Trinity St. Clair, echte namme ûnbekend (Redding (Kalifornje), 3 febrewaris 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Taylor Jean, en wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Trinity St. Claire. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 43 kg.

Libben en karriêre Trinity St. Clair is hikke en tein yn Redding, yn 'e steat Kalifornje. Se waard grutbrocht troch har mem, yn in brutsen gesin. Op 'e middelbere skoalle koe se goed meikomme, mar se wie net populêr, en hat harsels yn dy libbensfaze omskreaun as in "band geek", mei't se yn 'e skoalleband de ksylofoan, de tromboane en de klarinet spile. Nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen studearre St. Clair psychology, dêr't se in bachelorstitel yn behelle.

Se wie fan doel en spesjalisearje har yn 'e bernepsychology, mar yn 2010 rekke se belutsen by de pornoyndustry en datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn krapoan hûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Evil Angel, Wicked Pictures, Digital Sin, New Sensations, Zero Tolerance, West Coast Productions, Pure Play Media, Devil's Film, Diabolic Video en Jules Jordan Video.

Yn april 2012 tekene St. Clair in kontrakt mei OC Modeling, in foaroansteand ympressarioburo yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se hat ûnderwilens twaris nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2013AVN Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.Xbiz Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste byrol fan in aktriseGrease XXX: A ParodyXbiz Awardnominearrebêste byrol fan in aktriseGrease XXX: A Parody

Keppelings om utens Offisjele webside fan Trinity St. Clair Biografy en filmografy fan Trinity St. Clair yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Trinity St. Clair yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1990