De Billboard Music Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier (yn maaie) útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan 'e muzykyndustry. De tawizing wurdt dien troch it toanoanjaande muzyktydskrift anneks hitlist Billboard, en de útrikking, dy't foar it earst holden waard yn 1990, wurdt live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De útstjoering waard oarspronklik hast tweintich jier lang fersoarge troch de stjoerder Fox, mar nei't dy it programma yn 2007 falle liet, waarden de Billboard Music Awards fjouwer jier net útrikt, oant ABC yn 2011 de útstjoering oppakte.

Kategoryen Op 't heden hawwe de Billboard Music Awards 37 fêste kategoryen (wêrfan't "artyst fan it jier", "album fan it jier", "liet fan it jier" en "nije artyst fan it jier" it wichtichst binne): artyst fan it jier nije artyst fan it jier Top Billboard 200-artyst Top Hot 100-artyst bêste froulike artyst bêste manlike artyst bêste duo/groep bêste country-artyst bêste dance-artyst bêste digitale muzykartyst bêste kristlike artyst bêste Latin-artyst bêste rap-artyst bêste R&B-artyst bêste rock-artyst bêste sosjale artyst bêste streaming-artyst

album fan it jier Top Billboard 200-album bêste country-album bêste dance-album bêste kristlike album bêste Latin-album bêste rap-album bêste R&B-album bêste rock-album

liet fan it jier Top Hot 100-liet bêste countryliet bêste dance-liet bêste digitale liet bêste kristlike liet bêste Latin-liet bêste rap-liet bêste rock-liet bêste streaming-liet (audio) bêste streaming-liet (fideo)

spesjale prizen (net elts jier útrikt): Artist Achievement Award (oeuvrepriis) artyst fan it desennium Billboard Century Award Billboard Spotlight Award Icon Award Milestone Award Millennium Award Rising Star Award Woman of the Year Award

Ofskafte kategoryen binne û.m.: bêste nije manlike artyst bêste nije froulike artyst bêste alternative artyst bêste nije groep/band bêste digitale media-artyst bêste EDM-artyst bêste klassike crossover-artyst bêste moderne rockartyst bêste popartyst bêste pop-punkartyst bêste ûnôfhinklike album-artyst

bêste alternative album bêste EDM-album bêste klassike crossover-album bêste popalbum bêste ûnôfhinklike album

bêste nije liet bêste alternative liet bêste EDM-liet bêste moderne rockliet bêste popliet bêste R&B-liet bêste Rythmic Top 40-titel bêstferkeapjende single bêste soundtrack-single fan it jier

De winners fan 'e wichtichste kategoryen en de spesjale prizen fan 'e Billboard Music Award steane fernijd op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy, ûnder de kopkes Ceremonies (winners fan 'e wichtichste kategoryen) en Special Awards (winners fan 'e spesjale prizen).

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Billboard Music Awards

Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Countrypriis Kategory:Dancepriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Gospelpriis Kategory:Latinpriis Kategory:Rappriis Kategory:R&B-priis Kategory:Rockpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1989