thumb|Rie Cramer in 1947 Marie (Rie) Cramer (Sûkabûmy (Java, Yndoneezje), 10 oktober 1887 – Laren, 16 septimber 1977) wie in Nederlânsk yllustratrise, boekbânûntwerper en skriuwster.
Biografy Rie Cramer waard grutbrocht yn Nederlânsk-Ynje en wie de jongste yn in húshâlding mei fjouwer famkes. Har mem wie koel en ôfstanlik hat sy sein. Heit wie kaptein op de pakketfeart en dêrom net faak thús. Doe't Rie Cramer njoggen wie gong har mem mei de bern nei Nederlân. Al betiid gie hja nei de keunstakademy yn De Haach. Sy sette út ein mei it skriuwen fan berneferhalen en tekeningen. Mei santjen jier liet hja in map mei tekeningen en ferkes sjen oan útjouwer W. de Haan yn Utert. Hy wie ûnder de yndruk en joech har yn 1906 in opdracht foar it boekje Van meisjes en jongetjes. Yn dat sjenre hat se dêrnei is soad publisearre. Sy yllustrearre ek mearkes fan de bruorren Grimm, Charles Perrault (Mearkes fan us Mem de Goes), Hans Christian Andersen en Russyske mearkes. Dêrnjonken hat se boeken fan Nienke fan Hichtum en Anna Sutorius yllustrearre. Sy fersoarge de tekst en yllustraasje fan totaal 120 berne- en mearkeboeken en wie as fêste yllustratise mei it gesicht fan berneblêd Zonneschijn. Fierder wie hja ek pottebakster, ûntwurp kostúms, exlibris, sierboarden, menukaarten en dekors. It hichtepunt fan har karriêre foel yn de jierren tweintich en tritich.
Letter skreau Cramer romans, toanielstikken en harkspullen ûnder de skûlnammen Marc Holman en Annie Smit. Yn de Twadde Wrâldkriich skreau hja Verzen van Verzet.
Rie Cramer hat trijeris troud west, yn 1922 mei de akteur Eduard Verkade, mar achte harsels net gaadlik foar in húshâlding en hinge bot oan har frijheid. Sy makke in protte bûtenlânske reizen en kocht in hûs op Majorka. Sy makke dêr tegels en skreau ek trije boeken oer Majorka (Viva Mallorca, Mallorca - eiland van rust, en Mallorcanen). Dy hat fan 1954 ôf oant begjin jierren santich mei freonen op Majorka wenne. Doe't dat net mear woe, gie se werom nei Nederlân.
Wurk 1906 - Van meisjes en van jongetjes 1907 - Van jongetjes en meisjes 1909 - Kindjesboek 1910 - Het diamanten prinsesje 1913 - Prentjes bij versjes 1914 - Lenteliedjes 1919 - Een Hindoesche Liefdesgeschiedenis 1921 - Het poppen A.B.C. 1925 - Sneeuwwitje 1936 - A is een aapje (abecedarium) 1937 - Otje de Bas 1938 - Het Engeltjesboek 1947 - Rut Wijgant 1949 - An en Jan 1958 - Kattebelletjes 1965 - Flitsen (autobiografyske sketsen) 1974 - De vier jaargetijden
Oer Rie Cramer , Rie Cramer - leven en werk. 1974, Erven Thomas Rap
Keppelings om utens Rie Cramer yn de DBNL Bettina J. Mulder, 'Cramer, Marie (1887-1977)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 6..
kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk harkspulskriuwer Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk boekbânûntwerper Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1977