Popke van der Zee (Ryptsjerk, 14 juny 1956 – Mantgum, 8 augustus 2020) wie in Frysk taalkundige, learaar, toanielakteur en oersetter.
Libben Van der Zee oppenearre him foar it earst doe't er yn 1984 tegearre mei Jelle Krol in Fryske proaza-oersetting útbrocht fan it Aldingelske epos Beowulf.Lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar Hy wurke neitiid as learaar Ingelsk.
Yn 1996 waard er troch regisseur Romke Toering frege foar in lytse rol yn it Iepenloftspul fan Jorwert, dat dat jiers it stik In Sinterske Opera spile. Dat wie de debútrol fan Van der Zee. It befoel sa goed dat er it jiers dêrop (op 'e nij by it Iepenloftspul fan Jorwert) de folle gruttere rol hie fan Bill Sykes, yn Oliver. Dat wie it begjin fan in hiele rige rollen yn toanielstikken en iepenloftspullen, wylst er ek meiwurke oan skoalradio- en skoaltillefyzje-útstjoerings fan Omrop Fryslân. Yn 2018 makke Van der Zee diel út fan 'e sjuery fan 'e Gouden Gurbes, de prizen foar de bêste iepenloftspullen. Syn lêste rol hied er yn 2019 yn it iepenloftspul fan De Himrik, dêr't doe Animal Farm fan George Orwell spile waard.
Van der Zee ried trije kear de Alvestêdetocht út: de tretjinde (1985), fjirtjinde (1986) en fyftjinde (1997) Alvestêdetocht. Yn 2009 hied er in figuranteroltsje yn 'e histoaryske film De Hel van '63, fan Steven de Jong, oer de tolfde Alvestêdetocht fan 1963, as ien fan 'e rayonhaden fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden.Oftiteling De Hel van '63. Oare leafhawwerijen fan sines wiene angelfiskjen, fûgels en syn grientetún.
Privee waarden Van der Zee en syn frou Wieke, mei wa't er fjouwer bern hie, troffen troch djip leed doe't harren twajierrige soan Piter Durk yn 'e feart by harren foar hûs yn Mantgum ferdronk. Yn 2016 spile Van der Zee mei Froukje Reitsema, dy't sels ek in bern ferlern hie, oer dat ûnderwerp yn it stik Foar Dy Nei Dy, dat ynspirearre wie troch harren beider ûnderfinings. Yn in reportaazje yn it ramt fan Finster op Fryslân fertelde Van der Zee dat er eltse dei noch oan syn jonkje tocht.
Van der Zee kaam yn augustus 2020 te ferstjerren oan sloktermkanker. Hy waard 64 jier.
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ryptsjerk Kategory:Persoan berne yn 1956 Kategory:Persoan stoarn yn Mantgum Kategory:Persoan stoarn yn 2020