SkeveningenFan Vladivostok nei Skeveningen, op Omrop Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Scheveningen) is in baaiplak, earder fiskersplak en stedsdiel fan De Haach.

Skeveningen wie nea in selsstannige gemeente, mar it hat wol in eigen wapen, offisjeel erkend troch de gemeenteried fan De Haach (foarstel 136 fan 23 maart 1984). Sels yn 'e Midsiuwen hearde it ta itselde bestjoerlike gebiet as De Haach.

Skiednis De ierste fermelding fan 'e namme Skeveningen giet werom op om-en-de-by it jier 1280. De earste ynwenners wiene mooglik Angelsaksen. Oare skiedkundigen tinke earder oan in Skandinavyske oarsprong. Fiskerij wie de wichtichste boarne fan ynkomsten. thumb|left|Slach by Skeveningen. De Slach by Skeveningen waard op 10 augustus 1653 foar de kust fan it doarp fochten tusken de Ingelske en Hollânske float. Tûzenen minsken sammelen har op it strân om te sjen nei de slach. Yn 1660 pikte it haadskip fan Montagu de Ingelske kening op yn Skeveningen om de Ingelske Restauraasje te foltôgjen.

Yn 1663 krige Skeveningen in wei nei it oanbuorjende De Haach (hjoeddeiske namme: Scheveningseweg). thumb|left|Bomskûten en toerisme op it Skeveningske strân. Yn 1470 ferneatige in swiere stoarm de tsjerke en de helte fan 'e huzen. It doarp waard op 'e nij troch stoarmen troffen yn 1570, 1775, 1825, 1860, 1881 en 1894. Nei de lêste stoarm namen de doarpsbewenners it beslút in haven oan te lizzen. Oant dy tiid hiene de fiskersboatsjes in flakke boaiem (bomskûten) en waarden se it strân oplutsen. Tsjin om-en-by 1870 wiene der mear as 150 fan sokke boaten yn gebrûk. Sadree't de haven yn 1904 ree wie, ferfongen modernere skippen de bomskûten.

Op 30 novimber 1813 kaam prins Willem Freark fan Oranje, de lettere kening Willem I, op it strân fan Skeveningen oan lân om de macht yn Nederlân oer te nimmen neidat de Frânsen ferdreaun wiene. Dat barde neidat syn heit, steedhâlder Willem V yn 1795 fanôf itselde plak foar de Frânsen flechtsje moast. File:Strand bij Scheveningen, ca. 1825 Gezigt van het strand en de duinen te Scheveningen en Voorstelling van het badhuis van den heer Pronk Vue du rivage et des dunes a Scheveninge et representation des Bains appartement à , BI-B-FM-116-27.jpg|thumb|left|It badhûs fan Jacob Pronk.]] Yn 1818 iepene Jacob Pronk in houten gebou yn 'e dunen by de see. It houten gebou hie in ûntfangstromte en fjouwer keamers mei in tobbe dêr't minsken werstelle koene fan in sykte. Pronk hie ek twa wetterkarren. Dat markearre it begjin fan Skeveningen as baaiplak. Sûnt dy tiid hat Skeveningen him as toeristysk plak foar fakânsjegongers út hiel Jeropa ûntwikkele, benammen út Dútslân. It gebou waard yn 'e hjerst opbrutsen en opslein en yn 'e maitiid wer opboud.

It Kurhaus It hotel Kurhaus waard iepene yn 1886. It doarp waard troch de iuwen hinne al besocht troch ferskate Nederlânske keunstners om de op it strân lizzende bomskûten of fiskers oan it wurk te skilderjen. Bekende skilders dy't it doarp fêstleine binne ûnder oaren Adriaen van de Velde, Simon de Vlieger en Hendrik Willem Mesdag, waans grutte panorama fan 14 meter heech en 120 meter breed it eartiidske Skeveningen út 1881 bewarre hat.

De Ynternasjonale Reedridersuny waard yn 1892 oprjochte yn Skeveningen.

Twadde Wrâldkriich Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de bûlevard en grutte dielen fan Skeveningen hermetysk sluten foar bewenners. Wa't der toch kaam, rûn grut gefaar. De Dútske besetter boude in ferdigingsliny oan 'e kust en dêrom moasten tûzenen Skeveningers har hûs ferlitte. In soad huzen, strjitten en ek de âlde pier waarden ôfbrutsen. thumb|left|Oranjehotel (1950). Yn Skeveningen stie ek it Oranjehotel, dêr't de nazy's tûzenen fersetsminsken en politike finzenen finzen setten. In soad fan harren waarden hjir tamtearre of wachten dêre op har eksekúsje. Hjoed-de-dei is it in nasjonaal monumint en museum.

Der bestiet anekdoatysk bewiis dat de namme Skeveningen yn 'e Twadde Wrâldkriich brûkt waard as in sjibbolet om Dútske spionnen te identifisearjen. Foar Dútsktaligen is de kombinaasje "sch" oan it begjin lestich út te sprekken. Hja sizze al gau fan Sjevingen ynstee fan de hurde sch-klank yn 'e namme te brûken.

Veronica-skip, Mebo II en Norderney Sûnt 21 april 1960 stjoerde it piratestasjon Radio Veronica syn programma's fanút in ankerplak op 'e Noardsee út, likernôch seis km út de kust fan Skeveningen wei, oarspronklik ûnder de namme Vrije Radio Omroep Nederland (VRON). It stasjon krige yn 1970 fersterking fan Radio Noordzee Internationaal en ein 1972 troch it op 'e nij útein sette Radio Caroline. Doe't Nederlân op 1 septimber 1974 it Ferdrach fan Straasburch ratifisearre, frege Veronica in wetlike status oan en waard it de VOO, ferhuze Caroline syn ankerplak nei de Ingelske kust en hold RNI op te bestean. Bekende foarfallen yn dizze perioade wiene ûnder mear it strânjen fan it Veronica-skip, de Norderney, dat yn in stoarm syn anker ferlear en op 2 april 1973 op it strân fan Skeveningen telâne kaam, en in brânbomoanslach op it RNI-skip, de Mebo II, op 15 maaie 1971. thumb|left|It op it strân lizzende radioskip Veronica. Sûnt de jierren 1970 is de befolking fan it oarspronklike Skeveningen feroare om't de fiskersyndustry tebekrûn en der oare bewenners kamen. De measte huzen fan fiskers, kapteins en trawlereigners waarden ôfbrutsen. Guon binne bewarre bleaun en wurde troch de oerheid beskerme, wêrûnder guon fan 'e oarspronklike 'hofkes', yn in ôffrede gebiet mei lytse rigehuzen oan wjerskanten.

Slobodan Milošević, de tredde presidint fan Servje en Montenegro, waard op 11 maart 2006 dea oantroffen yn syn sel yn it detinsjesintrum fan it Joegoslaavjetribunaal yn Skeveningen.

Identiteit Skeveningen hat as fiskersdoarp altiten in sterke eigen identiteit hân, ek al foel it bestjoerlik ûnder De Haach. Sa hie it in eigen fuotbalklub dy't yn 'e heechste Nederlânske difyzje spile (namme: "Scheveningen Holland Sport"). Yn 'e rin fan 'e twadde helte fan 'e 20e iuw waard dizze klub twongen om te fúsearjen mei ADO Den Haag. thumb|left|Fiskersfroulje dy't netten reparearje yn 'e jierren 1950. Skeveningen hie ek in eigen dracht. De manljusdracht ferdwûn al yn 'e jierren 1930. By froulju wie it oant nei de Twadde Wrâldkriich noch gewoan om de Skeveninger dracht te dragen. Dêrnei rekke de dracht stadichoan út it strjitbyld. Yn it jier 2000 droegen noch likernôch 85 froulju de dracht, dêrnei is de dracht folslein út it strjitbyld ferdwûn. Allinnich by folkloaristyske dagen lykas Vlaggetjesdag wurdt de dracht noch droegen.

It doarp hat ek in eigen dialekt, dat lykwols allinnich noch troch âldere minsken goed praat wurdt.

Religieus hat it doarp sûnt de 16e iuw altiten in rjochtsinnich protestantsk karakter hân. De iennige reformatoaryske basisskoalle fan De Haach stiet yn Skeveningen, de Eben-Haëzerskoalle. Tradisjoneel wie it grifformearde folksdiel sterk fertsjintwurdige yn Skeveningen. It doarp telt in grut tal protestantske tsjerken.

Wiken Skeveningen bestiet út de lytsere wiken: Renbaankwartier Belgisch Park Duinoord Duindorp Geuzen- en Statenkwartier Havenkertier Oostduinen Scheveningen-Dorp (sintrum) Van Stolkpark Westbroekpark en Duttendel Zorgvliet

Toerisme en eveminten thumb|260px|Nijjiersdûk. Op 'e earste dei fan it jier wurdt yn Skeveningen de Nijjiersdûk organisearre. Vlaggetjesdag wurdt yn 'e maitiid fierd as de nije hearring feild wurdt. Simmerdeis wurdt der regelmittich fjoerwurk ôfstutsen. Tusken de Twadde Krystdei en Nijjiersdei stride Duindorp en Skeveningen-doarp om de grutste bult fan pallets te bouwen. De bult wurdt fuort nei it Aldjier yn 'e brân stutsen.

It besjen wurdich thumb|260px|De pier. De pier. Madurodam. De Alde tsjerke fan Skevingen is it âldste bouwurk fan it doarp. De tsjerke waard boud yn 'e 15e iuw en is in ryksmonument. Musea Mueum Panorama Mesdag Museum Scheveningen Museum Bylden oan See Muzee Scheveningen Museumskip Hr. Ms. Mercuur

Berne yn Skeveningen Philip Bloemendal (1918-1999), nijslêzer, presintator fan Polygoon-sjoernaal Cees den Heyer (1942), teolooch Sugar Lee Hooper (1948-2010), sjongster Frédérique Huydts (1967-2006), aktrise Cornelis Jol alias 'Houtebeen' (1597-1641), admiraal en piraat Wim Kan (1911-1983), kabaretier Jan Pronk (1940), PvdA-politikus Jean Pierre Rawie (1951), dichter en oersetter

Keppelings om utens Skeveningen-doarp Scheveningsnieuws.com Deistich nijs út Skeveningen

Kategory:Plak yn De Haach