Rudyard Kipling (folút: Joseph Rudyard Kipling; Bombay, 30 desimber 1865 – Londen, 18 jannewaris 1936) wie in Britsk skriuwer, dichter en sjoernalist, dy't fral bekend wurden is troch syn proaza en poëzij oer Britsk-Ynje, it lân dêr't er berne waard. In grut diel fan syn oeuvre giet oer Britske soldaten en oare kolonialen yn Ynje; dêrûnder binne wiidferneamde titels lykas it koarte ferhaal The Man Who Would Be King en de gedichten Mandalay en Gunga Din. Like ferneamd, of miskien noch wol ferneamder, binne syn berneboeken, dy't krektlyk yn Ynje spylje, lykas ferhalebondel The Jungle Book, dêr't de (letter troch de Disney-studio's ferfilme) ferhalen oer de minsklike welp Mowgli en it ferhaal Rikki-Tikki-Tavi, oer in heldhaftige mangoeste, ta hearre. Teffens skreau er in soad oer de njoggentjinde-iuwske Britske keapfardij, lykas it masterlike gedicht The "Mary Gloster". Syn If... waard yn 1995 troch de Britten útkeazen as harren favorite gedicht.

Kipling wie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e populêrste Britske auteurs. Yn 1907 wûn er as jongste skriuwer ea de Nobelpriis foar de Literatuer. Him waard ferskate kearen in ridderstitel (dy't it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe) oanbean, mar dat sloech er ôf. Hy wie in eksponint fan it Britske ymperialisme, sa't û.m. bliek út syn beruchte gedicht The White Man's Burden. As konservatyf dy't de konfrontaasje net út 'e wei gie, wied er by syn libben al net ûnomstriden, en meitiid binne syn politike tinkbylden eins allinnich mar kontroversjeler wurden, mar freon en fijân moatte tajaan dat er in literêr sjeny wie.

Libben

Bernetiid Rudyard Kipling waard berne op 30 desimber 1865 yn 'e stêd Bombay, yn wat doe de Britske kroankoloanje Ynje wie. Syn heit, Lockwood Kipling, in byldhouwer en pottebakker, wie dêr rektor en heechlearaar oan 'e koart tefoaren oprjochte Sir Jamsetjee Jeejebhoy School of Art. Syn mem wie Alice MacDonald, in tige libbene frou, oer wa't in lettere Britske ûnderkening fan Ynje ris sizze soe: "Saaiheid en frou Kipling kinne net tegearre yn ien keamer ferkeare." Hja wie ien fan in kwartet Skotske susters dy't allegear mei foaroansteande hearen út 'e Britske keunstwrâld of polityk trouden (Stanley Baldwin, dy't yn 'e tweintiger en tritiger jierren trije kear foar de Konservative Partij minister-presidint fan Grut-Brittanje wie, wie bgl. in folle neef fan Rudyard Kipling). thumb|left|300px|Malabar Hill of Malabar Point, yn Bombay (1865).

Hoewol't de Kiplings noch gjin jier yn Ynje west hiene doe't de lytse Rudyard te wrâld kaam, beskôgen hja harsels as Anglo-Ynjers, wat yn 'e njoggentjinde iuw brûkt waard as oantsjutting foar lju fan Britsk komôf dy't itsij yn Ynje wennen, itsij der wenne hiene, mar noch altyd in bân mei it subkontinint fielden. Kipling soe himsels ek syn hiele libben lang beskôgje as in Anglo-Ynjer, al libbe er it grutste part fan 'e tiid earne oars. Yn it autobiografyske Something of Myself, út 1935, skreau Kipling oer syn iere bernetiid: "Yn 'e hjittens fan 'e middei joegen wy ús del. Sy [de Portegeeske ayah of bernefaam] of Meeta [de hindoeïstyske bearer of manlike oppasser] fertelden ús dan ferhalen en Yndyske bernerymkes dêr't gjinien fan fergetten is, en nei't wy oanklaaid wiene, waarden we de ytkeamer yn stjoerd, mei de warskôging: 'En no Ingelsk prate tsjin heit en mem.' Dat men spriek 'Ingelsk', stûkjendewei oerset út 'e lânseigen taal dêr't wy yn tochten en dreamden."

Mar Kipling syn tiid yn Ynje einige doe't er fiif jier wie. Hy en syn trijejierrige suske Alice ("Trix") waarden doe oersee nei Ingelân ta stjoerd om dêr, sa't doedestiden wenst wie foar Britske gesinnen wêrfan't de âldelju yn Ynje tsjinnen, yn 'e kost te gean by in troud pear dat him op it grutbringen fan sokke bern talei. Kipling en Trix kamen yn it Súdingelske Portsmouth telâne, dêr't se de folgjende seis jier trochbrochten by Pryse Agar Holloway, in âld-kaptein fan 'e Britske keapfardij, en dy syn frou Sarah yn 'e hûs. Yn syn autobiografy, dy't er hast 65 jier letter skreau, hellet Kipling mei ôfgriis oantinkens op oan 'e kombinaasje fan wredens en ferwaarleazging dy't er yn dy jierren fan benammen frou Holloway ûnderfûn. Trix hie it wat better, mei't frou Holloway blykber hope dat it famke úteinlik mei har eigen soan trouwe soe. Lokkigernôch koene de Kipling-bern altemets harren famylje yn Ingelân besykje. Sa brochten se elts jier om 'e kryst hinne in moanne yn Londen troch by harren muoike Georgiana MacDonald, dy't troud wie mei de keunstskilder Edward Burne-Jones. Harren hûs, yn 'e wyk Fulham, omskreau Kipling as "in paradys dat my, sa leau ik wierlik, rêden hat." Yn 1877, doe't Kipling alve jier wie, kaam syn mem Alice werom út Ynje foar in besyk. Doe pas kaam de mishanneling oan it ljocht, mei't de bern út eangst foar repressaillemaatregels fan frou Holloway der earder nea in stom wurd oer seine hiene.

Oplieding Yn jannewaris 1878 waard Kipling talitten ta it United Services College, yn Westward Ho!, oan 'e noardkust fan Devon, in kostskoalle dy't in pear jier foartiid oprjochte wie om jonges ta te rieden op in karriêre yn 'e Britske striidkrêften. Kipling hie it dêr yn 't earstoan dreech, mar makke der letter goede freonen. Dizze skoalle soe letter it dekôr foarmje foar syn ferhalesearje oer in espel skoaljonges, Stalky & Co., út 1899. Doe't er nei fjouwer jier, yn 1882, syn oplieding yn Westward Ho! ôfrûne, besleat men dat er net genôch akademysk potinsjeel hie om in stúdzjebeurs foar de Universiteit fan Oxford te bemachtigjen, en om't syn âldelju gjin jild hiene om in stúdzje mei te bekostjen, regele syn heit, dy't ûndewilens opklommen wie ta kurator fan it Museum fan Lahore, in baantsje foar him by in pleatslike krante, de Civil & Military Gazette.

Werom yn Ynje Op 18 oktober 1882 kaam Rudyard Kipling wer yn Ynje oan: "Dat, op 'e âldens fan sechstjin jier en njoggen moanne, mar derútsjend as wie ik fjouwer of fiif jier âlder, en opkreaze mei echte bakkeburden, dy't ús skandalisearre mem ôfskafte binnen it oere nei't se se foar it earst yn it each krigen hie, befûn ik my yn Bombay dêr't ik berne wie, my fuortbewegend mank gesichten en geuren dy't makken dat ik yn 'e lânseigen taal sinnen útbrocht dêr't ik de betsjutting net [mear] fan wist." Ek skreau er: "Der wiene noch trije of fjouwer dagen mei ít spoar nei Lahore, dêr't myn folk wenne. Dêrnei foelen myn Ingelske jierren fan my ôf, noch, leau ik, kamen se ea op folle sterkte werom."

By de Civil & Military Gazette yn Lahore, dat hjoed de dei yn Pakistan leit, wie Kipling persiis teplak, en al moast er hurd wurkje, dochs fûn er noch de tiid om ferhalen te skriuwen en te dichtsjen. Yn 1886 publisearre er syn earste dichtbondel, Departmental Ditties. Datselde jiers krige er fan in nije haadredakteur, Kay Robinson, de romte om yn 'e Civil & Military Gazette te publisearjen. In âld-kollega sei letter oer him (yn in artikel yn 'e krante Chums, út augustus 1897) dat er noch nea ien sa mei inket omgean sjoen hie — hy ferlustige him der gewoan oan, folle op in boasaardige manear syn pin, en smiet it dan om him hinne oant it hiele kantoar derûnder siet, sadat it suver gefaarlik wie om him benei te kommen." De skriuwer fan it artikel ferfettet dan: "Yn it hjitte waar, as er inkeld in wite broek en in tin oerhimd oan hie, skynt er mear op in Dalmasiër as op in minske like te hawwen, mei't er dan fan alle kanten bûnt bespat wie mei inket."

right|thumb|200px|De omslach fan 'e ferhalebondel Soldiers Three, út 1888. Yn 1883 besocht Kipling foar it earst it oan 'e foet fan 'e Himalaya leine Shimla, dat doe de simmerhaadstêd fan Britsk-Ynje wie, dêr't it koloniale regear him seis moannen fan it jier weromloek as de hjittens yn New Delhi te bot waard. Fan 1885 oant 1888 teach er dêr elts jier in moanne hinne om by syn famylje te wêzen. Shimla spilet yn syn ferhalen in grutte rol. Fan dy ferhalen ferskynden der tusken novimber 1886 en juny 1887 39 yn 'e Gazette. Letter brocht er de measten derfan út yn 'e samling Plain Tales from the Hills, syn earste proaza-útjefte, út 1888. Yn novimber 1887 waard er oerpleatst nei The Pioneer, de folle gruttere susterkrante fan 'e Gazette, yn Allahabad, yn wat no sintraal Yndia is. Underwilens skreau Kipling as in wyldeman fierder. Yn 1888 publisearre er noch seis oare ferhalebondels: Soldiers Three, The Story of the Gadsbys, In Black and White, Under the Deodars, The Phantom 'Rickshaw and Eerie Other Tales en Wee Willie Winkie and Other Child Stories, mei in totaal fan 41 ferhalen. Ta The Phantom 'Rickshaw and Other Eerie Tales hearde ek The Man Who Would Be King, dat yn 1975 ferfilme waard ûnder deselde titel mei yn 'e haadrollen Sean Connery en Michael Caine. Dêropta skreau Kipling yn syn hoedanichheid fan 'e korrespondint fan The Pioneer yn 'e regio Radjpûtana noch withoefolle reisympresjes en oare kollems, dy't letter útjûn waarden yn From Sea to Sea and Other Sketches: Letters of Travel.

Yn 1885 waard Kipling, hoewol't er de wenstige minimumâldens fan 21 jier noch net berikt hie, opnommen yn 'e frijmitselderslôzje te Lahore. Nei't it skynt wie ien ding dat him dêrta oanloek dat dêr tusken de leden gjin ûnderskie makke waard op grûn fan ras of religy. Yn 'e krante The Times skreau er letter: "Ik waard opjûn [as learling] troch [...] in hindoe, talitten [ta de graad fan feint] troch in mohammedaan en ferheft [ta de graad fan master] troch in Ingelsman. Us doarwarder wie in Yndyske joad." Kipling bleau syn libben lang frijmitselder en behelle net inkeld de trije reguliere graden (learling, feint, master), mar ek de titels "mastermitselder" en "seeman fan 'e keninklike ark".

Yn it begjin fan 1889 waard Kipling, nei't er spul krigen hie mei de redaksje, ûntslein troch The Pioneer. Hy brûkte syn ûntslachfergoeding en alles wat er fierders oan jild meitsje koe om by Berltsum om werom te reizgjen nei Londen. Op syn reis died er û.m. Rangoon, Singapoer, Hongkong, Japan, San Fransisco, Seattle, Vancouver, it Nasjonaal Park Yellowstone, Salt Lake City, Chicago, de Niagarawetterfal, Toronto, Washington, D.C., New York, Boston en Liverpool oan. Yn 'e Amerikaanske steat New York mette er Mark Twain, fan wa't er djip ûnder de yndruk wie. Yn oktober 1889 kaam er yn Londen oan.

Karriêre as skriuwer

Londen Yn Londen publisearre Kipling ferhalen yn ferskate tydskriften. Yn 'e twa jierren nei syn oankomst skreau er The Light that Failed (1891), syn earste roman, en krige er in senuwynsinking. Teffens mette er de Amerikaanske skriuwer en útjouwer Wolcott Balestier, mei wa't er gearwurke oan 'e roman The Naulahka (in titel dy't ûntliend wie oan it Naulakha-paviljoen yn Lahore, in foarbyld fan Mogol-arsjitektuer, mar dy't er frjemd genôch misstavere troch de 'h' en de 'k' om te draaien, wat oars net des Kiplings wie). Fierders kaam er ek yn 'e kunde mei Wolcott syn suster Caroline "Carrie" Starr Balestier (1862-1939), mei wa't er in flikkerljochtromânse begûn. Yn 1891 sette er op doktersadvys ôf op in nije reis, dy't him fia Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân wer yn Britsk-Ynje brocht. Hy wie fan doel en bring dêr de kryst mei syn folk troch, mar smiet syn plannen om doe't er berjocht krige dat Wolcott Balestier stoarn wie oan tyfus. Hy kearde halje-trawalje werom nei Londen nei't er fia tillegram Carrie in houliksoansyk dien hie en tawurd krigen hie. Op 18 jannewaris 1892 fûn yn Londen de brulloft plak.

Fermont