Fokker T.II 275px Rol Bomme- en torpedobommesmiter Makker Fokker Earste flecht 1921 Yn tsjinst 1922 Ut tsjinst om 1926 Tal makke 3 Brûkers Amerikaanske Marine thumb|275px|De Amerikaanske ferzje FT-1 yn 1923

De Fokker T-II wie it earste ûntwerp út de T-rige dy't feitlik boud waard. Der waard in bommesmiter- en torpedobommesmiter ferzje betocht. 1921 waarden trije tastellen troch de Amerikaanske Marine besteld, dy't hja fergeliken mei besibbe Ingelske en Amerikaanske ûntwerpen. Ein 1921 waarden sy yn Veere boud. Generaal Billy Mitchell brocht yn dy suorje in besite oan Europa en besocht ek it Fokkerfabryk om him dêr foarljochtsje te litten oer de nijste ûntjouwings. Ien fan dy syn piloaten teste de T-II en fernaam doe dat de fleanmasine frijwat sleau op de roeren reägearre. Fokker makke doe de sturt in meter koarter en dat holp. De trije tastellen waarden 1922 levere oan de U.S. Navy en waarden oantsjut mei F.T.1, de ôfkoarting fan Fokker Torpedo 1. De tastellen waarden mei fiif oaren test tusken oktober 1922 en maaie 1923. Lykwols kaam de Douglas DT-1 as bêste nei foaren. De F.T.1’s waarden dêrnei noch wol by de tiid brocht en oantsjut as F.T.2. Yn 1926 waarden de tastellen út tsjinst naam.

Farianten T.II Fokker's torpedobommesiter by de US Navy oantsjut as Fokker FT FT-1 De ferzje fan de T.II ôflevere oan de US Navy. FT-2 Oanpaste ferzje fan de US Navy.

Spesifikaasjes Algemien Bemanning: 2 Lingte: 15,56 m Spanwiidte: 19,83 m Gewicht: 3.314 kg Oandriuwing 1 Liberty 12A wetterkuolle V-12 motor fan 400 hk mei twa propellers Maks. faasje: 167 km/o Bewapening 1 Masinegewear efter yn de cockpit 1 Torpedo

Kategory:Nederlânske bommesmiter Kategory:Nederlânske wetterfleanmasine Kategory:Fokker Kategory:Yntroduksje út 1921