Auke Visser, better bekend as Auke de Sloper of "âldste hooligan fan de stêd" (Ljouwert, 29 septimber 1918 - dêre, 17 jannewaris 2014) wie in markant figuer út de haadstêd fan Fryslân. Hy hie in hannel yn âld izer en krige lanlike bekendheid troch syn optreden yn it tillefyzjeprogramma Man Bijt Hond, tegearre mei syn broer Jan, dy't yn 2008 ferstoar.
Auke de Sloper wie fanatyk oanhinger fan SC Cambuur en dêrfan krige hy syn oare bynamme.
Kategory:Frysk keapman Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2014 Kategory:Cambuur Ljouwert