De Rykswei 7, ek A7, is in autosneldyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.

Wat foarôf gie, Rykswei 43 Nei de feroaring fan it Rykswegeplan 1927 wurd yn it Rykswegeplan 1932 de ferbining Surch - Snits - It Hearrenfean - Grins opnommen. De nije plande ferbining troch Súdwest-Fryslân wurdt posityf ûntfongen yn de krisistiid. De ekonomyske krisis treft de súdwesthoeke fan Fryslân nammentlik behoarlik hurd en lokale bestjoerders wolle om de ekonomyske ûntwikkeling te befoarderjen sa gau mooglik rykswei 43 oanlein sjen.

Yn 1934 besleat de minister dat oanlis fan de dyk finansierd wurde soe út it saneamde 60-miljoen-plan. It iennige ûnderdiel fan it oarspronklike plan foar rykswei 43 dat sneuvele wie dat de dyk om finansjele redenen net sa as pland om Snits laat waard. In rûnwei soe op it plak sels tefolle keunstwurken ferge hawwe en de ekstra miljoenen dêrfoar wiene net beskikber. Yn 1935 waard al besletten dat fan 1936 ôf de wurksumheden oan rykswei 43 oanfange meie soene, wêrby't de folslein ûntbrekkende parten Ofslútdyk - Harkesyl en Snits - De Jouwer as earste yn útfiering nommen wurde soene. Op 19 febrewaris 1938 wurde de earste 5 km fan rykswei 43 tusken de Ofslútdyk en Harkesyl iepensteld.

Yn april 1940 wiene de wurksumheden oan it dykfak Snits - De Jouwer sa foardere dat se ferwachte de dyk earne yn maaie iepen stelle te kinnen foar it ferkear. Yn de tuskentiid waard Nederlân lykwols belutsen by de Twadde Wrâldkriich. De nije dyk waard net skansearre mar fan in feestlike iepening wie op 17 juny gjin sprake mear. De dyk wurdt iepene sûnder seremoansjeel of feestlikheden. De beheiningen op it brûken fan auto's makken dat fan de dyk mar in hiel lyts bytsje gebrûk makke waard.

Nei de Dútske ynfal wiene de wurksumheden oan it dykfak Harkesyl - Boalsert - Snits, dy't al fier hinne wiene, hast fuortendaliks stillein. Pas yn augustus joech de besetter tastimming om materialen frij te meitsjen om dit dykfak ôf te meitsjen. Op 12 desimber 1940 koe dit part fan de rykswei 43 iepensteld wurde. Der waard hjirnei al fjirder wurke oan it part De Jouwer - It Hearrenfean mar de besetter stelde gjin materialen beskikber dat folle mear as de rûchbou koe der net oanlein wurde. Pas yn desimber 1950 wurd de dykfak nei It Hearrenfean iepensteld, no noch sûnder it ferkearsplein en dêrmei de oansluting op de Rykswei 32.

It oanlizzen fan it ferkearsplein op It Hearrenfean begjint yn 1952. It plein, in rotonde dêr't de sirkel in straal fan 72 meter krige, waard op 11 desimber 1953 iepene, mei it trochlûken fan rykswei 43 oant dit ferkearsplein, hjirmei kaam ek de ferbining mei de Rykswei 32 ta stân. Yn 1954 wurdt slachfeardich begûn mei de oanlis fan dyk tusken It Hearrenfean en Drachten, mar Drachten wurdt pas yn 1958 berikt.Yn de perioade oant 1 july 1960 folgje op 't lêst alle ûntbrekkende dielen, wêrmei't yn heech tempo de lêste dielen rykswei tusken Drachten en Grins mei ree kamen.

Ryksdeadewei Wie elkenien yn earste ynstânsje út de skroeven mei de nije dyk. Yn de 1960-er en 1970-er jierren waard de inkeldbaansdyk, mei 113 lykflierse krúspunten, pleage troch slimme almeast deadlike ferkearsûngemakken. It hege tal ûngemakken late derta dat de wei de bynamme "Ryksdeadewei" krige. Dizze soarchlike situaasje resultearre yn plannen foar de ombou ta autosneldyk Rykswei 7.

Rin De A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. Dêrwei rint er oer Purmerein, Hoarn, troch de Wieringermar, by Den Oever lâns oer de Ofslútdyk hinne. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. Dêrnei rint er oer Boalsert nei Snits ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de Ring Snits. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. Dêrnei rint er by Drachten del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it knooppunt Drachten mei in ferbining mei de N31 nei Ljouwert ta en de N381 nei Easterwâlde en Emmen. Dêrnei rint er by Fryske Peallen en De Like del nei Grins ta. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Europaplein en rint er oer Hegesân, Wynskoat dan fierder nei Bad Nijeskâns oer de grins hinne dêr't er as Bundesautobahn 280 fierder giet oant Dreieck Bunde, dêr't er oanslút op Bundesautobahn 31, dy't in ferbining fan it Ruhrgebiet mei East-Fryslân foarmet.

Rûteferoaring Saandam thumb|De rûte tusken knooppunt Saandam en Saandam-Súd is dûbel nûmere. Sûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.

Ofslaggen

ProvinsjeGemeentekm.#NammeDikenNijsgjirrigensNoard-HollânSaanstêd0Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandam.4Ofbyld:AS-rondo-icon.svgSaandamBegjin5Ofbyld:AB-Kreuz-blau.svgKnooppunt SaandamA87 2Zaandijk Foar Saanske SkânsWormerlân11Ofbyld:AB-AS.svg 3WijdewormerPurmerein14 4Purmerein-SúdN23515Ofbyld:AB-AS.svg 5Purmerein17Ofbyld:AB-AS.svg 6Purmerein-NoardN244Koggelân29 7Avenhorn/Hoarn-WestN243, N247Hoarn32Ofbyld:AB-AS.svg 8Hoarn34Ofbyld:AB-AS.svg 9Hoarn-NoardN302Medemblik36 10WognumN24139 10aAbbekerk43Ofbyld:AB-AS.svg 11MedemblikN239Hollâns Kroan50 12MiddenmeerN24255Ofbyld:AB-AS.svg 13WieringerwerfN240, N24864 14Den OeverN99 OfslútdykFryslanSúdwest-Fryslân97Ofbyld:AB-AS.svg -Koarnwertersân101Ofbyld:AB-Kreuz-blau.svgKnooppunt SurchA31101Ofbyld:AB-AS.svg 15Surch105Ofbyld:AB-AS.svg 16Wytmarsum110Ofbyld:AB-AS.svg 17Boalsert-Noard112Ofbyld:AB-AS.svg 18Boalsert-East115Ofbyld:AB-AS.svg 19Nijlân118Ofbyld:AB-AS.svg 20Snits-West 119Ofbyld:AB-AS.svg 21Snits-Súd 119Ofbyld:AB-AS.svg 21aSnits-Wâldfeart120Ofbyld:AB-AS.svg 22Snits-EastSkarsterlân133 23De Jouwer-West136Ofbyld:AB-Kreuz-blau.svgKnooppunt De JouwerA6140Ofbyld:AB-AS.svg 25AldehaskeIt Hearrenfean142Ofbyld:AB-AS.svg 26It Hearrenfean-West144Ofbyld:AB-Kreuz-blau.svgKnooppunt It HearrenfeanA32147Ofbyld:AB-AS.svg 26aTsjalbertOpsterlân152Ofbyld:AB-AS.svg 27De Gordyk158Ofbyld:AB-AS.svg 28BeetstersweachSmellingerlân161 29Drachten-Sintrum165Ofbyld:AB-AS.svg 30EasterwâldeN381165Ofbyld:AB-AS.svg 30aDrachtenN31Opsterlân170Ofbyld:AB-AS.svg 31Fryske PeallenN358GrinslânMearum176Ofbyld:AB-AS.svg 32Mearum180Ofbyld:AB-AS.svg 33BoerakkerN388De Like184Ofbyld:AB-AS.svg 34De LikeN372Grins191 34aWestpoort (Grins)193Ofbyld:AB-AS.svg 35HoogkerkN372196Ofbyld:AB-AS.svg 36Ring Grins-WestN370de rûte oer de Ring Grins is nûmere as N7196Ofbyld:AB-AS.svg 36aMartini-sikehûs197Ofbyld:AB-Kreuzung-blau.svgJulianapleinA28198Ofbyld:AB-AS.svg 37Helpman198Ofbyld:AB-AS.svg 37aOosterpoort199Ofbyld:AB-AS.svg 38Knooppunt Europaplein?Ofbyld:AB-Kreuz-blau.svg EuvelgunneN46?Ofbyld:AB-AS.svg 39EngelbertDe dyk giet sa fierder as A7:Hoogezand-Sappemeer213Ofbyld:AB-AS.svg 40FoxholN386215Ofbyld:AB-AS.svg 41HegesânN387218Ofbyld:AB-AS.svg 42SappemeerMenterwâlde222Ofbyld:AB-AS.svg 43Súdbroek224Ofbyld:AB-AS.svg 44NoardbroekN33Scheemda230Ofbyld:AB-AS.svg 45ScheemdaN362232Ofbyld:AB-AS.svg 46HilligerleeWynskoat240Ofbyld:AB-AS.svg 47WynskoatN367Bellingwedde246Ofbyld:AB-AS.svg 48AldeskânsReiderlân251Ofbyld:AB-AS.svg 49Bad NijeskânsOfbyld:BAB-Grenze.svg Grins mei Dútslan; de dyk giet fierder as de Dútske A280.

Akwadukt By Snits giet de A7 ûnder it Geau-akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.

Grutte Bylden oan de A7 Yn dizze gallery ûntbrekt de Ballon fan Stiel by De Jouwer (2023)

07 07 Kategory:Wei yn Grinslân Kategory:Bouwurk út 1975 Kategory:Geografy fan Wûnseradiel Kategory:Geografy fan Boalsert (gemeente) Kategory:Geografy fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Geografy fan Wymbritseradiel Kategory:Geografy fan Snits (gemeente) Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân Kategory:Geografy fan Doanjewerstâl Kategory:Geografy fan Haskerlân Kategory:Geografy fan Skarsterlân Kategory:Geografy fan De Fryske Marren Kategory:Geografy fan It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Geografy fan Opsterlân Kategory:Geografy fan Smellingerlân