thumb|250px|Rin fan de Niger mei yn 't grien de ôfwetteringskrite
De Niger is de wichtichste rivier fan West-Afrika mei in langte fan sa'n 4.160 kilometer. It ôfwetteringsgebiet beslacht 2.117.700 km². De Niger ûntspringt yn it heechlân fan súdeastlik Guinee. De rivier rint yn in heale-moannefoarm troch Guinee, Maly, Niger, Benyn en Nigearia en mûnet oer de grutte Nigerdelta út yn de Golf fan Guinee. De Niger is de op twa nei langste rivier yn Afrika. Allinne de Nyl en de Kongo binne langer.
De Niger is ien fan de tsjien rivieren, dy't foar 90% bydrage oan de út rivieren ôfkomstige plasticsop fan de oseanen.World Economic Forum, 08.06.2018
Ut de skiednis De Romeinen tochten dat it part fan de rivier by Timbûktû (Tombouctou) in diel fan de Nyl wie. Europeeske ûntdekkingsreizgers yn de 17e iuw mienden dat de rivier dêr wei nei it westen rûn en yn de rivier de Senegal útmûne. De wiere rin waard earst yn de 19e iuw troch westerlingen fêststeld. Sjoch ek List fan langste rivieren fan de wrâld Plakken oan de Niger Bamako Gao Lokoja Mopti Niamey Onitsha Port Harcourt Ségou Timbûktû
Kategory:Rivier yn Guinee Kategory:Rivier yn Maly Kategory:Rivier yn Niger Kategory:Rivier yn Benyn Kategory:Rivier yn Nigearia