Hailey is in stêd yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Idaho. It is sûnt 1895 it haadplak fan 'e county Blaine; foartiid wie it fan 1882 oant 1895 it haadplak fan 'e ophefte county Alturas. De stêd is neamd nei John Hailey, in lid fan it Amerikaanske Kongres foar it doetiidske Territoarium Idaho.

Hailey is benammen bekend om't it Friedman Memorial Airport (SUN) der sitewearre is, dat it skygebiet fan Sun Valley/Ketchum (19 km noardliker) betsjinnet, en as it berteplak fan 'e kontroversjele dichter Ezra Pound.

Ferneamde lju út Hailey Ezra Pound, dichter Rumer Willis, aktrise Demi Moore, aktrise. Mem fan Rumer Willis

Keppelings om utens Offisjele webside fan XXX

Kategory:Plak yn Idaho Kategory:Plak stifte yn 1882