Al Gore (folút: Albert Arnold Gore jr.; Washington, D.C., 31 maart 1948) is in Amerikaansk âld-politikus, skriuwer, miljeu-aktivist en heechlearaar fan mingd Ulstersk en Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf. Hy begûn syn karriêre as sjoernalist en oarlochskorrespondint, fertsjintwurdige syn thússteat Tennessee yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en de Amerikaanske Senaat, wie fan 1993 oant 2001 de 45ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten ûnder Bill Clinton, en besocht by de ferkiezings fan 2000 as kandidaat foar de Demokratyske Partij it presidintskip te bemachtigjen, mar ferlear it úteinlik fan syn Republikeinske tsjinstanner George W. Bush nei in twifelige episoade mei ferskate wertellingen yn 'e steat Floarida.
Nei't syn polityk wurkpaad op dy manear op 'e non rûn wie, begûn er in nije karriêre as sakeman en skreau er ferskate bestsellers op it mêd fan polityk en miljeu, wêrûnder it ferneamde An Inconvenient Truth. Hy joech de wrâld yn 't rûn lêzings oer klimaatferoaring en lobbyde sûnder ein yn Washington om 'e Amerikaanske polityk fan 'e reäliteit fan dat probleem te oertsjûgjen en oan te setten ta it nimmen fan foechsume maatregels. Yn 2007 waard him foar syn krewearjen op dat mêd de Nobelpriis foar de Frede takend.
Libben Jonkheid en oplieding Al Gore waard yn 1948 yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington berne as de jongste fan twa bern yn it gesin fan Albert Gore sr., op dat stuit in Demokratysk lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar de steat Tennessee, dy't deselde steat letter as senator tsjinje soe, en Pauline LaFon, ien fan 'e earste froulju dy't ôfstudearre oan 'e rjochteskoalle fan 'e Vanderbilt Universiteit. Gore stammet foar in part ôf fan Ulsterske (d.w.s Noardiersk protestantske) ymmigranten dy't har mids santjinde iuw yn Firginia fêstigen en nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch nei Tennessee ta teagen. Syn âldere suster Nancy LaFon Gore, dy't berne waard yn 1938, stoar yn 1984 oan longkanker.
Gore groeide fierhinne op yn Washington, D.C., dêr't syn âldelju wennen fanwegen syn heite politike karriêre, en dêr't er nei de legere skoalle gie. De simmerfakânsje brocht er lykwols troch op syn heite pleats yn Carthage, dêr't kij holden en tabak ferboud waard. Fan 1956 oant 1965 gied er nei de eksklusive jongesskoalle St. Albans, yn Washington, dêr't er oanfierder wie fan it Amerikaansk footballtiim, en fierders oan diskuswerpen en basketbal die. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, sette er útein mei in stúdzje oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, te Cambridge, yn Massachusetts, dêr't û.m. húsgenoat wie fan 'e lettere Hollywood-stjer Tommy Lee Jones. Earst wied er fan doel om Ingelske taal- en letterkunde te studearjen, mei't er it yn 'e holle hie en wurdt romanskriuwer, mar úteinlik seach er dêrfan ôf, en besleat er ynstee in oplieding bestjoerskunde te dwaan. Nei't it skynt brocht er syn earste jier oan Harvard fral troch mei tillefyzjesjen, biljerten en it smoken fan marihûana, mar it jiers dêrnei skerpe er him op en úteinlik studearre er yn 1969 cum laude ôf.
Húshâlding Yn 1965 wie Gore op 'e prom (it bal oan 'e ein fan 'e middelbere skoalle) fan St. Albans yn 'e kunde kommen mei Mary Elizabeth Aitcheson, byneamd "Tipper", dy't op 'e deunby leine Sint-Agnesskoalle yn Alexandria siet. Se rekken fereale, en hja folge him nei Massachusetts ta, dêr't se in stúdzje folge oan 'e Boston University yn Boston. Koart nei't se dêr yn 1970 ôfstudearre wie, trouden Gore en sy yn Washington. Se krigen fjouwer bern: Karenna Gore Schiff (1973), Kristin Carlson Gore (1977), Sarah LaFon Gore (1979) en Albert Gore III (1982).
Harren jongste bern, Albert Gore III, waard yn april 1989 by it oerstekken fan in strjitte skept troch in auto, en lei in moanne lang yn kritike tastân yn it sikehûs. Begjin juny 2010 kundigen de Gores yn in e-mail oan harren freonen oan dat se nei "lange en soarchfâldige oerweaging" yn mienskiplik lykfinen besletten hiene om útinoar te gean. Hja binne lykwols befreone bleaun, en hoewol't se no mei oaren omgeane en net fan doel binne om wer byinoar te kommen, bringe noch geregeldwei tegearre fakânsjes troch mei de bern.
Militêre tsjinst en sjoernalistike karriêre
Nei't er yn 1969 ôfstudearre wie, moast Gore yn tsjinst, mei't ûnder de Fjetnamoarloch yn 'e Feriene Steaten de tsjinstplicht fan krêft wie. De measten fan syn mei-studinten oan Harvard ûntdoeken dy op in ferskaat oan manearen, en Gore sels hie der ek net folle sin oan om nei Fjetnam ta, nammentste mear om't er persoanlik in grut tsjinstanner fan 'e oarloch wie, mar hy fûn dat er it oan syn lân ferplichte wie om te gean, en fierders moast syn heit yn 1970 werkeazen wurde, en liek it him ta dat er syn heit datoangeande it bêste helpe koe troch him frijwillich by it leger te jaan.
Sadwaande gied er yn augustus 1969 yn tsjinst, mar nei't er syn basistraining trochrûn hie, duorre noch mear as in jier foar't er útstjoerd waard nei Fjetnam. Gore sjocht dêr noch altyd de hân fan 'e regearing-Nixon yn, en fermoedet dat men benaud wie dat him wat oerkomme soe, en dat syn heit dan op in tij fan meilibben de ferkiezings winne soe. Pas begjin jannewaris 1971, nei't syn heit syn sit yn 'e Senaat ferlern hie, krige er oarders om nei Fjetnam ta. Yn 'e tuskentiid hied er stasjonearre west yn Fort Rucker, yn Alabama, dêr't er as sjoernalist wurksum wie by de legerkrante The Castle Courier, en sadwaande wurke er yn Fjetnam as oarlochskorrespondint njonken syn reguliere tsjinst as lid fan 'e Amerikaanske 20ste Sjenybrigade yn Biên Hòa. Yn maaie 1971 siet syn tsjinstplicht derop en waard him earfol ûntslach ferliend.
Nei't er weromkaam út Fjetnam, folge Gore fan 1971 oant 1972 in teologyske stúdzje oan 'e Vanderbilt Universiteit yn Nashville, op in stúdzjebeurs foar lju dy't in sekuliere karriêre yn 't sin hiene. Dêrnjonken wied er fan 1971 ôf as ûndersykssjoernalist wurksum by de krante The Tennessean, wêrby't er ferskate korrupsjesaken behannele dêr't leden fan 'e gemeenterie fan Nashville by belutsen wiene. Yn twa ôfsûnderlike saken late dat ta de arrestaasje en berjochting fan in gemeenteriedslid. Yn 1974 naam er frij by de The Tennessean om in rjochte-oplieding te dwaan oan 'e Vanderbilt Universiteit, mar doe't yn 1976 ûnferwachts syn heite eardere sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen frijkaam, briek er hookstrooks syn stúdzje ôf om him dêr foar de Demokratyske Partij ferkiesber foar te stellen, in beslút dêr't er eltsenien mei oer it mad kaam, mar syn eigen frou noch it meast.
Iere politike karriêre Gore wie 28 jier doe't er yn 1976 foar it earst de polityk yngie en daliks de ferkiezings wûn. Hy waard werkeazen yn 1978, 1980 en 1982, dat hy siet fan 1977 oant 1985 yn it Hûs fan Offurdigen, en dêrnei fan 1985 oant 1993 yn 'e Senaat. Hy wenne en wurke yn Washington, D.C., mar de wykeinen brocht er stiiffêst yn Tennessee troch. Wat syn politike opfettings oangie, waard er beskôge as in tuskenbeiden man, dy't foar it rjocht op abortus wie, mar tsjin it útjaan fan federaal jild om abortussen te fergoedzjen. Hy stimde tsjin foarstellen dy't it wapenbesit beheine moasten, en wie in tsjinstanner fan homorjochten, mei't er yn 1981 oer homoseksualiteit sei: "Ik fyn dat it ferkeard is," en: "Ik sil net beare dat ik it begryp, mar it is net gewoan in oare normale manear fan libjen." Yn 1984 sei er dat er donaasjes foar syn kampanje wegerje soe as dy fan 'e homorjochtebeweging kamen, en foege dêr oan ta: Ik fyn dat it net gewoan in akseptabel alternatyf is dat ús maatskippij mar as sadanich befêstigje moat." Syn mienings op dit mêd ûndergiene fan 'e ein fan 'e jierren tachtich oant it begjin fan it nije milennium lykwols in stadige evolúsje ta nije ynsichten dy't lyk tsjin 'e oanhelle útspraken yngeane. Yn 2008 seid er: "Ik fyn dat homoseksuële manlju en froulju deselde rjochten hearre te hawwen as heteroseksuële manlju en froulju om kontrakten ôf te sluten, besykrjocht te hawwen yn it sikehûs en mei-inoar te trouwen."
As kongreslid en senator griep Gore fierders eltse mooglikheid oan om oandacht te freegjen foar syn hobbelhynke: it ynternet. Gore wie dêrfan al in pleitbesoarger doe't de namme "ynternet" noch net iens bestie, en in wrâldwiid kompjûtersysteem foar de flugge útwikseling fan gegevens noch mar in idee yn 'e holle fan in lyts groepke kompjûtergekken wie. Om 'e wurden fan 'e sjoernaliste Sarah Miles te brûken: "Foar't kompjûters te begripen wiene, lit stean seksy, wraksele Gore mei syn pokergesicht al om keunstmjittige yntelliginsje en glêsfezelnetwurken út te lizzen oan heal yn sliep fallende kollega's." In oare ûnderwerp dat Gore ier yn syn karriêre oppakte, wie klimaatferoaring. Al yn 1979 warskôge er foar it broeikaseffekt. Fierders besocht er yn 'e tachtiger jierren twaris de jildkraan ticht te draaien dy't Saddam Hoessein mei Amerikaanske stipe yn Irak yn it seal hold, mar beide kearen waard syn besykjen sabotearre troch de Republikeinske regearings-Reagan en -Bush.
By de presidintsferkiezings fan 1988 stelde Gore him ferkiesber foar de Demokratyske Partij, mar hy waard yn 'e foarferkiezings ferslein troch Michael Dukakis, dy't dêrnei de eigentlike ferkiezings ferlear oan 'e sittende Republikeinske fise-presidint George H.W. Bush. Yn 1992 skreau Gore syn earste boek, Earth in Balance, dat it earste boek fan in sittende senator wie dat de bestsellerlisten helle sûnt Profiles in Courage fan John F. Kennedy.
Fise-presidintskip Datselde jiers (1992) waard Gore troch de Demokratyske presidintskandidaat Bill Clinton frege om syn running mate te wurden, en Gore stimde dêryn ta. Hy wie in wat aparte fise-presidintskandidaat, mei't it foartiid yn 'e Amerikaanske polityk altyd wenst west hie om in running mate te kiezen dy't út in oar diel fan it lân kaam en der oare politike opfettings op nei hold as de presidintskandidaat sels. Mar Clinton en Gore kamen út oangrinzgjende steaten yn it Amerikaanske Suden, en tochten oer de measte dingen fierhinne gelyk. Likegoed waard er ien fan 'e súksesfolste fise-presidinten fan 'e lêste desennia.
Nei't se by de ferkiezings de Republikeinen George H.W. Bush en Dan Quayle en de ûnôfhinkliken Ross Perot en James Stockdale ferslein hiene, stelde Clinton en Gore in oerienkomst op fan twa siden, wêryn't se harren wurkrelaasje fêstleine. Clinton ferplichte him dêrby om geregeldwei mei Gore te oerlizzen en Gore by it beslútfoarmingsproses yn alle saken fan belang te belûken. Se ieten eltse wike in kear mei-inoar en praten eltse dei oer de tillefoan, en Gore ûntjoech him meitiid ta Clinton syn wichtichste adviseur (wat mar komselden it gefal is foar in Amerikaansk fise-presidint). Beliedsmjittich lei Gore him ûnder syn fise-presidintskip ta op it bestriden fan fergrieming, fraude en misbrûk fan oerheidsfinânsjes, wylst er teffens omtinken joech oan miljeubeskerming en ynformaasjetechnology. It wie fierhinne Gore syn ynset op dat lêste mêd dy't fan 1995 oant 2001 late ta de ynternethype.
De presidintsferkiezings fan 2000 Doe't Clinton syn beide terminen as presidint op 'e ein rûnen, wie it al ier dúdlik dat Gore by de ferkiezings fan 2000 de Demokratyske presidintskandidaat wêze soe. Hy snie himsels lykwols yn 1999 raar yn 'e fingers doe't er by in fraachpetear op CNN sei: "Under de jierren dat ik yn it Amerikaanske Kongres tsjinne haw, naam ik it inisjatyf by it skeppen fan it ynternet." Hy bedoelde fansels dat er it inisjatyf nommen hie by it skeppen fan wetjouwing dy't de tastânkomming fan it ynternet sa't dat no bestiet, mooglik makke, mar syn politike fijannen ferdraaiden syn útspraak as hied ûnrjochtlik beweard dat er it ynternet eigenhandich útfûn hie. Dat wie in ûnearlike, mar tige effektive taktyk, dy't Gore syn imago by in grut part fan 'e Amerikaanske befolking skansearre.