Ted Kennedy (folút: Edward Moore Kennedy; Boston, 22 febrewaris 1932 – Hyannis Port (Massachusetts), 25 augustus 2009), wie in Amerikaansk jurist en politikus fan roomsk Iersk komôf. Hy wie de jongere broer fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy en fan minister fan Justysje Robert Kennedy, dy't allebeide, yn 1963 resp. 1968 by in moardoanslach omkamen. Ted Kennedy siet hast 47 jier lang, fan 1962 oant 2009, foar de steat Massachusetts yn 'e Amerikaanske Senaat, al hie syn politike karriêre slim te lijen fan it saneamde Chappaquiddick-ynsidint, in auto-ûngemak yn 1969, dat resultearre yn 'e dea fan syn passazjier, Mary Jo Kopechne. Kennedy stie bekend om syn feardichheden as sprekker, en teffens om syn frijsinnige politike gedachteguod, dat him op 'e lofterfleugel fan 'e Demokratyske Partij pleatste. Hy stoar yn 2009, yn 'e âlderdom fan 77 jier, oan in harsenstumor.

Libben

Jonkheid en oplieding Ted Kennedy waard yn 1932 berne yn Boston, yn 'e steat Massachusetts, as it jongste fan njoggen bern yn it gesin fan sakeman en politikus Joe Kennedy (1888-1969) en filantrope Rose Elizabeth Fitzgerald (1890-1995). Hy hie trije bruorren en fiif susters. Syn âldste broer Joe Kennedy kaam om yn 'e Twadde Wrâldoarloch, syn twadde broer wie John F. Kennedy, de lettere presidint dy't yn 1963 fermoarde waard, en syn trêde broer wie Robert Kennedy, dy't minister fan Justysje waard en yn 1968 krektlyk by in oanslach it libben liet.

left|thumb|150px|Ted Kennedy yn 1967. Mei't it gesin gauris ferhuze, hie Ted Kennedy op tsien ferskillende skoallen sitten tsjin 'e tiid dat er alve jier wie. Syn âldelju bedoaren him as jongste bern, mar druiden him ek allegeduerigen yn hoe ûngeunstich oft er ôfstiek tsjin syn âldere bruorren. De middelbere skoalle folge er oan 'e Milton Academy, te Milton, yn Massachusetts. Nei't er yn 1950 syn skoaldiploma helle hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Harvard, te Cambridge, ek yn Massachusetts, dêr't er yn maaie 1951 fan skoalle stjoerd waard om't er in oare studint syn plak ynnimme litten hie by in eksamen Spaansk. Syn ûntstelde âldelju waard ferteld dat er neffens de regels dy't Harvard foar alle studinten hantearre, mei in pear jier fersykje koe om op 'e nij talitten te wurden, mitsdat er yn 'e tuskentiid goed gedrach toand hie.

Sadwaande naam Kennedy doe earst tsjinst yn it Amerikaanske Leger (dêr't er him opjoech foar in perioade fan in opsjonele fjouwer jier, dat ferkoarte waard ta de minimale twa jier nei tuskenkomst fan syn heit). Yn it leger tsjinne er by de militêre plysje, fan juny 1952 ôf op it NATO-haadkertier yn Parys. Syn heite ynfloed kaam foar dat er yn 'e Koreä-oarloch hoegde te fjochtsjen. Wylst er Jeropa wie, reizge er yn syn wykeinen en ferloftiid gâns in protte, en beklom er û.o. de berch de Matterhorn. Nei't er yn maart 1953 earfal ôfswaaid wie, waard er op 'e nij ta Harvard talitten, dêr't er diskear better syn bêst die en yn 1956 ôfstudearre mei in bachelorstitel yn skiednis en bestjoer. Fan 1956 oant 1959 studearre er oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Firginia, yn Charlottesville, dêr't er ôfstudearre as in master yn de rjochten.

Politike karriêre right|thumb|300px|Ted Kennedy by syn kampanje foar de Senaatsferkiezings fan 1962.

Iere politike karriêre Yn 1960, doe't syn broer John F. Kennedy meidie oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings, runde Ted Kennedy de kampanje yn 'e westlike steaten. Yn 1962 stelde er him mei de minimumâldens fan tritich jier kandidaat foar de senaatssit foar Massachusetts, dy't syn broer John opjaan moatten hie doe't er presidint waard, en dy't yn 'e tuskenlizzende twa jier foar him waarmholden wie troch Ben Smith, in freon fan 'e Kennedy-famylje. Yn 'e Demokratyske foarferkiezing fersloech er earst Edward J. McCormack jr., de steatsminister fan Justysje fan Massachusetts, dy't it grutste part fan 'e partijlieding oan syn kant hie en oan 'e kiezers fertelde dat syn rivaal dan Edward Moore Kennedy hjitte mocht, mar dat dat net betsjutte dat der nei in Kennedy as presidint en ien as minister fan Justysje noch "mear" (Moore) Kennedys by moasten. By de eigentlike ferkiezings, yn novimber, fersloech Kennedy de Republikeinske kandidaat George Cabot Lodge II, in lid fan in oare ferneamde Massachusettser famylje fan politisy. Kennedy soe de senaatssit foar Massachusetts krapoan 47 jier yn besit hâlde, oan syn ferstjerren yn 2009 ta.

As senator ûntjoech Kennedy him rillegau ta in progressyf en frijsinnich politikus, dy't it grutste part fan syn karriêre op 'e lofterfleugel fan 'e Demokratyske Partij operearre. Hy wie ek in begenedige iepenbier sprekker, dy't datoangeande freze waard troch syn fijannen. Al rillegau nei de moard op syn broer John F. Kennedy die bliken dat er net mei dy syn opfolger, Lyndon B. Johnson, troch ien doar koe. Nei't yn 1968 syn broer Robert Kennedy fermoarde wie nei't dy him kandidaat steld hie foar de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip (wêrmei't er it tsjin 'e sittende Demokratyske presidint Johnson yn 'e kant sette), waard der fan alle kanten druk útoefene op Ted Kennedy om him yn Robert syn plak kandidaat te stellen. Hy fielde der lykwols neat foar om inkeld as ferfanger foar syn deade broer te fungearjen, en wegere. Doe't de Republikeinske kandidaat Richard Nixon de ferkiezings fan Johnson syn fise-presidint Hubert Humphrey wûn, wie de algemiene ferwachting dat Ted Kennedy mei fjouwer jier, yn 1972, de wichtichste Demokratyske kandidaat wêze soe. Mar dat rûn oars. left|thumb|120px|Mary Jo Kopechne.

It Chappaquiddick-ynsidint Op 'e jûn fan 18 july 1969 joech Kennedy op it eilantsje Chappaquiddick, fuortby it fakânsje-eilân Martha's Vineyard, foar de kust fan Massachusetts, in feestje foar de saneamde Boiler Room Girls, de jonge froulju dy't it jiers tefoaren oan Robert Kennedy syn ferkiezingskampanje meiwurke hiene. De troude Ted Kennedy ferliet it feest op in stuit yn syn auto mei ien fan 'e froulju, de 28-jierrige Mary Jo Kopechne, by him. Underweis ried er lykwols by de Dike Bridge troch, de kreek de Poucha Pond yn. De auto kaam op 'e kop yn it wetter telâne en Kennedy wist as iennichste út it fiertúch te ûntsnappen. Nei eigen sizzen doek er sân of acht kear om Kopechne út 'e auto te befrijen, oant er úteinlik ta de konklúzje kaam dat se al dea wêze moast, om't se nea sa lang sûnder lucht kinnen hie. Dêrop swom er nei de kant en gie nei hûs ta sûnder it ûngelok by de autoriteiten te melden of fierdere help te sykjen.

De oare moarns skille er de plysje, mar doe wie it wrak mei Kopechne har stoflik omskot deryn al ûntdutsen. By de dêropfolgjende rjochtsaak, op 25 july, bekende Kennedy skuld oan it ferlitten fan it plak fan in ûngelok en krige er twa moanne finzenisstraf mei betingst. Hy ûntstried lykwols dat er dronken west hie of dat der yntimiteiten tusken him en Kopechne foarfallen wiene. Hy frege de befolking fan Massachusetts oft er oanbliuwe of opstappe moast as senator; doe't de reäksjes dy't er krige yn mearderheid posityf wiene, kundige er oan dat er senator bliuwe soe en him it folgjende jiers wer ferkiesber stelle soe. It Chappaquiddick-ynsidint, sa't it barren kaam te hjitten, lei lykwols foargoed it near op syn plannen om mei te dwaan oan 'e presidintsferkiezings. De iennichste kears dat er dat dochs besocht, yn 1980, waard er yn 'e Demokratyske foarferkiezings mei in romme marzje ferslein troch de sittende presidint Jimmy Carter.

Lettere politike karriêre Yn 'e santiger jierren kante Kennedy him fûleindich oan tsjin 'e polityk dy't it regear fan presidint Nixon oangeande de Fjetnamoarloch fierde, en teffens stelde er him op it mêd fan 'e Boargeroarloch yn Noard-Ierlân wisberet op oan 'e kant fan 'e republikeinen (d.w.s. de roomske Noardieren dy't oansluting by Ierlân beävensearje woene), wêrby't er in langjierrige gearwurking oangie mei de Social Democratic and Labour Party fan 'e lettere Nobelpriiswinner John Hume. Fierders sette er him yn foar it opheffen fan 'e rasseskieding yn 'e skoalbussen yn Massachusetts, wat him yn 1974 op in konfrontaasje mei poerlulke blanke âldelju kaam te stean, wêrby't er sels licht mishannele waard. Dochs waard er yn 1976 werkeazen as senator mei 69% fan 'e stimmen. right|thumb|300px|Ted Kennedy mei presidint Jimmy Carter (1977).

De jierren ûnder it regear fan Jimmy Carter wiene dreech foar Kennedy, want al wiene se allebeide Demokraten, dochs koene se net rjocht mei-inoar oer de wei. De jierren tachtich, doe't de Republikeinen sawol it presidintskip as de mearderheid yn it Amerikaanske Kongres yn 'e hannen hiene, wiene wat dat oangie eins makliker, mei't er him doe net mear hoegde yn te hâlden. Under it regear fan 'e aartskonservative Ronald Reagan ûntpopte Kennedy him ta in foarfjochter fan frouljus- en homorjochten en nukleêre ûntwapening. Ek knope er relaasjes oan mei ferskate Republikeinske senators om Reagan safolle mooglik yn 'e tsjillen te riden. left|thumb|200px|Ted Kennedy mei senator Dianne Feinstein en presidint George W. Bush, yn 2002.

Yn 'e njoggentiger jierren wie Kennedy in trou bûnsmaat fan Bill Clinton. Syn earste serieuze útdaging by de Senaatsferkiezings kaam yn 1994, doe't er it tsjin in jonge Mitt Romney opnimme moast en it nei in lang ûnwis bleaune útkomst úteinlik mei 58% fan 'e stimmen wûn. Under it Lewinsky-skandaal wied er Clinton in hiele stipe, en ûnder de lang omstriden útkomst fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2000 yn Floarida stied er pal efter de Demokratyske kandidaat Al Gore. Nei't de striid úteinlik yn it foardiel fan 'e Republikein George W. Bush besljochte wie, wurke Kennedy mei dyselde gear by in herfoarming fan it ûnderwiis, al rekke er datoangeande letter desyllúzjonearre en beskuldige er Bush der yn 2003 fan dat dy syn wurd net holden hie. Nei de oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon, op 11 septimber 2001, stipe Kennedy de oarloch tsjin it Taliban-rezjym yn Afganistan, mar hy wie in fûleindich tsjinstanner fan de Twadde Golfoarloch tsjin Irak.

Priveelibben

Fleantúchûngelok Op 19 juny 1964 wie Kennedy in passazjier yn in priveefleantúch dat mei min waar fan Washington, D.C. nei Massachusetts fleach. It stoarte koart foar de lâning del yn in apelwyngerd yn Southampton, yn westlik Massachusetts. De piloat en Edward Moss, ien fan Kennedy syn assistinten, kamen dêrby om. Kennedy sels waard troch syn mei-senator Birch Bayh út it fleantúchwrak skuord en brocht moannen yn it sikehûs troch fanwegen in slimme rêchferwûning, in trochboarre long, brutsen ribben en ynterne bliedings. Hy hold der de rest fan libben groanyske pinerêch oan oer.

Earste houlik Wylst er noch rjochten studearre, mette Kennedy by in taspraak dy't er yn oktober 1957 joech oan it Manhattanville College te Purchase, yn New York, Joan Bennett, dy't dêr studearre. Hja wie in model en hie ferskate skientmewedstriden wûn, mar hie gjin weet fan wat der omgie yn 'e polityk. Nei't se har ferloofd hiene, waard sy senuweftich en woe se tebekklauwe, mar ûnder druk fan Kennedy syn heit waard it houlik trochset, en it pear troude op 29 novimber 1958 yn 'e Sint-Joazeftsjerke yn Bronxville, yn 'e steat New York. Se krigen trije bern: Kara Kennedy (1960-2011), Ted Kennedy jr. (1961) en Patrick J. Kennedy (1967). Nei de dea fan syn bruorren naam Ted Kennedy ek de rol fan pleatsferfangend heit op him foar de beide bern fan John F. Kennedy en de alve bern fan Robert. Neffens guon berjochten stelde er yn 1968 ek foar Jackie Kennedy dy har houlikskontrakt op mei har twadde man Aristoteles Onassis.