thumb|Harriet Beecher Stowe
Harriet Beecher Stowe (Litchfield (Konnetikut), 14 juny 1811 – Hartford (Konnetikut), 1 july 1896) wie in Amerikaansk abolisjoniste en skriuwster. Har roman Uncle Tom's Cabin fan 1852 wie in sterk pleit foar de ôfskaffing fan de slavernij.
Beecher Stowe skreau mear as 20 wurken, romans, trije reisferslaggen, artikels en brieven dy't bondele waarden. It meast ferneamd waard Uncle Tom's Cabin ('De negerhutte fan Omke Tom), in beskriuwing fan it libben fan Amerikaanske slaven dat tusken 1851 en 1852 yn in rige publisearre waard yn it abolisjonistysk blêd National Era fan Gamaliel Bailey. Har twadde boek wie Dred: A Tale of the Great Dismal Swamp.
Beecher-Stowe waard berne yn Litchfield en waard grutbrocht yn Hartford, Konnetikut. Sy wie de dochter fan Lyman Beecher, in foaroansteand Kongregasjonalistysk predikant út Boston, en suster fan eminint pastoar Henry Ward Beecher. 1832 ferhuze har famylje nei Cincinnati, in oare thúshaven fan de abolisjonistyske beweging, dêr't har heit de earste presidint fan it Lane Theological Seminary waard. Dêr kaam hja út de earste hân te witten oer slavernij en de Underground Railroad en miende hja dat hja 'De Negerhutte fan Omke Tom' skriuwe moast, de earste Amerikaanske roman mei in neger yn de haadrol.
Wurk (kar-út) The Mayflower; or, Sketches of Scenes and Characters Among the Descendants of the Pilgrims (1834) Mark Meriden (1841) Uncle Tom's Cabin (1852) A Key to Uncle Tom's Cabin (1853) Dred, A Tale of the Great Dismal Swamp (1856) The Minister's Wooing (1859) Agnes of Sorrento (1862) (online) The Pearl of Orr's Island (1862) The Chimney Corner (1866) (haadstikken yn Atlantic Monthly diel 18) The American Woman's Home (1869) (mei Catherine Beecher) Old Town Folks (1869) Little Pussy Willow (1870) Lady Byron Vindicated (1870) My Wife and I (1871) Pink and White Tyranny (1871) Woman in Sacred History (1873) Palmetto Leaves (1873) We and Our Neighbors (1875) Poganuc People (1878) The Poor Life (1890)
As Christopher Crowfield House and Home Papers (1865) Little Foxes (1866)
Keppeling om utens Harriet Beecher Stowe Center De audioboek en e-boek ferzje fan de Negerhutte
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk abolisjonist Kategory:Amerikaansk polityk aktivist Kategory:Amerikaansk sosjaal aktivist Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1896