Jada Stevens, echte namme: Candace Jackson (Snelville (Georgia), 4 july 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jade Stevens en Jacia Stevens. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben en karriêre Jada Stevens waard yn 1988 berne yn it stedsje Snelville, yn 'e steat Georgia. Mei njoggentjin jier sette hja útein mei te wurkjen as stripper yn in stripklub yn Atlanta. Har debút yn in pornografyske film makke se yn it foarjier fan 2008.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as twahûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Evil Angel, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Pure Play Media, Zero Tolerance, New Sensations, Digital Playground, Hustler Video, Third Degree Films, West Coast Productions, Red Light District, Seymore Butts Home Movies en Shane's World. Teffens hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Yn 2013 ferskynde se yn 'e webshow Fresh Off the Boat, fan Vice Magazine, wêryn't se mei gasthear Eddie Huang in rûnreis troch Miami makke mei de klam op iten en pornografy.

Yn 2010 feroare Stevens har foarkommen fan blondine ta brunette. Hja hat har spesjalisearre yn anale en ynterrasiale pornografy. Se seit in grutte fan te wêzen fan hiphopmuzyk. Yn 2012 wûn se in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry) foar de bêste triosekssêne mei twa froulju en in man. Fierders hat se 7 kear nominearre west foar in AVN Award.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2012AVN Awardnominearrebêste POV-sekssêne (mei Mick Blue)Anal Workoutnominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Toni Ribas en Mark Wood)What the Fuck! Big Tits, Bitches & Ass!wûnbêste triosekssêne f/f/m (mei Kristina Rose en Nacho Vidal)Ass Worship 13Urban X Awardwûnynterrasiale stjer fan it jiern.f.t.2013AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiis (mei Anikka Albrite)Jada Stevens Is Buttwomannominearrebêste POV-sekssêne (mei Kevin Moore)Tanlinesnominearrebêste anale sekssêne (mei Mick Blue)Big Wet Asses 20nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Anikka Albrite en Erik Everhard)Jada Stevens Is Buttwomannominearrebêste presintaasje fan in pornostjerJada Stevens Is Buttwomannominearreartyste fan it jiern.f.t.XCritic Fans Choice Awardwûnartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardnominearreorgastysk oralisten.f.t.nominearreorgastysk analisten.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste POV-sekssêne (mei Kevin Moore)The Hooker Experiencenominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Remy Lacroix en Mr. Pete)Anal Corruptionnominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Prince Yahshua en Lexington Steele)Lex Turns Evilnominearrebêste groepsekssêne (mei Julius Ceazher, James Deen, Erik Everhard, Jon Jon, Ramon Nomar, Mr. Pete, Prince Yahshua en John Strong)Gangbanged 5nominearremeast seksy kont (publykspriis)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.Xbiz Awardwûnbêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Kevin Moore)The Hooker Experience |- |rowspan="3"|XRCO Award''nominearresupersletn.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnorgastysk analisten.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Jada Stevens Biografy en filmografy fan Jada Stevens yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Jada Stevens yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1988