thumb|200px|Wilhelm Marr thumb|Omslach fan Der Weg zum Siege des Germanenthums über das Judenthum, 1880

Wilhelm Marr (Maagdenburg, 16 novimber 1819 - Hamboarch, 17 july 1904) was een Dútske agitator en sjoernalist dy't it begryp 'antysemitisme' betocht hat as eufemisme foar it Dútske Judenhass, of 'Joadehaat.

Marr wie in sjoernalist dy't miende dat er syn baan kwytrekke wie troch Joadsk tadwaan. Behâldend as er wie, waard er beynfloede troch de pan-Germaanske beweging, sa't dy útdroegen waard troch Johann Gottfried von Herder, dy't it idee fan it Folk oanhinge, en de Burschenschaft-beweging yn de ier-njoggentjinde iuw, dy't wer fuortkaam út frustraasje by Dútske studinten oer it falen fan it Kongres fan Wenen om in ienheidssteat te meitsjen fan alle kriten dy't troch it Folk bewenne waarden. Sy fersmieten it meidwaan fan joadske en oare net-Dútske minderheden as lid, "útsein as hja sjen litte koenen dat hja harren yn in Kristlik-Dútske geast ûntjaan woene" (in beslút fan it Burschenschaft Kongres fan 1818").

Marr gie in stap fierder en fersmiet eltse assimilaasje. Yn syn pamflet Der Weg zum Siege des Germanenthum über das Judenthums (1879)) brocht er it idee yn dat Dútskers en joaden in duorsum konflikt hiene, dêr't neffens him it ras de oarsprong fan wie, en dat de joaden oan it winnen wiene. Hy woe hawwe dat de joadske emansipaasje dy´t fuortkaam út it Dútske liberalisme de basis wie fan de kontrôle fan de joaden oer de Dútske finansjele en yndustriële wrâld. Omdat it konflikt grûnfêste wie op de ferskillende kwaliteiten fan it "joadske en it Germaanske ras", koe it net oplost wurde troch totale assimilaasje fan de joadske befolking. Neffens Marr koe de striid tusken de joaden en de Germanen allinne mar oplost wurde troch de oerwinning fan de ien en - lang om let - dea fan de oar. In joadske oerwinning, sa wie syn konlúzje, soe útrinne op in finis Germaniae ('de ein fan de Germanen'). Om dat foar te kommen, stichte er 1879 de Liga fan Antysemieten (Antisemiten-Liga), de earste Dútske organisaasje dy't spesifyk de saneamde bedrieging fan Dútslân troch de joaden bestride woe en harren twongen ferlitten fan it lân oanhinge.

Hoewol't Marr de sabeare wittenskiplike radikale komponint yn it debat oer de joaden yn Dútslân yntrodusearre, liket it der net op dar er beynfloede waard troch de eardere teoryen fan Arthur de Gobineau (skriuwer fan 'In essay oer de ûngelikenens fan minsklike rassen', 1853), dat earst yn 1898 yn it Dútsk oerset waard, in fearns iuw nei't Marr syn pamflet ferskynde. Fierders wie Marr tige ûndúdlik oer wat 'ras' wie, en fral oer de rasferskillen tusken joaden en Germanen, hoewol't dat diel part wurde soe fan de Nazi-rasselear. Lettere rasse-'saakkundigen', lykas Eugen Dühring, dy't suggerearre dat it it bloed wie, en Houston Stewart Chamberlain, in rasseteoretikus mei in soad ynfloed (en de man fan Eva Wagner, Richard Wagner syn dochter), dy't frenology as metoade om rassen te ûnderskieden suggerearre, folden dat gat op.

Oan de oare kant liket it derop dat Marr fan Charles Darwin beynfloede ward; dat barde troch Ernst Haeckel, dy´t it begryp sosjaal darwinisme ynbrocht by de Dútsk ûnderrjochte klasse.

Nettsjinsteande syn ynfloed waarden Marr's ideeën net fuortendaliks troch Dútske nasjonalisten oernaam. De Pan-Dútske Liga, oprjochte yn 1891, liet yn it earstoan joaden as lid ta, teminsten as hja folslein yn de 'Germaanske kultuer' assimilearre wiene. Pas 1912, acht jier nei Marr syn dea, naam de Liga rasisme as in prinsipe oer. Dochs wie Marr in wichtich persoan yn it waaksend Dútske rasisme dat útrinne soe yn genoside yn it nazi-tiidrek.

Wurken Pillen. Eigens präpariert für deutsche und andere Michel, 1844 Katechismus eines Republikaners der Zukunft, 1845 Das junge Deutschland in der Schweiz. Ein Beitrag zur Geschichte der geheimen Verbindungen unserer Tage, 1846 Anarchie oder Autorität? 1852 Reise durch Central-Amerika, 1852 Messias Lassalle und seine Hamburger Jünger. Eine Abfertigung, 1863 Der Ausschluß Oesterreichs aus Deutschland ist eine politische Widersinnigkeit, 1866 Selbständigkeit und Hoheitsrecht der freien Stadt Hamburg sind ein Anachronismus geworden, 1866 Des Weltunterganges Posaunenstoß, lieblich begleitet und allen Gläubigen gewidment, 1867 Es muß alles Soldat werden! oder die Zukunft des Norddeutschen Bundes. Ein Phantasiegemälde, 1867 Nach Jerusalem mit dem Papst.Eine Bergpredigt, 1867 Der Antichrist und das Ende der Welt, 1875 Religiöse Streifzüge eines philosophischen Touristen, 1876 Der Sieg des Judenthums über das Germanenthum – Vom nichtconfessionellen Standpunkt aus betrachtet. Bern: Rudolph Costenoble, 1879. - English translation: Rohringer, Gerhard. Victory of Judaism over Germanism - Considered from a Nonreligious Perspective. 2009 Jeiteles teutonicus. Harfenklänge aus dem vermauschelten Deutschland von Marr dem Zweiten, 1879 Vom jüdischen Kriegsschauplatz. Eine Streitschrift, 1879 Das Salomonische Spruchbuch, 1879 Wählet keinen Juden! Der Weg zum Siege des Germanenthums über das Judenthum. Ein Mahnwort an die Wähler nichtjüdischen Stammes aller Confessionen. Berlin: Hentze, 1880 Der Judenkrieg, seine Fehler und wie er zu organisieren ist. 2. Theil von ""Der Sieg des Judenthums über das Germanenthum", 1880 Goldene Ratten und rothe Mäuse, 1880 Oeffnet die Augen, Ihr deutschen Zeitungsleser. Ein unentbehrliches Büchlein für jeden deutschen Zeitungsleser, 1880 Lessing contra Sem. Allen "Rabbinern" der Juden- und Christenheit, allen Toleranz-Duselheimern aller Parteien, allen Pharisäern und "Schriftgelehrten" tolerantest gewidmet, 1885

Literatuer Moshe Zimmerman, Wilhelm Marr. The Patriarch of Anti-Semitism. Studies in Jewish History (Oxford University Press; New York/Oxford 1986). In wiidweidige stúdzje oer Wilhelm Marr op basis fan de grutte Nachlass fan Marr, dat it Staatsarchiv Hamburg op 'e noed hat.

Kategory:Dútsk anargist Kategory:Dútsk sjoernalist Kategory:Dútsk polityk skriuwer Kategory:Antysemitisme yn Dútslân Kategory:Persoan berne yn 1819 Kategory:Persoan stoarn yn 1904