thumb|De brouwerij fan it kleaster waard 1629 ferboud ta Herfoarme tsjerke Kleaster Jeruzalim is de namme fan in kleaster dat 1240 fan muontsen út kleaster Klaarkamp yn it Gerkeskleaster fan no stichte waard. Hoewol't yn 1240 stichte as in premonstratinzer kleaster, waard it kleaster njoggen jier letter yn 1249 opnaam yn de Sistersjenzer oarder. It kleaster waard boud fanwege grutgrûnbesitter Gerke Harkema fan Twizel. Sadwaande waard it yn de praktyk ek Gerke's Kleaster neamd. It kleaster wie wijd oan Marije en Benediktus. Noomen, P.N. (1993). St. Gangolfus in de Izermieden: een 'Wüstung' in Achtkarspelen. It Beaken, 55(1), s.32-40. Yn 1580 waard it kleaster opheft en yn 1594 waarden de gebouwen, útsein de brouwerij, ôfbrutsen. Dat gebou krige yn 1629 in nije bestimming en soe fungearje as de herfoarme tsjerke fan Gerkeskleaster. Andreae, A.J. (1975). Het klooster “Jerusalem” of het Gerkesklooster: eene bydrage tot de geschiedenis der kloosters in Friesland. Ljouwer: De Tille.

Kategory:Earder bouwurk yn Achtkarspelen Kategory:Gerkeskleaster Jeruzalim Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1240 Kategory:Organisaasje opheft yn 1580 Kategory:Bouwurk út 1240 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1594