Bjärred is in plak yn 'e gemeente Lomma yn it lânskip Skåne yn Sweden.
Namme De namme Bjärred is ôflaat fan in beskate foarm fan it wurd berch (ferlykje ek it Alddeensk: biærgh, of fierder it Skânsk: bjär). Nei alle gedachten ferwiist dit nei de ferhege lizzing fan it plak, sjoen fanôf de Sont.
Skiednis It plak ûntwikkele him tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw ta in baaiplak foar Lund. De oanlis fan in alve kilometer lang spoar tusken Lund en Bjärred begûn yn 1899. Op 27 july 1901 waard it spoar iepensteld en eksploitearre mei steamlokomotiven. Hoewol't it spoar yn it earstoan elektrifisearre wurde soe, waard fanwegen de hege kosten keazen foar de steamtechnology; lang om let waard it spoar yn 1916 dochs noch elektrifisearre. It trajekt koe lykwols net út en waard op 15 juny 1939 sletten. It spoar is sûnt 1940 ferdwûn, mar it stasjon fan Bjärred bleau bewarre en dêr sit hjoed-de-dei in restaurant yn.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1960 1965 1970 1975 1980 1990 1995 2000 Ynwennertal 864 1.754 3.477 6.635 8.446 8.344 8.130 8.374Oerflak (ha) ... ... ... ... ... 429 432 433Jier 2005 2010 2015 2020 Ynwennertal 8.663 9.542 9.844 9.916 Oerflak (ha) 439 479 507 510
Kategory:Plak yn Sweden