Illinois is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Springfield.

Skiednis Illinois is ferneamd nei in Yndianestam en waard op 3 desimber 1818 de 21e steat fan de Feriene Steaten.

Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch hearde Illinois ta de Uny.

Geografy De steat Illinois is 149.998 km² grut en leit yn de Sintral-tiidsône. It heechste punt is de pyk fan Charles Mound (376 meter). Yn it noarden grinzet it gebiet oan de Michiganmar (Grutte Marren) en de steat Wiskonsin, yn it westen oan Iowa en Missoury en yn it easten oan Indiana en Kentucky.

De hiele westgrins wurdt foarme troch de rivier de Mississippy. Dwers troch de steat rint de rivier de Illinois, dy't yn de Mississippy útmûnet. Dy útrin is tige breed.

Bestjoerlike yndieling Illinois is ûnderferparte yn 102 county's.

Nijsgjirrichheden Fierwei de grutste attraksje is Chicago, mei har musea, wolkenskrabers, arsjitektuer, de Michiganmar en de direkte omjouwing.

Oare Nijsgjirrichheden binne: National Historic Trail Illinois & Michigan Canal National Heritage Corridor Lewis & Clark National Historic Trail Mormon Pioneer National Historic Trail Trail Of Tears National Historic Trail De histoaryske Route 66 fan Chicago nei Los Angeles, ûnder oare besongen troch de Rolling Stones

Yn de haadstêd Springfield stiet it hûs fan presidint Abraham Lincoln. Yn Tampico is ek it bertehûs fan de eartiidske presidint Ronald Reagan iepen foar publyk.

Illinois beskikt oer in grut oantal steatsparken, wêrûnder it Starved Rock Park oan de Illinois rivier. Yn dat park leit in heuvel dêr't Yndiaanske stammen tsjin mekoar fjochten hawwe.

Keppeling om utens Offisjele webstee fan Illinois

Kategory:Steat yn de Feriene Steaten Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818