Ramsloh (Sealterfrysk: Roomelse) is in doarp yn 'e Dútske gemeente Sealterlân. It doarp hat 5.468 ynwenners (2023). Ta it doarp wurde ek de buorskippen Hollen (Hollen), Hollen-Brand (Hollenbround), Hollenermoor (Hollenerfoan), Holleberg (Hollebierich), Ramsloh-West (Roomelse-Wääst), Ramsloh-Ost (Roomelse-Aast), Horst (Häärst), Raake (Raake) en Ramslo-Nord rekkene.
It dialekt fan Ramsloh is it middelste dialekt fan it Sealtersk. De Sealterske namme Roomelse komt fan it Aldfryske Rames-la: Raven - lo. Yn it Westlauwersk Frysk soe it 'Ravenswâld' wêze.
Ramsloh is it grutste doarp fan it Sealterlân. It wie in selsstannige gemeente oant 1934 mar waard doe part fan 'e earste gemeente Sealterlân. Nei de oarloch waard it wer in selsstannige gemeente oant 1 maart 1974 de nije gemeente Sealterlân stifte waard. Sûnt dy tiid hat de gemeenterie fan Sealterlân syn sit yn Ramsloh.
thumb|left|VLF stjoerder DHO38 by Ramsloh Oan 'e westkant fan Ramsloh leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Yn Ramsloh wurdt hyltyd noch in feanspoar brûkt. Fierders stiet hjir de VLF stjoerder DHO38, in grutte VLF stjoerder fan 'e Dútske Marine foar kommunikaasje mei ûnderseeboaten.
Sealterfryske strjitnammen Juurebierich (berch of terp) Dät Haartje (it ...) Koasters Tun (masters tún)
Sjoch ek Ravenswâld. List fan heechste bouwurken yn de Fryslannen
Keppeling om utens It feanspoar "Seelter Foonkieker"
Kategory:Sealterlân Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1934 de:Ramsloh