Oglala (Lakota: Oglála) is in plak (census-designated place) yn de Amerikaanske steat Súd-Dakota dat bestjoerlik ûnder Oglala Lakota County (foarhinne Shannon County) falt. It plak leit yn it noardwesten fan it Pine Ridge Yndianereservaat en justjes benoarden de Oglalakeardaam en de opslachmar Oglala Lake, dy't yn 1941 klear wie.

Demografy By de folkstelling fan 1990 wie it ynwennertal 422, yn 2000 1.229 (+ 191,2%) en by dy fan 2010 1.290.

Geografy Neffens it United States Census Bureau hat it plak in oerflak fan 34,6 km², wêrfan't 32,4 km² lân en 2,2 km² wetter is.

Keppeling om utens Statistiken, kaarten en oare ynformaasje oer Oglala op city-data.com

Kategory:Plak yn Súd-Dakota Kategory:Plak stifte yn de 19e iuw