The General's Daughter is in Amerikaanske detektiveskriller út 1999 ûnder rezjy fan Simon West, mei yn 'e haadrollen John Travolta en Madeleine Stowe. De titel betsjut "De Generaalsdochter". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan skriuwer Nelson DeMille. It ferhaal giet oer de riedselige dea fan in froulike legerkaptein, de dochter fan in foaroansteand generaal dy't op it punt stiet om ôf te swaaien en in politike karriêre te begjinnen, mooglik troch him kandidaat te stellen foar it Amerikaanske fise-presidintskip. Hoewol't The General's Daughter yn 'e Feriene Steaten fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes krige, mooglik om't it gefoelige tema fan ferkrêfting yn it leger deryn oansnien waard, wie de film in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot Paul Brenner, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch dy't no wurket foar it Krimineel Undersykskommando fan it Amerikaanske Leger (U.S. Army CIC; sis mar de resjerzje fan it Amerikaanske Leger), is undercover op in legerbasis yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Georgia, dêr't er de yllegale ferkeap fan legerwapens ûndersiket. Op in stuit kriget er in lekke bân wylst er gjin ark by him hat om 'e bân te ferwikseljen. Dan wurdt er holpen troch in froulike legerkaptein dy't dêr tafallich foarbykomt en him oan 'e kant fan 'e dyk stean sjocht.

Twa jûnen dêrnei, as Brenner krekt syn ûndersyk ôfrûne hat en fuort sil, wurdt er derby roppen as der op it terrein fan 'e legerbasis it lyk fan in neakene frou fûn wurdt, mei de earms en skonken wiidút spraat en fêstbûn oan fjouwer yn 'e grûn dreaune tinthjerrings. It is deselde kaptein dy't him mei syn lekke bân holpen hat, en hja blykt Elizabeth Campbell te wêzen, in ofsier fan 'e ôfdieling Psychologyske Operaasjes (Psy Ops), en de dochter fan luitenant-generaal Joseph Campbell, byneamd "Fighting Joe", in withoe foaroansteande en tige populêre oarlochsheld, ûnder wa't Brenner noch yn Fjetnam tsjinne hat. Campbell, dy't de kommandant fan dizze legerbasis is, stiet op it punt om ôf te swaaien út 'e lânmacht en de polityk yn te gean, mooglik as fise-presidintskandidaat, en der wurdt suggerearre dat er sa'n ûnbesmodzge reputaasje hat dat er grutte kâns makket om foar dat hege amt frege te wurden.

Op it plak delikt moetet Brenner syn partner foar dit ûndersyk, dat syn kollega by it CIC Sara Sunhill blykt te wêzen. Mei har hat er yn it ferline in relaasje hân doe't se allebeide op it NATO-haadkertier yn Brussel stasjonearre wiene. Teffens is op it plak delikt kolonel William Kent oanwêzich, it haad fan 'e militêre plysje fan 'e basis, mei wa't Brenner en Sunhill gearwurkje moatte. Kaptein Campbell is smoard en, nei't it earst liket, ek ferkrêfte, al docht letter bliken dat it om in skynferkrêfting giet. Koarte tiid letter hat Brenner in moeting mei generaal Campbell en dy syn adjudant, kolonel George Fowler. Dêrby ûnthjit er de heit fan it slachtoffer dat er alles yn syn macht dwaan sil om 'e dieder of dieders te efterheljen.

As Brenner en Sunhill de oare moarns kaptein Campbell har wente bûten it terrein fan 'e basis trochsykje, fine se dêr op it earste each alles sa't it heard te wêzen. Mar dan ûntdekke se in ferburgen doar yn 'e kelder, dy't tagong jout ta wat faaks it bêste omskreaun wurde kin as in S.M.-tsjerker, mei hânboeiens, maskers, swipen, alderlei seksboartersguod en in kamera om 'e aktiviteiten dêr op te nimmen. Wylst Sunhill út harren auto wei in tillefoantsje docht, siket Brenner de VHS-fideobannen byinoar. Mar ear't er dêrmei klear is, wurdt er oanfallen troch in maskere ynkringer dy't him in terwinkel mei in skeppe jout, en him op dy manear langernôch bûten gefjocht stelt om mei de fideobannen útnaaie te kinnen.

Neitiid ûnderfreget Brenner kolonel Robert Moore, in psychiater dy't ek op 'e ôfdieling Psychologyske Operaasjes wurket en dy't kaptein Campbell tige nei wie. Hoewol't er Brenner freonlik te wurd stiet, bliuwt Moore ôfhâldich en jout er as aliby dat er om 'e tiid fan 'e moard op Campbell hinne op bêd lei en sliepte. As letter lykwols Moore syn fingerprinten oantroffen wurde op Campbell har identiteitsplaatsjes, dy't mei har klean yn in jiskepûde op in sideplak deunby it plak delikt weromfûn binne, docht bliken dat er Brenner foarliigd hat. Dêrop arrestearret Brenner Moore en set him finzen yn it tichthûs fan 'e basis. Letter wurdt er troch in misferstân ûnder ferantwurdlikheid fan kolonel Kent frijlitten en ûnder hûsarrest pleatst. As Brenner dat útfynt en mei Sunhill en Kent nei Moore syn hûs ta giet om him fannijs op te pakken, fine se him dêr dea troch wat selsmoard liket te wêzen.

Kolonel Fowler, de adjudant fan generaal Campbell, besiket dêrop om it near te lizzen op fierder ûndersyk, mei't neffens him Moore dúdlik de dieder wie en de man himsels no fan kant makke hat om't de skuldgefoelens him oermânsk waarden. Brenner makket Fowler lykwols dúdlik dat de saak iepen bliuwe sil oant hy befredigjende antwurden hat en dat Fowler him better by syn eigen saken hâlde kin, mei't it alderraarst is hoe'n soadsje oft it wol net is op dizze basis. Troch in oanfal op Sunhill, dy't lykwols mei in skamper ôfrint, komme Brenner en sysels fierdere saakjes oan 'e weet dy't it deiljocht net ferdrage kinne, mei't de jonge kaptein Jake Elby, dy't ferantwurdlik is foar de oanfal, út 'e doeken docht dat kaptein Campbell mei hast it hiele ofsierskorps fan 'e basis op bêd west hie, om't se, sa't se sels sei, in psychologyske oarloch tsjin har heit fierde.

As in ûnbekende efterholden dielen fan kaptein Campbell har medysk dossier yn Brenner syn auto efterlit, komt oan it ljocht dat Campbell op 'e Amerikaanske Militêre Akademy fan West Point yn har earste twa jier ien fan 'e bêsten út har lichting wie, mar dat se fan har trêde jier ôf mar kwealk meikomme koe en úteinlik mar mei de hakken oer sleat slagge. Brenner en Sunhill bringe dêrop in besyk oan 'e âlde kolonel Donald Slesinger, ien fan 'e psychiaters op West Point, dy't se treffe as er yn in kas planten oan it snoeien is. As dy heart dat kaptein Campbell fermoarde is, omsylt er op twifelige wize syn beropsgeheim om Brenner en Sunhill út te lizzen dat Campbell ûnder in grutskalige nachtlike legeroefening oan 'e ein fan har twadde jier, wêrby't se de rest fan har groep kwytrekke en op in stuit allinnich oer it sabeare slachfjild omdoarme, it slachtoffer waard fan in groepsferkrêfting. De dieders wiene seis manlike kadetten dy't ûnwerkenber makke wiene troch harren kamûflaazjesmink, en dy't har de hiele nacht mishannelen en misbrûkten, oant se har tsjin it lemieren suver foar dea efterlieten, neaken en mei de hannen en fuotten wiidút spraat en fêstbûn oan yn 'e grûn dreaune tinthjerrings — frijwol persiis deselde hâlding wêryn't se fûn is op it plak delikt.

Einlings en te'n lêsten waard se ûntdutsen en nei it sikehûs ta brocht, mar Slesinger seit dat hy der te let by helle waard; tsjin dy tiid hie se alles al djip weistoppe, en hy koe har net helpe. Wat de dieders oangie, Campbell wist net wa't dat wiene, en oan 'e oefening diene tûzenen manskippen mei. Mar letter kaam der in oare kadet by Slesinger, dy't lêst hie fan wroege (sij it net sasear dat er himsels oanjaan woe). Miskien, seit Slesinger, hat er wol in namme oan Campbell har dossier tafoege, dat soed er sa net mear sizze kinne, hy is ommers net sa skerp mear as foarhinne. Dêrom bewarret er de kaai fan syn kantoar ek ûnder de matte, dan kin er dy net kwytreitsje. Mar hy kin syn beropsgeheim fansels net skeine, en boppedat, hy is hjir noch wol in skoftke mei syn planten dwaande. Brenner en Sunhill witte genôch en nei't se de namme út it dossier opfandele hawwe, spoart Sunhill de dieder mei wroege, in kaptein Bransford handich op en wit him mei in mûklist in bekentenis te ûntlokjen, mei dêropta in list mei de nammen fan syn maten.

Werom yn Georgia bringt Brenner in besyk oan kaptein Goodson, mei wa't er yn 'e kunde kommen is as kolonel Moore syn abbekaat. Brenner fermoedet lykwols dat Goodson en Moore temûk in homoseksuele relaasje hiene (homo's en lesbiënnes meie pas sûnt 2011 iepentlik yn 'e Amerikaanske Striidkrêften tsjinje). Hy fermoedet ek dat it Goodson wie dy't kaptein Campbell har medysk dossier yn syn auto lein hat. Nei't Brenner him derfan oertsjûge hat dat er der gjin inkel belang by hat om him te ferfolgjen foar syn seksuele oriïntaasje, befêstiget Goodson dat. Hy leit ek út wat der de jûns fan Campbell har dea fan Moore syn eachpunt út bard is. No't har heit op it punt stie ôf te swaaien, wie Elizabeth Campbell wisberet om him foar iens en foar altyd mei it ferline te konfrontearjen, en Moore koe it har net ûntprate. Dat hy holp har om 'e groepsferkrêftingssêne sa sekuer mooglik te rekreëarjen, bûn har fêst, brocht har klean en identiteitsplaatsjes fuort en gie nei hûs. En doe belle er generaal Campbell op om it kassettebantsje mei it boadskip fan syn dochter foar him ôf te spyljen.

De ûndersikers geane dan nei de generaal ta, dy't Slesingers syn ferhaal oer de groepsferkrêfting befêstiget. Neitiid harke Campbell, dy't halje-trawalje weromkommen wie út Dútslân, nei de rie fan syn freonen en mei-generaals, dy't him wysmakken dat de dieders nea pakt wurde soene. Se skúnden him ek yn dat it skandaal dat ûntstean soe as de hiele ellindige brot bekend waard, de Militêre Akademy stikken meitsje soe en de takomst fan froulju yn it leger slim skansearje soe, om oer generaal Campbell syn eigen politike ambysjes mar te swijen. Dêrop besleat Campbell om 'e hiele saak mar yn 'e dôfpôt te stopjen en fertelde er syn dochter Elizabeth dat se it oerlibbe hie, en dat se it no ferjitte moast. Dat ferrie fan har heit (in foarm fan victim blaming) wie foar Elizabeth tige traumatisearjend. Sadwaande koe se har besiking nea goed ferwurkje, wat wierskynlik wer oan 'e grûn lei fan har gewelddiedige seksuele praktiken. Brenner presintearret dan oan 'e generaal in listke mei de nammen fan 'e seis dieders fan 'e groepsferkrêfting, dy't Sunhill mei minimale muoite opspoard hat, en fertelt Campbell koelwei dat de mannen allegearre minimaal tweintich jier it tichthûs yn draaie.

As Brenner oer it kassettebantsje begjint dat Moore op 'e jûn fan 'e moard foar him ôfspile hat, jout de generaal ta dat er dy jûns nei syn dochter ta gien is om har ta besinning te bringen. Doe't dat om 'e nocht bliek, gie er sûnder wat bedijd te hawwen wer nei hûs, dêrby syn dochter noch altyd fêstbûn efterlittend. Mei't wachtrinders dy nachts yn 'e neite fan it plak delikt trije kear de koplampen fan auto's sjoen hawwe, en der fuotprinten fûn binne fan Campbell syn adjudant, kolonel Fowler, moat dat wol betsjutte dat dyselde de bestjoerder fan 'e trêde auto wie. Fowler jout ta dat hy der, op fersyk fan 'e generaal, ek hinne west hat, mar hy trof kaptein Campbell dea oan. Ut syn wurden docht bliken dat hy mient dat de generaal syn eigen dochter om hals brocht hat, mar hy hâldt út dat er nea in tsjûgenis tsjin 'e man ôflizze sil, en dat kaptein Campbell har heit ta syn die dreaun hat troch har oer te jaan oan "seksuele útspattings mei eltse ofsier op 'e basis, fan Jake Elby oant en mei Bill Kent!"