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme, los fan it Sjajinske diel dus, mar dat liket net te einjen.
Skiednis Iere skiednis Men is fan tinken dat de foarâlden fan 'e Arapaho fanôf 3000 jier tebek bewesten de Grutte Marren libbe hawwe moatte, om persiis te wêzen oan 'e Noardlike Reade Rivier, yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steat Minnesota en de Kanadeeske provinsje Manitoba. Hja ûnderholden har dêre as sedintêre lânbouwers dy't har benammentlik op it kultivearjen fan maïs taleine. Mei de foarfaars fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre) foarmen se doedestiden noch ien folk, dat nauwe bannen ûnderhold mei de foarâlden fan 'e Sjajinnen (Cheyenne).
Op 'e flakten Yn 'e santjinde of mooglik al yn 'e sechstjinde iuw waarden de Arapaho-Gro Wânt, yn 'e mande mei de Sjajinnen, troch de út it easten wei opkringende Odjibwe (Ojibwe) út 'e boskgebieten fan Minnesota en eastlik Manitoba de Grutte Flakten op dreaun. It liket derop de Besawûnena langer as de oare Arapaho yn 'e krite fan 'e Grutte Marren hingjen bleaun binne en pas nei ferrin fan tiid harren sibben folge binne nei de flakten. (De namme Bäsawunena, dy't oer it algemien ynterpretearre wurdt as "folk fan 'e grutte tinten", soe neffens in protte saakkundigen eins "folk fan 'e grutte marren" betsjutte.) Op 'e flakten oankommen libben de Arapaho earst yn 'e noardlike kontreien dy't fan 'e rivier de Súdlike Saskatchewan, yn Kanada, oant yn 'e hjoeddeistige steaten Montana en Wyoming en it westlike diel fan 'e Dakota's rûnen. Meitiid teagen se lykwols nei it súdwesten ta, dêr't se harren wengebiet fêstigen yn wat no de Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado en westlik Kansas en Nebraska binne. Koart nei 1700 kamen se foar it earst oan hynders (earder hiene se geandefoets op bizons jage), en namen se de hynstekultuer fan 'e súdliker Flaktestammen oer, dy't letter sa ferneamd wurde soe troch it literêre en filmsjenre fan 'e western.
Yn 1811 of dêromtrint sleaten de Arapaho in formeel bûnsgenoatskip mei de Sjajinnen (Cheyenne), dat oant hjoed de dei stânhâldt. Tegearre fochten de beide stammen yn it suden fan harren domein, yn 'e krite fan 'e Reade Rivier, tsjin 'e Komansjen (Comanche), Kajowa (Kiowa) en Flakte-Apachen. Dy striid waard yn 1840 beëinige, doe't der in fredesferdrach en sels in ferbûn sletten waard. De bekendste Arapaho-lieder dy't dêrby belutsen wie, wie it opperhaad Lytse Raven. Mei de stipe fan harren nije Kajowa-bûnsmaten wisten de Arapaho doe foar it earst troch te kringen yn 'e Teksaanske Panhandle. Ien Súdlike Arapaho-troep rekke sa nau ferbûn mei de Komantsjen dat se úteinlik de taal fan har bûnsgenoaten oernamen en as de Saria Tʉhka- of "Hûne-iters"-troep yn it Komantsjyske folksferbân opnommen waarden.
Oan 'e noardkant fan harren territoarium bedarren de Arapaho fia harren alliânsje mei de Sjajinnen, dat wer bûnsgenoaten wiene fan 'e Sû (Sioux), yn 'e ynfloedsfear fan dat machtige folk, dat de noardlike Grutte Flakten fierhinne dominearre. Fierders waard der fochten mei hast alle buorfolken: mei de Pâny (Pawnee), Omaha, Osadzje (Osage), Ponka (Ponca) en Kou (Kaw) yn it easten; mei de Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet), Gro Wânt (Gros Ventre), Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Flakte-Kry (Plains Cree) en Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) yn it noarden; mei de Sjosjoanen (Shoshone) en Jût (Ute) yn it westen; en mei de Apachen en inkeld de Navaho (Navajo) en Pueblo-Yndianen yn it suden.
De oarlochshannelings bestiene foar it meastepart út oerfallen op doarpen en fûleindich útfochten skermutselings oer en wer, en wiene ferspraat troch de tiid, dat it wie net altyd oarloch mei eltsenien. Krektoarsom, de Arapaho stiene bekend as trochkrûpte keaplju en ferhannelen fral fleis en hûden (mar ek ealstiennen dêr't se troch ruilhannel mei de stammen fan it Súdwesten oan kommen wiene) mei de Arikara, Mandan en Hidatsa (dy't foar in grut part lânbouwers wiene) foar nôt, pompoenen en beane.
Konflikten mei de blanken Fan 'e 1850-er jierren ôf wiene der út en troch skermutselings tusken Arapaho-krigers en de Amerikanen, feroarsake troch de almar fierder geande kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. Yn novimber 1864 waard it freedsume doarp fan it Súdlik Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel, dy't in freon fan 'e Amerikanen wie, op ferriedlike wize oanfallen en útmoarde troch de territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington, wêrby't tusken de 150 en 200 Yndianen omkamen, meast froulju en bern. Ek guon Súdlike Arapaho dy't op dat stuit yn it doarp taholden (it opperhaad Lofterhân ynbegrepen), waarden slachtoffer fan dit Bloedbad fan Sand Creek.
Dy slachting feroarsake grutte ûnrêst en lulkens ûnder de Sjajinnen en de Arapaho, en joech de oanset ta de saneamde Kolorado-oarloch. Krigers fan 'e Oglala- en Brulee-substammen fan 'e Lakota-Sû kamen del út it noarden om har by de Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho te jaan, wêrnei't dy Yndiaanske koälysje de Amerikanen nederlagen tabrocht yn jannewaris 1865, yn 'e Slach by Julesburg, yn febrewaris fan dat jier, yn 'e Slach by Mud Springs, en yn july, yn 'e Slach by Platte Bridge. Under generaal Patrick E. Connor syn Powderrivierekspedysje, yn augustus 1865, waard yn 'e Slach oan de Tongue in Arapaho-doarp ferovere en útmoarde wylst de measte krigers op jacht wiene. Yn septimber namen de Arapaho wraak troch in ploech lânmjitters te deadzjen yn wat bekend kommen is te stean as it Sawyers-gefjocht.
Foar de Noardlike Arapaho gie de Kolorado-oarloch fan 1864-1865 frijwol naadleas oer yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ûnder lieding fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk focht om foar te kommen dat it Amerikaanske leger in rige forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. Yn dy oarloch wiene de Arapaho û.m. belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. Dat wie de grutste Amerikaanske nederlaach op 'e Grutte Flakten oant doe ta. De Oarloch fan Reade Wolk einige yn in oerwinning foar de Yndianen, dy't by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, grutte stikken lân taparte krigen.