thumb|right|200px|De Olympyske bobbaan fan Sankt-Moritz 1928

De Olympyske Winterspullen 1928, ek wol de IIe Olympiade neamd, waarden yn 1928 yn Sankt-Moritz, Switserlân hâlden. Dat wie fan 11 febrewaris oant en mei 19 febrewaris. It Bobslydzjen wie yn de Olympia Bobrun St. Moritz-Celerina. It wie de twadde en lêste kear dat de 4/5 mans-bob op it programma stie.

Olympia Bobrun St. Moritz-Celerina De Olympia Bobrun St. Moritz-Celerina waard yn 1903 boud foar it bobslydzjen yn St. Mortiz. De bobbaan is sawol foar de Olympyske Winterspullen 1928 as de Olympyske Winterspullen fan 1948 brûkt. De baan hie in lingte fan 1.722 meter in ferfal fan 130 meter en fjirtjin bochten. De bobbaan is in natoerbaan mei in gêrs ûndergroen.

Utslaggen 4/5-mansbob Manlju # Bobbers LânTotaaltiid Billy Fiske Nion Tucker Geoffrey Mason Clifford Gray Richard Parke 3:20.50 Jennison Heaton David Granger Lyman Hine Thomas Doe Jay O'Brien 3:21.00 Hanns Kilian Valentin Krempel Hans Heß Sebastian Huber Hans Nägle 3:21.90

1928 Kategory:Olympyske Winterspullen 1928