Theodora Kracaw Kroeber (berne as: Theodora Kracaw; Denver, 24 maart 1897 – 4 july 1979), wie in Amerikaansk antropologe, etnologe en publisiste, dy't it bekendst wurden is troch har ferhalen oer Ishi, it lêste oerlibjende lid fan 'e Jahy-stamme fan Kalifornje. Dêrnjonken wie hja ferantwurdlik foar it fêstlizzen fan 'e mûnlinge oerlevering fan ferskate lânseigen Kalifornyske kultueren. Hja wie de frou fan 'e foaroansteande antropolooch Alfred L. Kroeber en de mem fan 'e ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. (Kroeber) Le Guin.
Libben Theodora Kracaw waard yn 1897 berne yn Denver, yn 'e steat Kolorado, as de dochter fan Charles Emmett Kracaw en dy syn frou Phebe Jane Johnston. Se ferfear nei Kalifornje, dêr't studearre oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley, yn Berkeley, ûnder de reek fan San Fransisko. Yn 1920 behelle se in masterstitel yn klinyske psychology.
Nei it ferstjerren fan har earste man, Clifton Brown, yn 1923, learde se fierder foar antropologe, wêrby't se de kolleezjes folge fan Alfred L. Kroeber, dy't oan Berkeley heechlearaar antropology wie. Hja rekken fereale opinoar en yn 1926 trouden se. Kroeber naam Ted en Clifton, Theodora har soannen út har earste houlik, oan, en de jonges krigen syn efternamme. Mei Kroeber krige Theodora noch twa bern: de heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde en literêr kritikus Karl Kroeber, en de ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. Le Guin.
Kroeber wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology, en hy behelle geregeldwei syn frou yn syn wurk. Sa rekke Theodora Kroeber û.o. belutsen by Ishi, fan wa't beweard waard dat er de lêste oerbleaune Jahy (Yahi) wie, dy't it slachtoffer wurde wiene fan opsetlike útrûging troch blanke kolonisten. Nije ynformaasje makket it lykwols oannimlik dat Ishi fan mingd etnysk komôf west hawwe kin, mei in heit dy't mooglik ta de Wintû, Maidû of Nomlaky hearde. Theodora Kroeber skreau in bekende biografy fan Ishi, mei as titel Ishi in Two Worlds. Tsien jier nei Kroeber syn ferstjerren, yn 1960, skreau hja ek in biografy fan him, mei as titel Alfred Kroeber: A Personal Configuration. Theodora Kroeber ferstoar yn 1979, yn 'e âlderdom fan 82 jier.
Wurk (in kar) 1959 – The Inland Whale 1961 – Ishi in Two Worlds 1964 – Ishi: The Last of His Tribe 1968 – Almost Ancestors: The First Californians (mei Robert F. Heizer) 1970 – Alfred Kroeber: A Personal Configuration 1976 – Drawn from Life: California Indians in Pen and Brush (mei Robert F. Heizer en Albert B. Elsasser) 1979 – Ishi, the Last Yahi: A Documentary History (mei Robert F. Heizer)
Kategory:Amerikaansk antropolooch Kategory:Amerikaansk etnolooch Kategory:Amerikaansk etnograaf Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1979