De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat (Ingelsk: Arapaho Tribe of the Wind River Reservation; Arapaho: Hinono’eiteen, útspr.: [hɪnɔnɔʔeitɪ:n]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Wyoming. Dizze stamme wurdt ek wol Noardlike Arapaho Stamme (Northern Arapaho Tribe) neamd, al is dat net de offisjele namme. De organisaasje waard oprjochte yn 1878, en it haadkertier is fêstige yn Fort Washakie, yn Wyoming.
Demografy De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat hie yn april 2014 9.885 leden. Dat binne etnyske Arapaho fan 'e substamme fan 'e Noardlike Arapaho. Sa'n 50 leden fan 'e stamme kinne mei wissichheid harren ôfstamming fan 'e Besawûnena (Besawunena) oantoane, in etnyske groep dy't nau mei de Noardlike Arapaho besibbe wie en der úteinlik yn opgien is.
Reservaat It reservaat dat troch de Arapaho Stamme bewenne wurdt, is it Wind River Yndianereservaat (Wind River Indian Reservation) fan westlik Wyoming, dat útsûnderlik is om't it dield wurdt troch twa federaal erkende stammen: de Arapaho Stamme en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe). Der wennen yn 2011 rom 23.000 minsken, wêrfan't likernôch 12.000 (of 51,3%) Yndianen wiene en de rest fierhinne blanken. De Noardlike Arapaho makken mei krapoan 8.200 minsken yn it reservaat sa'n 35,2% fan 'e befolking út. It Wind River Reservaat hat in oerflak fan net earlik 9.150 km², en alle natuerlike en ekonomyske helpboarnen binne der foar 50% eigendom fan 'e Arapaho Stamme en foar 50% fan 'e Eastlike Sjosjoanestamme.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat
Kategory:Arapaho Kategory:Amerikaanske Yndianestamme mei federale erkenning Kategory:Yndiaanske stamme-organisaasje yn Wyoming Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1878