Johan Christiaan Borchhard (? - 9 juny 1777) wie in klokkejitter/brûnsjitter fan Noard-Dútsk komôf.
Hy arbeide fan 1733 oant 1755 yn Grins en dêrnei oant syn dea yn Inkhuzen. Fan 1755 oant 1761 arbeide er op mei Steen. Borchhard hat tusken 1739 en 1776 30 Fryske klokken getten.
Wurk (kar-út) De lytse klok yn de Meinardstsjerke yn Minnertsgea (1765) Herfoarme tsjerke Diever: twa klokken, de manljusklok fan 428 kilogram en de frouljusklok fan 290 kilogram (1764). Slavebel yn de bûtenpleats fan in gûverneur-generaal yn Batavia (1772) - no yn it museum fan Werkspoor, Amsterdam Nije klok foar de Nederlânske Herfoarme Tsjerke yn Elburg (1770) Martinitsjerke yn Grins: lytse klok (Diameter: 94 sintimeter. Gewicht: 900 kilogram) (1764)
Kategory:Dútsk brûnsjitter Kategory:Nederlânsk brûnsjitter Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn de 18e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1777