De British Fantasy Awards binne in groep Britske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan fantasy en horror fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch de British Fantasy Society ("Britske Fantasy Genoatskip"). De British Fantasy Awards besteane sûnt 1976, mar komme fuort út 'e âldere August Derleth Fantasy Award, dy't yn 1972 foar it earst útrikt waard.
Oarspronklik wie der mar ien kategory, nammentlik foar bêste roman, mar troch de jierren hinne binne dêr stadichoan oaren bykommen. Op 't heden wurde de British Fantasy Awards útrikt yn 16 ûnderskate kategoryen: de August Derleth Award foar bêste horrorroman de Robert Holdstock Award foar bêste fantasyroman bêste novelle bêste koarte ferhaal bêste ferhalebondel bêste ferhalebondel mei wurk fan ferskate auteurs bêste stripferhaal/grafyske roman bêste non-fiksje bêste tydskrift bêste senario bêste film bêste tillefyzjeprogramma bêste lytse útjouwerij bêste omslachartyst de Sydney J. Bounds Award for Best Newcomer de Karl Edward Wagner Award (eare- en/of oeuvrepriis, net altyd útrikt)
De winners wurde bepaald troch in stimming ûnder de leden fan 'e British Fantasy Society, útsein yn it gefal fan 'e Kar Edward Wagner Award, dy't tawiisd wurdt troch it BFS-bestjoer. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Neil Gaiman, Stephen King, Tim Lebbon, Terry Pratchett en Jo Walton. Foar in folsleine list mei winners fanôf 2004, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e British Fantasy Society
Kategory:Fantasypriis Kategory:Horrorpriis Kategory:Britske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1976