De American Music Awards of AMA's binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn 'e twadde helte fan novimber yn Los Angeles útrikt wurde foar de bêste muzikale wurken fan it foargeande jier. Oant 2003 waarden se yn novimber fan itselde jier útrikt. De American Music Awards waarden yn 1973 ynsteld troch presintator en tillefyzjeprodusint Dick Clark (1929-2012) foar de stjoerder ABC, nei't dy de útrikkingsseremoanje fan de wichtichste Amerikaanske muzykprizen, de Grammy Awards, ferlern hie oan konkurrint CBS.
Oars as de Grammys, dy't tawiisd wurde op grûn fan in stimming ûnder de leden fan 'e Recording Academy út 'e muzykyndustry sels, wurde de winners fan 'e AMA's beslist troch in opinypeiling ûnder de muzykkeapers en it bredere publyk. De útrikkingsseremoanje is yn 'e hannen fan Dick Clark Productions, foar ABC. Dejinge dy't de measte AMA's ea wûn hat, is sjonger Michael Jackson, dy't der troch de jierren hinne 26 fan opgarre hat. De meast bekroande band is Alabama, mei 23, en de sjongster dy't it meast yn 'e prizen fallen is, is Whitney Houston, mei 22 AMA's. Der binne 22 kategoryen, mei as wichtichsten "artyst fan it jier" en "nije artyst fan it jier".
Kategoryen artyst fan it jier nije artyst fan it jier
favorite froulike pop/rock-artyst favorite manlike pop/rock-artyst favorite pop/rock-band/duo/groep favorite pop/rock-album
favorite froulike country-artyst favorite manlike country-artyst favorite country-band/duo/groep favorite country-album
favorite rap/hiphop-artyst favorite rap/hiphop-album
favorite froulike soul/r&b-artyst favorite manlike soul/r&b-artyst favorite soul/r&b-album
favorite adult contemporary-artyst favorite contemporary inspirational-artyst favorite alternative artyst favorite Latin-artyst favorite elektroanyske dance-muzykartyst spesjale oeuvrepriis (special achievement award) single fan it jier
Ophefte kategoryen binne: favorite ynternasjonale artyst favorite nije adult contemporary-artyst favorite adult contemporary-album ûnthjit (merit) earepriis
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e American Music Awards
Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Rockpriis Kategory:Countrypriis Kategory:Rappriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Soulpriis Kategory:R&B-priis Kategory:Latinpriis Kategory:Dancepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1973