Ezra Pound (folút: Ezra Weston Loomis Pound; Hailey (Idaho), 30 oktober 1885 – Feneesje, 1 novimber 1972) wie in Amerikaansk dichter, essayist, oersetter (û.m. út it Sineesk en it Japansk), skriuwer, komponist en literêr en sosjaal kritikus, dy't ien fan 'e grûnlizzers wie fan 'e modernistyske beweging en oan 'e widze stie fan it imazjisme. Fan syn wurken binne it bekendst Ripostes, út 1912, en The Cantos, in ûnbidich en ûnfoltôge epos besteande út 120 dielen dêr't er fan 1917 oant syn dea oan wurke. Pound ferliet al ier syn heitelân en brocht it hichtepunt fan syn rom troch yn Londen en Parys, dêr't er njonken syn eigen skriuwen ek behelle rekke yn it foarmjen fan sawol wurken as karriêres fan tiidgenoaten lykas T.S. Eliot, James Joyce en Ernest Hemingway.
Troch de slachtings yn 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't er Grut-Brittanje en it ynternasjonale kapitalisme ferantwurdlik foar achte, ferlear er it fertrouwen yn 'e demokrasy as steatsfoarm. Hy ferfear nei Itaalje, dêr't er ta ôfgriis fan syn freonen it faksisme fan Benito Mussolini omearme. Yn 'e tritiger en fjirtiger jierren wie en bleau er in fûleindich oanhinger Mussolini; hy spriek syn stipe út foar Adolf Hitler en hie gedoente mei Oswald Mosley, de lieder fan 'e Britske faksisten. Under de Twadde Wrâldoarloch hold er mear as hûndert radiotaspraken wêryn't er de Feriene Steaten fel bekritisearre. Fan gefolgen waard er yn 1945 troch it Amerikaanske leger yn Itaalje oppakt foar lânferrie. Moannenlang waard er finzen holden en troch de manear wêrop't er in part fan dy tiid behannele waard, krige er geastlike problemen. Mei't fêststeld waard dat er net sûnernôch wie om berjochte te wurden, waard er mear as trettjin jier lang opsletten yn in psychiatrysk sikehûs yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington. Nei't er yn 1958 frijlitten wie, kearde er werom nei Itaalje, dêr't er oan syn dea ta bleau. Fanwegen syn politike opfettings is syn wurk noch altiten tige kontroversjeel, al bestiet der ûnder hjoeddeiske kritisy in konsensus dat er in grut dichter wie.
Libben
Jonkheid Pound waard yn 1885 berne yn Hailey, yn it doetiidske Amerikaanske territoarium Idaho, as it ienlingsbern fan Homer Loomis Pound (1858-1942) en Isabel Weston (1860-1948). Sawol syn heit as syn mem stammen ôf fan Ingelsen dy't al yn 'e santjinde iuw nei de Amearikaanske koloanjes ta emigrearre wiene. Pound waard grutbrocht yn in begoedige fermidden; syn pake, Thaddeus Coleman Pound (1832-1914), wie in Republikein dy't foar noardwestlik Wiskonsin yn it Amerikaanske Kongres sitten hie. Syn heit Homer Pound gie yn Haley oer it kadaster. Syn mem Isabel koe lykwols yn Idaho net aardzje; doe't Pound achttjin moanne âld wie, naam se him mei werom nei it easten. Homer Pound folge harren en fûn yn 1889 wurk by de munt, yn Philadelphia. Ezra Pound groeide oant 1893 op yn Jenkintown yn 'e steat Pennsylvania, en dêrnei yn it stedsje Wyncote, yn deselde steat.
thumb|left|250px|Ezra Pound mei syn mem yn 1998. Pound, dy't oan syn heitekant fan quaker-komôf wie, krige syn ierste ûnderrjocht yn skoaltsjes dy't opset wiene troch quaker-froulju. Fan 1898 oant 1900 gied er nei de Cheltenham Military Academy, dêr't de learlingen unifoarmen droegen dy't basearre wiene op dy út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en dêr't se njonken gewoan ûnderwiis ek militêre training ûndergiene. Ien fan 'e dingen dy't men de jonges dêr besocht by te bringen, wie om harrensels te ûnderwerpen oan heger gesach. Yn it gefal fan Pound wie dat gjin súkses: hy wie yntelligint, koppich, eigenwiis en sadwaande ympopulêr by sawol syn mei-learlingen as by syn learaars. Ek wist er al ier dat er dichter wurde woe, en syn earste publikaasje wie in limmerik dy't yn 1896, doe't er alve jier wie, yn 'e Jenkintown Times-Chronicle, in pleatslike krante, ôfprinte waard.
Stúdzje Yn 1901, doe't er fyftjin jier wie, waard er talitten ta it Kolleezje fan Frije Keunsten fan 'e Universiteit fan Pennsylvania, te Philadelphia. Neffens eigen sizzen learde yn 'e jierren dy't dêrop folgen "min ofte mear" njoggen frjemde talen. Yn 1902 reizge er mei syn âlden en syn muoike Frances Weston in fearnsjier lang troch Jeropa (syn twadde besyk; yn 1998 hied er mei syn mem en deselde muoike ek alris in Jeropeeske reis makke). Neitiid briek er syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Pennsylvania ôf (mooglik fanwegen minne sifers), en skreau er him ynstee yn oan it Hamilton College yn Clinton, yn 'e steat New York, dêr't er Provinsaalsk en Aldingelsk studearre. Yn 1905 studearre er dêr ôf, wêrnei't er weromkearde nei de Universiteit fan Pennsylvania, dêr't er it jiers dêrop in graad yn 'e Romaanske talen behelle.
Pound wist in stúdzjebeurs mei reiskostefergoeding te bemachtigjen dêr't er in nije reis nei Jeropa fan betelle. Yn Madrid brocht er trije wiken troch yn ferskate bibleteken, wêrûnder dy yn it Keninklik Paleis, en op 31 maaie 1906 befûn er him by de yngong fan it paleis doe't anargisten in mislearre oanslach op it libben fan kening Alfûns XIII útfierden. Pound ferliet Spanje doe halje-trawalje, út eangst dat er sels foar in anargist oansjoen wurde soe, brocht dêrnei in pear wiken troch oan 'e Sorbonne, te Parys, en ferfear doe nei Londen.
Yn july 1906 wie Pound wer werom yn 'e Feriene Steaten, en yn 1907 ferfolge er syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Pennsylvania. Dêr yrritearre er Felix Schelling, de perfester Ingelske taal- en letterkunde, sa alderraarst (û.m. troch út te hâlden dat George Bernard Shaw in bettere skriuwer as Shakespeare wie, en troch in ûnbidich tinnen bûshorloazje foar 't ljocht te heljen en stadich op te winen), dat dy him witte liet dat er sawol Schelling syn tiid as syn eigen ferdie. Oft it no in gefolch wie fan dy konfrontaasje of net, Pound briek syn stúdzje ôf sûnder in doktoraat behelle te hawwen.
Underwilens hied er jierren earder oan 'e Universiteit fan Pennsylvania kunde krigen oan Hilda Doolittle, de dochter fan in heechlearaar astronomy, dy't letter bekendheid krije soe as dichteresse ûnder de namme H.D. Hja rekke smoarfereale op Pound en folge him yn 1908 nei Jeropa, dêrby har famylje, freonen en heitelân efterlittend sûnder dat se dêr sels folle wizer fan waard. Pound die har yn 'e simmer fan 1907 in oansyk, mar har heit wegere syn tastimming foar it houlik. Hoewol't Pound tusken 1905 en 1907 tsientallen gedichten foar har skreau, sloech er yn dyselde tiid om mei twa oare froulju, Viola Baxter en Mary Moore, wêrfan't er de lêste yn 1907 ek in oansyk die, mar ôfwiisd waard.
Dosintskip Yn 'e hjerst fan 1907 naam Pound in baan oan as learaar Romaanske talen oan it Wabash College yn Crawfordsville, yn Indiana, in konservatyf stedsje dat er "de sechsde sirkel fan 'e hel" neamde, mei in allike konservative hegeskoalle wêrfan't er willemoeds de lieding provosearre troch te smoken yn syn kantoar wylst dat ferbean wie. Hy yrritearre syn hospessen troch gasten, sels froulju, op syn keamer te ûntfangen, sadat er ferskate kearen fan kosthûs feroarje moast. Uteinlik waard er nei't it skynt op 'e die betrape, al binne de details noch altiten dizenich. Neffens syn eigen sizzen gie it om in dûnseresse oan wa't er in sliepplak bea doe't se fêst kaam te sitten yn in sniestoarm, en dy't de oare moarns op syn bêd oantroffen waard troch syn hospita's. Syn bewearing dat er sels op 'e grûn sliept hie, waard net leaud, en it skandaal dat folge wie mear as genôch oanlieding foar de hegeskoalle om him oan 'e dyk te setten, wêr't er trouwens alhiel net rouwich om wie. Koarte tiid letter bejoech er him wer nei Jeropa.
Iere Londenske jierren Pound kaam yn april 1908 oan yn Gibraltar, dêr't er as gids foar Amerikaanske toeristen wurke. It begjin fan 'e simmer brocht er troch yn Feneesje, en yn july brocht er syn earste dichtbondel út, it 72 siden tellende A Lume Spento (yn it Ingelsk útbrocht as With Tapers Spent). Yn augustus ferfear er nei Londen, dêr't der de tolve folgjende jierren frijwol oanhâldend trochbringe soe. Syn reden om dêrhinne wie ienfâldich: "London, deah old Lundon, is the place for poesy" ("Londen, dat goede âlde Londen, is it plak foar poëzij"), sa't Pound syn stúdzjefreon, de dichter William Carlos Williams, fertelde. Pound beprate de foaroansteande boekferkeaper en útjouwer Elkin Mathews om A Lume Spento yn syn etalaazje te pleatsen, en dat hie effekt, want tsjin oktober waard syn wurk besprutsen yn alle Londenske fermiddens dy't derta diene. Yn desimber brocht er in twadde bondel út, A Quinzaine for This Yule.
thumb|right|250px|48 Langham Street, dêr't Ezra Pound yn it begjin fan syn Londenske tiid wenne. Yn jannewaris 1909 mette Pound de skriuwster Olivia Shakespear yn in literêre salon. Hja wie in eardere minneresse fan Pound syn idoal, de Ierske dichter William Butler Yeats, en it ûnderwerp fan dy syn The Lover Mourns for the Loss of Love. Fia har kaam Pound yn 'e kunde mei de hiele Londenske literêre rûnte, wêrûnder Yeats sels, mei wa't er goed befreone rekke, ek al skeelden de mannen tweintich jier. Teffens mette er sadwaande Oliva har dochter Dorothy Shakespear, mei wa't er yn 1914 trouwe soe. Yn juny 1909 publisearre Pound op 'e nij in dichtbondel, Personae, diskear by Mathews, en dit wie de earste dy't ek kommersjeel in súkses waard. Pound syn earste boek wêryn't er him talei op literêre krityk, The Spirit of Romance, kaam út 1910.
Imazjistyske beweging Yn juny 1910 kearde Pound foar in snuorje fan acht moannen werom nei de Feriene Steaten, dêr't er tahold yn New York, mar hy fielde him dêr eins net mear thús. Syn essays oer syn heitelân, dy't er yn dy perioade skreau, soene yn 1950 bondele útjûn wurde ûnder de titel Patria Mia. Yn febrewaris 1911 wied er wer yn Londen, dêr't er eltse dei wurke yn 'e lêskeamer fan it Britsk Museum, yn 'e mande mei Hilda Doolittle en Richard Aldington, dy't syn ideeën oer poëzij dielden (en dy't yn 1913 mei-inoar trouwe soene). Fia de dichter en museumkurator Laurence Binyon kaam Pound yn 'e kunde mei de Eastaziatyske artistike en literêre begjinsels dy't sa karakteristyk wurde soene foar syn lettere dichtwurk. Op dat stuit wie Pound mei Doolittle en Aldington dwaande mei it optinken fan in nije foarm fan poëzij, it imazjisme, dat dúdlikheid as wichtichste doel hie, en wêrfoar't se stride moasten tsjin abstraksjes, romantyk, retoryk, omkearing fan 'e wurdfolchoarder en it tefolle brûken fan eigenskipswurden. It earste resultaat fan dizze nije dichttechnyk wie Pound syn bondel Ripostes, publisearre yn oktober 1912, dy't teffens fiif gedichten omfette fan 'e Britske dichter T.E. Hulme (dy't ta Pound syn grut fertriet yn 1917 yn 'e Earste Wrâldoarloch omkaam) en ek Pound syn oersetting nei modern Ingelsk fan it Aldingelske gedicht The Seafarer (net in letterlike fertaling, mar mear in persoanlike ynterpretaasje fan it orizjineel).
Al rillegau lei Pound him trouwens suver likefolle ta op oersetten as op dichtsjen. Syn fertaling út it Italjaansk The Sonnets and Ballate of Guido Cavalcanti (fan Guido Cavalcanti), ferskynde ek yn 1912, en oare oersettings út it Italjaansk, mar ek út it Latyn en it Frânsk folgen. Om dyselde snuorje hinne rekke Pound boppedat fassinearre troch de Japanske poëzij en toanielstikken dy't er ûntdiek yn 'e papierren fan Ernest Fenollosa (1853-1908), in Amerikaanske perfester dy't lesjûn hie yn Japan. Dy syn widdo Mary McNeil Fenollosa joech yn 1913 de hiele paperasseboel fan har man oan Pound, mei't se dêrfoar immen hawwe woe dy't om poëzij joech ynstee fan om taalkunde. Yn 1918 redigearre Pound de útjefte fan Fenollosa syn The Chinese Written Character as a Medium for Poetry, mar al foar dy tiid begûn er fierhinne op grûn fan Fenollosa syn oantekens sels gedichten út it Sineesk oer te setten. Op dy manear kaam yn 1915 de bondel Cathay ("Cathay" is in âlde namme foar Sina) út.
thumb|left|250px|Dorothy Shakespear Pound.