thumb|right|Maximilian Schell yn 2011 Maximilian Schell (Wenen, 8 desimber 1930 - Innsbruck, 1 febrewaris 2014) wie in Eastenryksk-Switsersk akteur, filmregisseur en skriuwer.
Maximilian Schell waard berne yn Wenen en opbrocht yn Zürich, dêr't de húshâlding hinne gien wie yn 1938 nei de Anschluss fan Eastenryk by Nazy-Dútslân. Hy wie in soan fan skriuwer, dichter en apteker Ferdinand Hermann Schell en aktrise Margarete Schell Noé. Syn broer Carl en susters Maria en Immy wiene ek akteurs. Schell studearre filosofy, keunstskiednis en myzyk- en teäterwittenskippen oan de universiteit fan Zürich en ek yn Basel en München. Schell fuotballe by Grasshopper Club Zürich, dêr't er oant syn dea ta fan fan bliuwe soe. Yn 1952 hat er noch oan it konservatoarium yn Bern studearre.
Sûnt 1955 wie er yn films te sjen. Syn earste filmrol dy't bekend waard wie yn The Young Lions út 1958. Foar syn rol yn de film Judgment at Nuremberg (1961) krige er in Academy Award foar Bêste Akteur. Fierders spile er karakterrollen op toaniel, wie er telefyzje akteur en keunstskilder.
Schell wie befreone mei skriuwer en lettere presidint fan Tsjechje Václav Havel.
Filmografy (kar-út) 1999:Joan of Arc 1998:Deep Impact 1998:Vampires 1998:Left Luggage 1993:Candles in the Dark 1990:The Freshman 1979:The Black Hole 1977:A Bridge Too Far 1977:Cross of Iron 1974:The Odessa File 1964:Topkapi 1961:Judgment at Nuremberg 1958:The Young Lions
Keppeling om utens Schell yn de IMDb
Kategory:Eastenryksk filmakteur Kategory:Eastenryksk toanielakteur Kategory:Eastenryksk senarioskriuwer Kategory:Eastenryksk filmregisseur Kategory:Eastenryksk filmprodusint Kategory:Switsersk filmakteur Kategory:Switsersk toanielakteur Kategory:Switsersk senarioskriuwer Kategory:Switsersk filmregisseur Kategory:Switsersk filmprodusint Kategory:Oscar-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Eastenryksk persoan fan Switserdútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2014