thumb|Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen, oprjochter fan it Nordfriisk Instituut, dy't de Fryske beweging yn Noard-Fryslân yn de nei-oarlochske perioade sterk karakterisearre.Ein Friese mit Ecken und Kanten Yn: Sylter Rundschau. 4 maaie 2012. en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930) Douwe Annes Tamminga (Winsum, 22 novimber 1909 - Ljouwert, 5 april 2002) wie in Frysk dichter, proazaskriuwer en oersetter.
Biografy Douwe Tamminga waard berne yn Winsum, mar groeide op yn Kystersyl dêr 't syn heit gernier wie. Tamminga voor het huis waar hij opgroeide, Tresoar Fierder studearjen lei yn syn fermidden doe net foar de hân en nei de legere skoalle moast er oan it wurk. Mar hy woe ûnderwizer wurde en op syn tweintichste gie er neist syn wurk nei de Normaalskoalle yn Frjentsjer. Yn 1933 helle er de ûnderwiisakte en yn it jier dêrnei slagge er foar it eksamen Fryske taal. Mar yn de krisisjierren fûn er gjin baan as ûnderwizer en hy folge oan in Deenske Folkshegeskoalle in winterkursus. Werom yn Nederlân waard er lieder yn wurkkampen foar jonge wurkleazen, yn 1935 yn Ede en yn 1939 yn wurkkamp Elfbergen yn Gaasterlân. Hy krewearre foar in Fryske folkshegeskoalle en rjochte mei twa oaren yn 1929 de stichting Fryske Folkshegeskoalle op. It inisjatyf late ta de Folkshegeskoalle Schylgeralân yn it Hoarnske bosk op Skylge, dy 't yn 1948 útein sette. Maarten van de Linde en Johan Frieswijk, De volkshogeschool in Nederland, 1925-2010 (Hilfertsom 2013) s. 130, 131
Yn 1942 koe er yn Snits oan de slach as dosint Nederlânsk en Frysk by de Rykslânbouwinterskoalle en fan 1948 ôf ek oan de Ryks-HBS.
Tusken 1946 en 1968 wurke er mei oan it literêre tydskrift De Tsjerne. Tamminga wie lange tyd ferbûn oan de Fryske Akademy wêr't er meiwurke oan it Frysk Wurdboek. Hy hat wurk fan Hans Christian Andersen, Edgar Allen Poe en Dylan Thomas nei it Frysk oersetten. Hy hat in soad dichtbondels skreaun, wêrfan't Yn memoriam, wijd oan syn ferstoarne soan, de bekendste is. Dy bondel waard yn 1975 oersetten yn it Nederlânsk troch Theun de Vries. Mei Ype Poortinga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.
Prizen 1957 - Gysbert Jabikspriis foar Balladen 1977: Winner fan de 'romanpriisfraag foar debutanten' fan it 'Frysk útjefte Fûns' tegearre mei 'It Skriuwersboun' foar de histoaryske roman Frjemdfolk op Barrahiem' 1986 - Piter Jellespriis foar De Boumaster fan de Aldehou 1990 - Dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting yn it Nederlânsk fan de gedichten fan Gysbert Jabiks.
Bibliografy
Eigen wurk 1939 - Brandaris 1942 - Balladen en lieten 1942 - It liet fen de Wylde Mier 1943 - It griene jier 1945 - Nije gedichten 1945 - Weitsrop 1948 - Styl en stavering 1950 - De Hogerhuis-saek 1954 - God wol it 1956 - Balladen 1956 - Hwa? Hwat? Hwerre? 1963-1973 - Op 'e taelhelling 1968 - Yn memoriam 1969 - Mei fleur en faesje 1971 - Forkearspsalm 1973 - Dagen fan heil 1973 - Tsien psalmen 1978 - Frjemdfolk op Barrahiem 1979 - Stapstiennen 1981 - Fan hearren en sizzen 1985 - De boumaster fan de Aldehou 1985 - KantekersOersettings 1943 - Andersen's Folksforhalen en Mearkes (nei Hans Christian Andersen) 1949 - De Ballade fan de Raven (nei Edgar Allan Poe)
Tamminga-Piebenga-Fûns Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat er by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum.
Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen. Ek de Douwe Tammingapriis foar literêre debuten wurdt út it fûns betelle.
Fierder lêze - Trochpaden. Oantinkens fan D. A. Tamminga'' (1999)
Keppeling om utens https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea90 Ynformaasje oer Douwe Tamminga by Sirkwy] Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren - biografy
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Bibeloersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frisiast Kategory:Persoan berne yn Winsum (Fryslân) Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 2002 Kategory:Hans Christian Andersen