Hughes H-4 Hercules 285px Rol Transportfleanboat Makker Hughes Aircraft Untwerper Howard Hughes Earste flecht 2 novimber 1947 Yn tsjinst n.f.t. Tal makke 1 (1947) Registraasje NX37602 De Hughes H-4 Hercules, mei de bynamme Spruce Goose ('Fjurrenhouten Goes'), is in fleanboat ûntwurpen en boud troch Howard Hughes syn Hughes Aircraft company. It wie ornearre foar transatlantysk ferfier yn de Twadde Wrâldoarloch, mar it wie net op tiid klear.
De fleanboat waard foar it grutste part makke fan hout, lykwols nettsjinsteande syn bynamme fan bjirkehout, om aluminium te besparjen. De earste en iennige flecht dy't it tastel makke wie op 2 novimber 1947. It wie it grutste tastel dat oant doe ta boud waard en oant de dei fan hjoed is de H-4 Hercules it fleantúch mei de grutste fleugelspanwiidte dat ea flein hat.
De Spuce Goose wie jierrenlang te besjen yn Long Beach, njonken de RMS Queen Mary, en bedarre lang om let yn McMinnville, Oregon. It heart dêr no ta de samling fan it Evergreen Aviation Museum.
Spesifikaasjes fabrikant: Hughes Aircraft Company kapasiteit: 18 bemanningleden, oant 750 passazjiers lingte: 66,74 m spanwiidte: 97,51 m hichte: 25,15 m gewicht leech: 122.500 kg fleugeloerflak: 1.061,80 m² maks. startgewicht: 181.500 kg motoren: Acht Pratt & Whitney R-4360-4A 28 silinderstjermotoren fan 2.240 kW (3.040 HK) it stik krúsfaasje: 320 km/o maks. faasje (pland): 378 km/o op seenivo maks. fleanberik: 4.827 km tal makke: 1
Formaat ferlike mei oare fleantugen left|thumb|300px|Grutte ferlike: kaky: Spruce Goose ljochtgrien: Antonov An-225 ljochtrôze: Airbus A380 ljochtblau: Boeing 747-8
Oare grutte fleanboaten Boeing 314 Dornier Do X Dornier Do 214 Saunders-Roe Princess
Kategory:Fleanboat Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Amerikaanske transportfleanmasine Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947