The Chicks, earder en noch altyd better bekend as de Dixie Chicks, is in Amerikaanske countryband dy't ek muzyk út oare sjenres op syn namme brocht hat en dy't bestiet út trije leden: de susters Martie Erwin Maguire en Emily Erwin Robison en lead-sjongster Natalie Maines. De namme fan 'e band wie oarspronklik opmakke út Dixie, in oantsjutting foar it Amerikaanske Suden, en chick, in Amerikaansk-Ingelsk sprektaalwurd dat "fanke" betsjut. De namme soe sadwaande oerset wurde kinne as "Fammen út it Suden" of "Súdlike Fammen". En dat kloppet, want de bandleden komme allegear út it súdlike Teksas. De Dixie Chicks hiene oant 2012 13 Grammy Awards wûn, en binne sûnt 2013 de bêst ferkeapjende frouljusband en countryband fan Amearika.
Skiednis De band waard yn 1989 oprjochte yn it Teksaanske Dallas, en bestie oarspronklik út fjouwer leden (Maines kaam der pas yn 1995 by). De earste seis jier wiene de Dixie Chicks in echte bluegrass-band en hiene se net folle súkses. Se toerden troch Amearika om op te treden op 'e bluegrass-festivals en yn lytse sealen, sûnder dat se de belangstelling wisten te lûken fan in grut muzyklabel. Nei't ien bandlid ôfheakke wie, de lead-sjongster ferfongen wie, en se kwa repertwaar justjes mear opskood wiene nei de mainstream-countrymuzyk, krigen se al rillegau in grutte kliber fans, te begjinnen mei de hits út 1998 There's Your Trouble en Wide Open Spaces. Yn 'e jierren dêrnei ûntjoegen de Dixie Chicks harren ta ien fan 'e populêrste countrybands fan 'e Feriene Steaten, wêrby't se krekt as oare country-artysten (lykas Shania Twain en Taylor Swift) wat langer wat mear opskoden yn 'e rjochting fan 'e popmuzyk, al ferleagenen se de country nea hielendal.
Yn 2003 kamen de Dixie Chicks yn it nijs doe't Maines, tsien dagen foar de Amerikaanske ynfaazje fan Irak, by in konsert yn Londen sei: "Wy wolle dizze oarloch, dit geweld, net, en wy skamje ús dat de presidint fan 'e Feriene Steaten George W. Bush út Teksas komt." Dy útspraak waard troch de Ingelske fans mei lûd jûchhei ûntfongen, mar yn 'e Feriene Steaten kearde in grut part fan harren efterban him tsjin harren; konserten fan 'e Dixie Chicks waarden boykotte, op 'e radio en tillefyzje waarden se oanfallen troch konservative presintators, harren sponsor Lipton ferbriek syn kontrakt, as ûnderdiel fan in demonstraasje waarden grutte oantallen Dixie Chicks-cd's publyklik ferneatige mei in bulldozer, en Maines krige sels deabedrigings. Se waard troch harren produsint twongen om har yn it iepenbier har ûntskuldigings oan Bush te meitsjen, mar dat koe de opskuor net delbêdzje. Oare sjongers, lykas Bruce Springsteen en Madonna, sprongen foar de Dixie Chicks yn 'e bresse, mar yn 'e countrymuzykhoeke bleau it alderheislikste stil. De iennichste útsûndering dêrop wie countryfeteraan en leginde Merle Haggard, dy't sei dat er dizze reäksje op it gebrûk fan frije mieningsutering in mislediging fûn fan alle Amerikanen dy't yn it ferline sneuvele wiene foar frijheid en demokrasy.
Tsjin 2012 hiene de Dixie Chicks 13 Grammy Awards (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) wûn, wêrûnder fiif allinnich al yn 2007 foar it album Taking the Long Way, dat bekroane waard mei de Grammy Award foar album fan it jier, en in nûmer dêrfan, Not Ready to Make Nice, dat as single útbrocht waard. Yn Not Ready to Make Nice kanten de Dixie Chicks harren op 'e nij oan tsjin 'e fiergeande krityk dy't se sûnt 2003 oer har hinne krigen hiene; de titel bestjut safolle as "net ree om ús derûnder del te jaan". Yn maaie 2013, doe't se 30½ miljoen albums ferkocht hiene (wêrfan 27,2 miljoen yn 'e Feriene Steaten), wiene se de bêst ferkeapjende frouljusband en countryband fan Amearika wurden sûnt soks fan 1991 ôf byholden wurdt.
Bandleden tsjintwurdich Natalie Maines (1995-no) – lead-sang, gitaar, omnichord Emily Robison (1989-no) – backing-sang, banjo, dobro, gitaar Martie Maguire (1989-no) – lead-sang, fioele, mandoline earder Laura Lynch (1989-1995) – lead-sang, backing-sang, kontrabas Robin Lynn Macy (1989-1992) – lead-sang, backing-sang, gitaar
Diskografy Albums Studio-albums Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat1990Thank Heavens for Dale Evansn.f.t.n.f.t.1992Little Ol' Cowgirln.f.t.n.f.t.1993Shouldn't a Told You Thatn.f.t.n.f.t.1998Wide Open Spaceswûn in Grammy Award foar bêste country-album20px Feriene Steaten: 12x platina 20px Kanada: 4x platina 20px Austraalje: 2x platina 20px Grut-Brittanje: goud1999Flynominearre foar in Grammy Award foar album fan it jier wûn in Grammy Award foar bêste country-album20px Feriene Steaten: 10x platina 20px Kanada: 3x platina 20px Austraalje: platina 20px Grut-Brittanje: sulver2002Homenominearre foar in Grammy Award foar album fan it jier wûn in Grammy Award foar bêste country-album20px Feriene Steaten: 6x platina 20px Austraalje: 3x platina 20px Kanada: 3x platina 20px Grut-Brittanje: goud2006Taking the Long Waywûn in Grammy Award foar bêste country-album wûn in Grammy Award foar album fan it jier20px Kanada: 4x platina 20px Austraalje: 3x platina 20px Feriene Steaten: 2x platina 20px Ierlân: platina 20px Grut-Brittanje: goud2020Gaslighter
Live-albums Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat2003Top of the World Tour: Liven.f.t.20px Feriene Steaten: goud 20px Austraalje: goud2017DCX MMXVI Live
Kompilaasjes Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat2010Playlist: The Very Best of Dixie Chicksn.f.t.n.f.t. Essential Dixie Chicksn.f.t.n.f.t.
Singles Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat1997I Can Love You Bettern.f.t.n.f.t.1998There's Your Troublewûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groepn.f.t. Wide Open Spacesn.f.t.n.f.t. 1999You Were Minen.f.t.n.f.t. Tonight the Heartache's on Men.f.t.n.f.t. Ready to Runwûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groepn.f.t.Cowboy, Take Me Awayn.f.t.n.f.t. Let 'er Ripn.f.t.n.f.t. You Can't Hurry Loven.f.t.n.f.t. Sin Wagonn.f.t.n.f.t. 2000Goodbye, Earl |n.f.t. |20px Feriene Steaten: goud |- |Cold Day in July|n.f.t. |n.f.t. |- |Without You|n.f.t. |n.f.t. |- |Roly Poly (mei Asleep at the Wheel) |nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |n.f.t. |- |rowspan="5"|2001 |If I Fall, You're Going Down with Me|n.f.t. |n.f.t. |- |Heartbreak Town|n.f.t. |n.f.t. |- |Some Days You Gotta Dance|n.f.t. |n.f.t. |- |Strong Enough (mei Sheryl Crowe) |nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |n.f.t. |- |Walk Softly (mei Ricky Skaggs) |nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |n.f.t. |- |rowspan="5"|2002 |Long Time Gone|wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep |n.f.t. |- |Landslide|n.f.t. |20px Feriene Steaten: goud20px Austraalje: goud |- |Travelin' Soldier|n.f.t. |n.f.t. |- |White Trash Wedding|n.f.t. |n.f.t. |- |Tortured, Tangled Hearts|n.f.t. |n.f.t. |- |rowspan="3"|2003 |Godspeed (Sweet Dreams)|n.f.t. |n.f.t. |- |Top of the World|wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep |n.f.t. |- |Lil' Jack Slade|wûn in Grammy Award foar bêste ynstrumintaal countrynûmer |n.f.t. |- |2005 |I Hope|nominearre foar in Grammy Award foar bêste countryliet nominearre foar in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep |n.f.t. |- |rowspan="5"|2006 |Not Ready to Make Nice |wûn in Grammy Award foar plaat fan it jier wûn in Grammy Award foar liet fan it jier wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep | 20px Feriene Steaten: platina 20px Austraalje: platina 20px Kanada: platina |- |Everybody Knows|n.f.t. |n.f.t. |- |The Long Way Around|n.f.t. |n.f.t. |- |Voice Inside My Head|n.f.t. |n.f.t. |- |Lullaby|n.f.t. |n.f.t. |- |2007 |The Neighbor''n.f.t.n.f.t. 2020GaslighterSleep at Night
Fideografy Dvd's Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat2002An Evening with the Dixie Chicksn.f.t.20px Austraalje: 6x platina; 20px Feriene Steaten: 2x platina2003Top of the World Tour: Liven.f.t.20px Austraalje: 6x platina; 20px Feriene Steaten: platina2007Dixie Chicks: Shut Up and Singn.f.t.n.f.t. 2011VH1 Storytellersn.f.t.n.f.t. 2017DCX MMXVI Live
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar it nûmer/album1998CMA Awardwûnsanggroep fan it jiern.f.t.wûnHorizon Awardn.f.t.1999ACM Awardwûnalbum fan it jierWide Open Spaceswûnbêste nije sangduo of -groep fan it jiern.f.t.wûnbêste sangduo of -groep fan it jiern.f.t.American Music Awardwûnfavorite nije country-artystenn.f.t.Billboard Music Awardwûncountry-album fan it jierWide Open Spaceswûncountry-artysten fan it jiern.f.t.wûncountry-duo/groep fan it jiern.f.t.CMA Awardwûnsingle fan it jierWide Open Spaceswûnfideoklip fan it jierWide Open Spaceswûnsanggroep fan it jiern.f.t.Grammy Awardnominearrebêste nije artystenn.f.t.wûnbêste country-albumWide Open Spaceswûnbêste countrynûmer songen troch in duo of groepThere's Your Trouble2000ACM Awardwûnalbum fan it jierFlywûnsangduo of -groep fan it jiern.f.t.Billboard Music Awardwûncountry-album fan it jierFlywûncountry-artysten fan it jiern.f.t.wûncountry-duo/groep fan it jiern.f.t.CMA Awardwûnalbum fan it jierFlywûnfideoklip fan it jierGoodbye, Earlwûnsanggroep fan it jiern.f.t.wûnartysten fan it jiern.f.t.Grammy Awardnominearrebêste fokale countrygearwurking (mei Asleep at the Wheel)Roly Polynominearrealbum fan it jierFlywûnbêste countrynûmer songen troch in duo of groepReady to Runwûnbêste country-albumFly2001ACM Awardwûnfideoklip fan it jierGoodbye, Earlwûnbêste sanggroep fan it jiern.f.t.wûnartysten fan it jiern.f.t.American Music Awardwûnfavorite country-band, -duo of -groepn.f.t.Grammy Awardnominearrebêste fokale countrygearwurking (mei Sheryl Crow)Strong Enoughnominearrebêste fokale countrygearwurking (mei Ricky Skaggs)Walk Softly2002CMA Awardwûnsanggroep fan it jiern.f.t.CMT Flameworthy Video Music AwardwûnVideo Visionary Award (foar ynnovaasje op it mêd fan fideoklips)n.f.t.People's Choice Awardwûnfavorite muzykgroep of bandn.f.t.French Country Music Awardwûnbêste fideoklipI Believe in Love2003American Music Awardwûnfavorite country-albumHomewûnfavorite country-band, -duo of groepn.f.t.Grammy Awardnominearrealbum fan it jierHomewûnbêste country-albumHomewûnbêste country-nûmer songen troch in duo of groepLong Time Gonewûnbêste ynstrumintale country-nûmerLil' Jack Slade2004MTV's Rock the VotewûnPatrick Lippert Award (foar it beskermjen fan 'e frijheid fan mieningsutering)n.f.t.2005Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in duo of groepTop of the World2006ACLU AwardwûnBill of Rights Award (foar ynset foar de frijheid fan mieningsutering)n.f.t.Grammy Awardnominearrebêste countrylietI Hopenominearrebêste countrynûmer songen troch in duo of groepI Hope2007Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in duo of groepNot Ready to Make Nicewûnliet fan it jierNot Ready to Make Nicewûnplaat fan it jierNot Ready to Make Nicewûnbêste country-albumTaking the Long Waywûnalbum fan it jierTaking the Long WayJuno Awardwûnynternasjonaal album fan it jierTaking the Long Way
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Dixie Chicks
Kategory:Amerikaanske countryband Kategory:Grammy-winner Kategory:Band oprjochte yn 1989