Yn Kanada is foar de ûnderskate provinsjes en territoaria in offisjeel systeem fan postale ôfkoartings yn gebrûk, wêrby't alle 10 provinsjes en 3 territoaria in eigen twaletterige koade tawiisd krigen hawwe. Dat systeem hat de ynkonsekwinte oantsjuttings dy't oant yn 'e 1990-er jierren brûkt waarden, ferfongen. De standertkoades wurde benammen brûkt foar post, mar ek wol as tafoeging yn alderhanne teksten om plakken mei gelikense nammen yn ferskillende provinsjes faninoar te ûnderskieden. It grutte foardiel fan dit nije systeem foar de Kanadeeske posterijen is dat it automatisearre sortearring mooglik makke hat. By it gearstallen fan it systeem hat men derfoar soarge dat der gjin oerlaping ûntstie mei de ôfkoartings dy't yn gebrûk binne foar Amerikaanske steaten of foar oare oangrinzgjende gebieten, lykas Grienlân.

Kanadeeske prov./terr. ôfkoarting Alberta AB Britsk-Kolumbia BC Kebek QC Manitoba MB Nij-Breunswyk NB Nijfûnlân en Labrador NL Nij-Skotlân NS Kanadeeske prov./terr. ôfkoarting Noardwestlike Territoaria NT Nûnavût NU Ontario ON Prins Edwardeilân PE Saskatchewan SK Yukon YT

De ôfkoartings binne oer it algemien frij dúdlik. Allinne YT foar Yukon is miskien wat riedselich, mar dat stiet foar "Yukon Territoarium", dat yn it ferline de offisjele namme wie. De ôfkoarting NL foar Nijfûnlân en Labrador is ynfierd yn 2002; foartiid waarden twa ferskillende offisjele ôfkoartings brûkt: NF foar Nijfûnlân en LB foar Labrador.

Sjoch ek List fan postale ôfkoartings foar Amerikaanske steaten List fan postale ôfkoartings foar Australyske steaten en territoaria

Kategory:Provinsje of territoarium fan Kanada Kategory:Postaal systeem