Iduna is een poppoadium yn Drachten. De grutte seal hat in kapasiteit fan 600 persoanen. Iduna is ien fan de 39 Nederlânse kearnpoadiums en ûnderdiel fan wolwêzensorganisaasje 'Maatschappelijke Onderneming Smallingerland' (M.O.S.). Iduna sit oan de Oliemolenstraat 16 yn Drachten.

Yn 2014 wie der in ferbou en útwreiding fan it gebou.

Skiednis Iduna sette útein yn maart 1983 yn in lytse pleats oan de Noarderdwersfeart yn Drachten; it wie doe in jongereinsintrum. De funksje fan Iduna wie destiids moetingssintrum foar de jongerein, mei frijwilligers en meiwurkers dy't út de jongerenproblematyk wei tochten. Tsien jier letter ferhuze Iduna nei de Oliemolenstraat. Iduna ûntjoech him dêr hieltyd mear ta in poppoadium mei in ferskaat oan aktiviteiten.Geschiedenis poppodium Iduna 3voor12, 17 desimber 2004

Sûnt de jierren 2000 binne der alle jierren mear as 50 produksjes fan nasjonale en ynternasjonale artysten. It oanbod is breed: teater, film en fansels muzyk yn allerhanne stilen. Teffens kin de sealen foar eigen produksjes hierd wurde; der binne twa oefenromtes foar begjinnende bands en dj's en der is in ytkafee.

Eveneminten Yn 2009 organisearre Iduna syn earste bûtendoarfestival, 'Dencity'. Dat wie op it Kiryat Onoplein. Letter ek op oare lokaasjes en fan 2012 ôf yn it Thalenpark, dat efter it poppoadium leit. Yn de rin fan de jierren hat Iduna ek 'Popcity' en de 'Jûn fan Peije' ûntwikkele.Poppodium stopt met buitenfestival In de Tuin Rondom Drachten, 13 maart 2020

Yn de rin fan de tiid hawwe in protte bekende bands yn Iduna optreden. Yn de resinte skiednis wiene dat ûnder oaren Bill Wyman (eks-Rolling Stone), Ignite, Kayak, New Cool Collective, Pioneers of Love, The Adicts, Van Dik Hout en Vanderbuyst.

Keppeling om utens Website Iduna

Kategory:Poppoadium yn Fryslân Kategory:Bouwurk yn Drachten Kategory:Bouwurk yn Smellingerlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1983 Kategory:Bouwurk út de 20e iuw