Strücklingen (Sealterfrysk: Strukelje of Struukelje) is in doarp en eardere gemeente yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It is it noardlikste doarp fan it Sealterlân. Fierders hearre ek de buorskippen Bollingen (Baaljene), Bibelte (Bieuwelte), Strücklingen-West (Strukelje-West), Utende (Uutände), Wittensand (Wietsound), Ubbehausen (Ubbehusen) en Bokelesch (Boukeläsk) (kleaster) ta it doarp. By it doarp heart ek de buorskip Utende (Uutände).

It dialekt fan Strücklingen is it noardlikste dialekt fan it Sealtersk. De âldste foarm fan 'e namme Strücklingen is fan 1473: struklinge. De útgong -linge hat him yn it Sealterfrysk letter ta -lje ûntwikkele.

Yn 'e Midsiuwen stie yn Utende de tsjerke, dat faaks noch âlder as Strücklingen sels is. Yn 1974 waard it doarp part fan 'e nije gemeente Sealterlân yn 'e landkreis Kloppenburch.

Oan 'e westkant fan Strukelje leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Strücklingen leit oan de Dútske Feanrûte.

Sealterfryske strjitnammen Strouts Wai (wei) Wübbethun (tún) Ockethun (tún)

Boargemasters fan Strücklingen fan 1832-1974 1832 - 1857 - H. Ahlrich Fugel 1857 - 1881 - Ahlrich Ennen Schlump 1881 - 1889 - Johann Bruns 1889 - 1895 - Alrich Ahlrichs 1895 - 1914 - Eilert Eilers 1914 - 1919 - Heinrich Wilhelm Kallage 1919 - 1933 - Gerhard Eilers 1933 - 1948 - hearde Strücklingen by de gemeente Barßel 1947 - 1948 - Ahlrich Cordes út Strücklingen, boargemaster fan 'e gemeente Barßel 1948 - 1954 - Anton Thien 1954 - 1974 - Sixtus Schröer

Keppeling om utens Webstee Struecklingen.de

Kategory:Sealterlân Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1974