De Quill Awards ("Guozzefearprizen") wiene in groep Amerikaanske literatuerprizen dy't fan 2005 oant en mei 2007 trije jier lang yn tweintich ûnderskate kategoryen útrikt waarden mei as doel om it lêzen fan boeken te befoarderjen. De organisaasje efter dizze prizen wie de Quill Foundation, in gearwurkingsferbân fan in stikmannich foaroansteande Amerikaanske mediakorporaasjes, wêrûnder Reed Business Information, Parade Magazine, de Borders Group, Barnes & Noble en de American Booksellers Association.
De winners fan 'e Quill Awards waarden fêststeld troch in twatriems proses, wêrby't earst troch ekspêrs út 'e útjouwersbrâns guon kandidaten nominearre waarden, wêrnei't it publyk troch in stimming de winner útkieze koe. It lêste jiers (2007) wie dat inkeld it gefal yn 'e wichtichste kategory fan boek fan it jier sa, wylst de winners yn alle oare kategoryen doe troch boekferkeapers en bibletekarissen keazen waarden. Under de winners wiene grutte nammen, lykas Al Gore, Tyler Perry, Diana Gabaldon, Jim Henson, J.K. Rowling, Jon Stewart, Bob Dylan en Stephen King. (Foar in folsleine list mei alle winners yn alle kategoryen, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.) Doe't de útrikking fan 'e Quill Awards nei trije jier gjin oanwiisber effekt op 'e ferkeapsifers fan boeken hie, waarden de prizen opdoekt.
Kategoryen boek fan it jier debutearjend auteur fan it jier yllustrearre berneboek berneboek foar âldere bern boek foar jongfolwoeksenen algemiene fiksje detektiveroman/skriller romantyk science fiction/fantasy/horror poëzij audioboek graphic novel religy/spiritualiteit biografy/memoires sakelibben itensiedersboek sûnens/selsferbettering skiednis/aktualiteit/polityk humor sport
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Quill Awards (argifearre)
Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Amerikaanske poëzypriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2005 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2007