Mahina Zaltana, echte namme: Shandale Correa (10 maaie 1979), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Filipynsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mahina en Manila Zaltana. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 36C.
Karriêre Mahina Zaltana waard yn 1979 berne yn 'e steat Hawaï. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2010, doe't se 31 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in fjirtichtal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Third Degree Films, Devil's Film, Elegant Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Pure Play Media en Hustler Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Mahina Zaltana Biografy en filmografy fan Mahina Zaltana yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografy en filmografy fan Mahina Zaltana yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Polynezysk of Filipynsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Filipynsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1979