Faith Hill (berne as Audrey Faith Perry; Ridgeland (Mississippy), 21 septimber 1967), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjesskriuwster, muzikante, muzykprodusinte en aktrise. Se is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e ienentweintichste-iuwske countrymuzyk, dy't troch de jierren hinne 5 Grammy Awards wûn hat, wylst se foar dyselde priis ek nochris 12 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Hill hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht. Har bekendste hits binne This Kiss, Breathe en Cry. Hill is troud mei countrystjer Tim McGraw, mei wa't se ferskate duëtten opnommen hat.
Libben en karriêre Jonkheid Faith Hill waard yn 1967 berne yn it plakje Ridgeland, yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, justjes benoarden de stêd Jackson. Hja waard as poppe oannommen troch de húshâlding Perry, en groeide op yn it stedsje Star, op 25 km fan Jackson. Har pleechâlden wiene baptisten, en brochten Hill en harren beide biologyske soannen strang kristlik grut.
Hill har muzikale talint oppenearre him al ier, en doe't se sân jier wie, hie se har earste optreden. Dêrnei song se geregeldwei yn 'e ferskillende tsjerken yn har wenplak en omkriten, sawol de baptistyske as dy fan oare denominaasjes. Op har santjinde foarme Hill mei guon freonen in bandsje dat optrede by pleatslike rodeo's. Se studearre in blaumoandei oan it Hinds Mienskipskolleezje yn Raymond (Mississippy), mar yn 1986, doe't se njoggentjin jier wie, joech se de skoalle deroan en ferfear se nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om te besykjen en meitsje har dream wier om in countrysjongster te wurden.
Iere jierren yn Nashville Yn 't earstoan woe it mei de karriêre fan Hill net bot slagje. In audysje foar in baan as eftergrûnsjongster foar countrystjer Reba McEntire rûn op neat út, en se ûnderhold har in skoft troch yn in McDonald's-restaurant te wurkjen, dêr't se in grouwéligen hekel oan hie. Nei't se in hoartsje T-shirts ferkocht hie, fûn se wurk as siktaresse by in útjouwerij fan blêdmuzyk. Yn 1988 troude hja mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Nei't in kollega har op in dei sjongen heard hie, waard Hill troch de lieding fan 'e útjouwerij frege om dêr demonstraasjesjongster te wurden. Yn deselde snuorje wurke se ek as eftergrûnsjongster foar lietsjesskriuwer Gary Burr. Dyselde hie it foar de moade om syn nije lieten te sjongen yn it Bluebird Cafe yn Nashville, om feedback fan it publyk te krijen. By ien fan dy optredens wie Bob Saporiti yn it kafee oanwêzich, dy't yn 'e direksje fan platemaatskippij Warner Bros. Records siet. Doe't dy Hill sjongen hearde, frege er har om audysje te dwaan, wat der úteinlik ta late dat Warner Bros. har in kontrakt oanbea.
Sjongkarriêre Hill har debútalbum, Take Me As I Am, kaam yn 1993 út. It hie goede ferkeapsifers, mei troch it nûmer Wild One, dat fjouwer wiken efterinoar op it earste plak yn 'e Hot Country Songs stie, de wichtichste Amerikaanske hitlist op it mêd fan countrymuzyk. Dat wie in prestaasje dy't froulike artysten doe al yn gjin tritich jier mear levere hiene. It album sels waard yn 'e Feriene Steaten sawol as Kanada trije kear platina. Koart nei de publikaasje fan Take Me As I Am rûn Hill har houlik lykwols op 'e klippen, en sy en har man skieden yn 1994. Har twadde album, It Matters to Me, wêrfan't de opnamen útsteld wiene fanwegen in operaasje oan in barsten ier op har stimbannen, ferskynde yn 1995. Dat waard op 'e nij, mei mear as trije miljoen ferkochte eksimplaren, in grut súkses, en mei de titelsong behelle Hill har fjirde nûmer 1-hit.
Yn 'e maityd fan 1996 sette Hill útein mei optredens as iepeningsact fan countrysjonger Tim McGraw op syn Spontaneous Combustion-toernee. Hill hie har doedestiden krekt ferloofd mei har eardere produsint Scott Hendricks, wylst McGraw krekt in ferloving ôfbrutsen hie. De beide sjongers krigen al mei gauwens in affêre, en Hill ferbriek har relaasje mei Hendricks. Nei't se ûntdieken dat Hill yn ferwachting wie fan McGraw syn bern, trouden se op 6 oktober 1996.
Om't se swier en krekt troud wie, naam Hill fan ein 1996 ôf in pear jier lins om te bekommen fan 'e foargeande hektyske jierren en teffens om 'e kâns te hawwen in nij libben mei har man op te bouwen. Yn 1997 naam se mei McGraw it duët It's Your Love op, dat seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs stean bleau, en dêr't se sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards mei wûnen. Hill har trêde album Faith, dat wat minder klassyk country wie en wat mear oerhong nei popmuzyk, kaam yn 1998 út. It súksesfolste nûmer fan it album wie This Kiss, dat net inkeld nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs waard, mar dêr't se foar it earst mei trochbriek (mei nûmer 7) op 'e pophitlist Billboard Hot 100. Oare nûmers dy't it goed diene, wiene Just to Hear You Say That You Love Me (in duët mei McGraw), Let Me Let Go en The Secret of Life. Der waarden mear as seis miljoen eksimplaren fan Faith ferkocht.
Om 'e faasje deryn te hâlden, brocht Hill in goed jier letter, yn novimber 1999 Breathe út, har fjirde album. Dat skeat fuort nei de top fan 'e albumlisten, sawol de Top Country Albums as de Billboard 200, wêrby't it û.m. in nij album fan Mariah Carey foarby stribbe. Mei Breathe wûn Hill har earste Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk) yn 'e kategory bêste country-album, wylst se mei de titelsong en it duët mei McGraw Let's Make Love noch twa oare Grammys binnenhelle. Fan Breathe giene wrâldwiid krapoan 10 miljoen eksimplaren oer de toanbank. It jier 2000 markearre Hill har definitive trochbraak as in mainstreamstjer, mei ferskate dokumintêres oer har, in reklamekontrakt mei make-upmerk CoverGirl, foto's fan har op 'e omslaggen fan ferskate grutte tydskriften en har meiwurking as presintatrise oan sawol de útrikking fan 'e Grammy Awards as dy fan 'e Oscars.
Yn 2000 droech Hill it liet Where Are You, Christmas? by oan 'e soundtrack fan 'e bernefilm Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas. Yn 2001 naam se in liet op foar de soundtrack fan Pearl Harbor, in histoaryske film oer de Japanske oanfal op Pearl Harbor yn 1941. Dat soe oarspronklik troch de Kanadeeske sjongster Celine Dion songen wurde. It liet wie There You'll Be, dat ûnder muzykkritisy noch altyd it bêst ûntfongen nûmer fan Hill is. Teffens wie it Hill har grutste hit yn it Feriene Keninkryk. It waard nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale popnûmer, en foar in Oscar foar bêste oarspronklike liet.
Hill har fyfde album, Cry, dat yn 2002 útkaam, wie mear op popmuzyk oriïntearre as op country; likegoed fleach it daliks nei de top fan 'e albumlisten, net inkeld de Billboard 200, mar ek de Top Country Albums. Teffens wûn Cry in Grammy foar bêste country-album. It liet Baby, You Belong, fan Cry, waard yn 2002 brûkt as de titelsong fan 'e Disney-tekenfilm Lilo & Stitch. Yn 'e fideoclip dy't letter foar dat nûmer makke waard, wiene ek fragminten út dy film opnommen.
Mei Fireflies, har sechsde album, dat yn 2005 útkaam, kearde Hill werom nei de wiere countrymuzyk. De single Mississippi Girl waard nominearre foar in Grammy yn 'e kategory bêste countrynûmer songen troch in frou, wylst it duët Like We Never Loved at All, mei Tim McGraw, in Grammy wûn foar bêste fokale countrygearwurking. Yn 2006, doe't se dat al sûnt de berte fan har jongste dochter, fiif jier earder, net mear dien hie, sette Hill tegearre mei McGraw útein mei in nij toernee, de Soul2Soul II Tour 2006. Dat waard mei in opbringst fan $90 miljoen it bêstferkeapjende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Yn 2007 brocht Hill noch in grutste-hitskolleksje út, The Hits, en yn 2008 ferskynde fan har in kryst-cd, Joy to the World. Teffens wurke hja mei oan McGraw syn album Let It Go, út 2007.
Op 13 maart 2010 song Hill ûnder begelieding fan Benny Andersson op 'e piano it liet The Winner Takes It All, ta gelegenheid fan 'e opname fan ABBA yn 'e Rock and Roll Hall of Fame. Datselde jiers op 28 july song se yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. yn oanwêzigens fan presidint fan 'e Feriene Steaten Barack Obama en first lady Michelle Obama it liet The Long & Winding Road as ûnderdiel fan in earbetoan oan Beatle Paul McCartney. Datselde jiers droech se ek twa lieten by oan 'e soundtracks fan twa ûnderskate films. Foar Country Strong, dêr't har man Tim McGraw yn spile, song se Give In to Me, en foar Life As We Know It, mei Angelina Jolie yn 'e haadrol, song se All I Ever Wanted, dat brûkt waard foar de trailers en spile waard ûnder de ôftiteling. Ek naam se dat jiers diel oan Coal Miner's Daughter: A Tribute to Loretta Lynn, in earbetoan oan countryleginde Loretta Lynn.
Hill kearde yn maart 2011 werom nei de studio foar de opnamen fan in nij album, dat Illusion komme moast te hjitten. Yn juny 2012 befêstige se dat it album klear wie, mar se sei ek dat se der net alhiel tefreden oer wie en dat se gjin album útbringe woe dêr't se har net hûndert persint goed oer fielde. Underwilens naam Hill A Showman's Life op, in duët mei George Strait dat útbrocht waard op Strait syn album Here for a Good Time. Sels publisearre Hill de singles Come Home (2011) en American Heart (2012), mar net Illusion, it album dêr't dy lieten op steane. (Anno 2023 is dit album noch altyd net ferskynd.) Ynstee gie se yn 2012 op toernee mei Tim McGraw.
Yn septimber 2016 wie Hill ien fan 30 artysten dy't meisongen op 'e single Forever Country, in medly fan 'e lieten Take Me Home, Country Roads fan John Denver, On the Road Again fan Willie Nelson en I Will Always Love You fan Dolly Parton. De single waard útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan 'e CMA Awards. Yn 2017 giene Hill en McGraw fannijs tegearre op toernee. Underwilens kaam yn novimber fan dat jier by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn 2019 krige Hill har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Aktearkarriêre Yn 1995 die Hill har earste ûnderfining as aktrise op, mei in gastrol yn 'e dramasearje Touched by an Angel. Yn 2002 waard har in wichtige rol yn 'e oarlochsfilm oer de Fjetnamoarloch We Were Soldiers oanbean, mar úteinlik betanke hja dêrfoar, en gie dy rol nei aktrise Madeleine Stowe. Har filmdebút makke Hill sadwaande yn 2004 yn 'e skriller The Stepford Wives fan regisseur Frank Oz, in remake fan 'e bekendere film út 1975. Dêryn hie se Nicole Kidman, Matthew Broderick en Glenn Close as tsjinspilers. Hoewol't dy film mear as $101 miljoen winst makke, lieten de filmkritisy der net folle fan hiel. Fan gefolgen duorre it jierren foar't Hill wer aktearre.
Yn 2015 hie Hill in rol yn 'e ûnôfhinklike misdiefilm Dixieland, dy't yn april fan dat jier op it Filmfestival fan Tribeca yn New York yn premiêre gie. Yn oktober 2015 waard oankundige dat Hill as útfierend produsinte belutsen wie by it nije lifestyleprogramma Pickler & Ben, mei Kellie Pickler en Ben Aaron as presintators. Dat programma, dat opnommen waard yn Nashville, kaam yn 2017 op 'e tillefyzje. Underwilens hie Hill doe yn 2016 ek al fjouwer ôfleverings lang as coach fungearre yn 'e talintejacht The Voice. Yn 2019 wie se sjuerylid yn it realitytillefyzjeprogramma The World's Best. Yn 2021 hie se tegearre mei Tim McGraw in gastrol yn in ôflevering fan 'e neo-westernsearje Yellowstone, as de oerpake en oerbeppe fan haadpersoan John Dutton yn in flashback nei it ferline. Hill kroep fannijs yn 'e hûd fan Margaret Dutton foar de tsien ôfleverings tellende spin-offsearje 1883, dy't fan desimber 2021 ôf te sjen wie op streamingtsjinst Paramount+.
Oare aktiviteiten