thumb|Marten Sikkema en Klaske Couperus (Lollum, 1943) Marten Sikkema, pseudonym fan Govert Alettinus Gezelle Meerburg (Utert 10 desimber 1918 — Feandam, 2 maaie 2005) wie in Fryskstalige dichter, skriuwer en oersetter. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er ûnderdûker ûnder de namme Marten Sikkema.
Libben Hy wie fan 1947—1952 en fan 1955—1960 redakteur fan it literêre moanneblêd De Tsjerne en fan 1958—1960 fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel. Fan dy lêste wie hy ek mei-oprjochter. Yn 1952 waard er fan 't bêd reage troch de Binnenlânske Feilichheidstsjinst BVD yn ferbân mei de rebûlje yn Ljouwert it jier dêrfoar (Kneppelfreed).
Op 13 oktober 1961 krige Sikkema yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar in boek, yn it Frysk en it Nederlânsk, oer syn freon de keunstskilder Meinte Walta.
Koarte ferhalen Sikkema publisearre yn ferskillende tydskriften koarte ferhalen, dêr't in oantal fan bondele waard: De slach forlern (1954) De grize oer de grouwe (1958).
Dichtbondels Stjerrerein (1946) Swart en Wyt (1946) Skaedbylden (1951) Seinen (1959).
Oersettingen Poëzij Út it Sweedsk: Noarderljocht (1953) Út it Noarsk: yn it tydskrift De Tsjerne (1956) Út it Sineesk: 'De jaden fluit' (1969) (spesjaal nûmer fan it tydskrift De Strikel) út it Ingelsk: The Ballad of Reading Gaol fan Oscar Wilde (1953) út it Frânsk: û.o. François Villon (sân balladen), Charles d'Orléans, Charles Baudelaire en Jean Moréas út it Dútsk: û.o. Rainer Maria Rilke, Georg Heym, Jakob van Hoddis en in soad fan Erich Fried út it Oekraynsk: Lesja Oekrajinka en Vasyl Symonenko oare oersettingen yn ferskate blêden.
Romans Út it Sweedsk: de roman Mälarpirater fan Sigfrid Siwerts (Marpiraten, 1955).
Toanielstikken Schiller: Wilhelm Tell K. en J. Čapek: Adam de Skepper Arthur Miller: De dea fan in hannelsreiziger M. Pagnol: De prinsesse fan de boarnen Kaj Munk: It Wurd William Somerset Maugham: Hillige gloede.
Berneboeken Grinzersk: in berneboek op rym fan Gré van der Veen mei printen fan Geert Schroeder: Fan Slynmarta en Tisdernet (1987).
Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2005