namme 275px Rol Torpedobommesmiter en ferkenner Makker Fokker Earste flecht 1938 Yn tsjinst Juny 1939 Tal makke 36 Brûkers Marine Loftfearttsjinst, Royal Air Force, Luftwaffe
thumb|275px|In Fokker T.VIIIw yn tsjinst fan it 320 Dutch Squadron RAF De Fokker T.VIIIw wie in yn 1938 fanwege de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst troch Fokker ûntwurpen twamotorige torpedobommesmiter en ferkenner op driuwers (fan Duraluminium).
Hy wie ornearre foar sawol de Nederlânske kustferdigening as ek foar Nederlânsk-Ynje. De earste searjes waarden op de tradisjonele wize opboud: romp út staalbuis bespant mei linnen, houten fleugels, it rompfoarein en motorgondels út metaal. Der binne 36 fan boud dy't tsjinne hawwe by de Marine Loftfearttsjinst, de Luftwaffe en 320 Dutch Squadron RAF fan Coastal Command, stasjonearre yn Pembroke Dock yn Súd-Wales.
Farianten T.VIII W/G Mingde hout- en metaakonstruksje. 19 fan boud (juny 1939). T.VIII W/M Hielendal fan metaal. 12 boud. T.VIII W/C Gruttere ferzje mei krêftiger motors (1940). Finlân bestelde der fiif fan, mar foelen yn Dútske hannen en waarden brûkt troch de Luftwaffe.
Spesifikaasjes (T.VIII W/G) Algemiene skaaimerken Bemanning: 3 Lingte: 13 m Spanwiidte: 18 m Hichte: 5 m Gewicht leech: 3.100 kg Gewicht maks: 5.000 kg
Oandriuwing 2 Wright R-975-E3 Whirlwind, 9 silinder, luchtkuolle radiaalmotors fan 450 hk (336KW) it stik
Prestaasjes Maks. faasje: 285 km/o Fleanberik: 2.750 km Plafond: 6.800 m Angelucci 1983, s. 259.
Bewapening 2 × 7.92 (0.312 in) masinegewearen 600 kg (1,323 lb) bommen as 1 torpedo as 1 seemyn
Kategory:Fokker Kategory:Nederlânske bommesmiter Kategory:Nederlânske ferkenningsfleanmasine Kategory:Nederlânske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1938