Jehannes Janssonius (Jan Jansz.; ek Ioannis, Io(h)annem; Ianssonii, Ianßonium of Joannem Janssonium (Juniorem) (Arnhim, 1588 - Amsterdam, july 1664) wie in Nederlânsk kartograaf, printer en útjouwer.

Famylje In soad boekdrukkers, útjouwers en kartografen wiene yn dy tiid oan elkoar besibbe: Elisabeth Janssonius (1615-1681), dochter fan Jehannes Janssonius, wie troud mei Jehannes van Waesberghe (1616-ca. 1681), in neisiet út it oarspronk Antwerpske boekdrukkerslaach Van Waesberghe. Catharina van Waesbergen, boaske mei Abraham Elsevier. Marguerite van Waesbergen wie de mem fan Andries van Hoogenhuysen.

Hy wie de skoansoan fan Jodocus Hondius dy't wer de skoanheit fan Pieter van den Keere wie. Dy Pieter wie wer in healbroer fan Petrus Bertius.

Kaarten

Keppelings om utens Atlas ou Representation du Monde Universel, 1633; Ingelân, Skotlân, Ierlân, Skandinaavje, Frankryk, de Nederlannen Atlas ou Representations du Monde Universel Tome second, 1633; Dútslân, Italie, Grikelân, Afrika & Amearika Atlas Novus, sive Theatrum Orbis Terrarum, 1646; Jeropa, Azië, Afrika & Amearika Atlantis Majoris Quinta Pars .. cui adjunctus est Orbis Antiquus et Graecia Parallela 1650 Atlantis Majoris Quinta Pars 1657 Universiteitsbibleteek fan Amsterdam, stêdeboeken fan Janssonius Universiteitsbibleteek fan Amsterdam, stêdeboeken fan Janssonius

Kategory:Nederlânsk kartograaf Kategory:Nederlânsk drukker Kategory:Nederlânsk útjouwer Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1588 Kategory:Persoan stoarn yn 1664