Scharrel (Sealterfrysk: Schäddel, ek Skäddel) is in doarp yn it suden fan 'e Dútske gemeente Sealterlân. It doarp hat 2.518 ynwenners (2023).
It dialekt fan it doarp is it súdlikste dialekt fan it Sealtersk. De namme fan it doarp komt fan Schar - lo: klif - wâld. Dat klif koe dan de 6m hege Halkoouger by it doarp wêze.
Oan 'e westkant fan Scharrel leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Ta it doarp wurde ek de buorskippen Bätholt (Bäätholt), Heselberg (Heeselbierich), Langhorst (Loanghorst), Neuwallam (Näiwaal), Knülke (Knülke) en Scharrelerdamm (Skäddelerdom) rekkene. De eardere buorskip Seedelsbierich is no in selsstannich doarp.
Scharrel is it "Gouddoarp 2011" yn it distrikt Kloppenburch.
Sealterfryske strjitnammen Hambierich (berch of terp) Di Littje Wai (de lytse wei) Piepkebierich (berch of terp)
Ofbylden
Keppeling om utens Scharrel is it "Gouddoarp 2011" yn it distrikt Kloppenburch hjir en hjir Skäddeler mûne "Hanekamps Windmühle
Kategory:Sealterlân Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen