Hendrikus Abraham Ytsen (Henk) Wolf, (Utert, 25 febrewaris 1973) is taalkundige.

Publikaasjes Hy publisearret oer de relaasje tusken syntaksis en sosjolinguïstyk, oer wurdfolchoarder yn it Frysk, taalferoaring en ferskate oare syntaktyske ûnderwerpen. Wolf wurket dêrneist as kollumnist. Hy publisearret ûnder oare yn it Frysk Deiblêd, Pompeblêden en Doar.

Wolf skriuwt út en troch yn it Noardfrysk. In part fan syn wurk yn dy taal is werom te finen op syn webside skriuwsels.net. Ek hat er meiwurke oan de learmetoade Snååk Frasch, dat troch de Fryske Akademy en de Afûk útjûn is. Dy learmetoade omfiemet ien kursusboek en ien wurdlist Frysk/Noardfrysk en oarsom.

Ungemak Op 5 april 2015 ried Wolf yn syn Jeep fanút Aldegea by Garyp lâns, doe't der in merkel troch syn foarrút fleach en him mei de snaffel of ien fan 'e poaten yn it rjochtereach ferwûne. Hy hie lokkigernôch noch de tsjintwurdichheid fan geast om 'e auto útrôlje te litten. Nei't foarbygongers in ambulânse skille hiene dy't him nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht, waarden by in operaasje fearkes en glêssplinters út it each helle. Nei noch in operaasje yn it akademysk sikehûs yn Grins krige Wolf te hearren dat er foargoed blyn wêze soe yn syn rjochtereach. In moanne letter begûn er lykwols wer ljocht en kleurflakken te sjen, mei't syn netflues út himsels begûn op te betterjen. De dokters stiene foar in riedsel en neamden it in medysk wûnder. "Bizar, jong," sei Wolf sels yn in fraachpetear mei Asing Walthaus fan 'e Ljouwerter Krante, "Sa skerp as myn linkereach sil it net mear wurde, en myn rjochtereach hat muoite mei it waarnimmen fan 'e kleur grien." Wolf hat no in kontaktlins fan +14, en moat bûtendoar in sinnebril op hawwe om mooglike UV-skea foar te kommen.Walthaus, Asing, Bijna blind gemaakt door meerkoet, yn: de Ljouwerter Krante, 5 augustus 2015. Hy skreau oer it foarfal it Nederlânsktalige boek Een meerkoet in mijn oog.

Wurk 2005 – De Fizioenen fan Mary (oersetting fan Dean Koontz, The Vision) 2006 – Youmir, Soan fan in Túnslang 2006 – Wûnderaardichheden 2016 - Een meerkoet in mijn oog 2018 - Basisboek syntaxis

Keppelingen om utens Henk Wolf op Sirkwy Henk Wolf skriuwt geregeldwei in artikel op it webstee neerlandistiek.nl

Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Skriuwer yn it Noardfrysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1973