Mississippy (Ingelsk: Mississippi; útspr.: [mɪsə'sɪpi], likernôch "misse-sippy"), offisjeel de Steat Mississippy (Ingelsk: State of Mississippi), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Mississippy, byneamd de Magnolia State, leit oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Jackson, en dat is ek mei-iens de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 31e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Mississippy mei krapoan 125.500 km² de 32e steat. Mississippy stiet bekend as in fierhinne lanlike steat, dy't foarhinne in wichtige katoenprodusint wie.
Etymology De namme fan Mississippy is ûntliend oan 'e rivier de Mississippy, dat de grutste rivier fan Noard-Amearika is. De namme fan 'e rivier komt fan it Odjibwe-wurd misi-ziibi, dat "grutte rivier" betsjut.
Geografy Mississippy hat in oerflak fan 125.443 km², wêrfan't 3% út wetter bestiet. It leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). De steat grinzget yn it easten oan Alabama, yn it noarden oan Tennessee, yn it noardwesten oan Arkansas en yn it súdwesten oan Louisiana. De eastlike en noardlike grinzen fan Mississippy wurde foarme troch rjochte linen, wylst it grutste part fan 'e westgrins de rin fan 'e rivier de Mississippy folget.
Yn it uterste súdwesten fan 'e steat, by Simmesport rint de súdgrins (mei Louisiana) fan west nei east, oant er súdlik fan Columbia ynienen nei it suden ta ôfbûcht en de rin fan 'e rivier de Pearl oan 'e mûning ta folget. Yn it uterste súdeasten hat Mississippy sadwaande in likernôch 80 km lange kustline oan 'e Golf fan Meksiko. It nei it súdeasten ta útstykjende diel fan 'e steat stiet bekend as de Hakke fan Mississippy of de Mississippi Bootheel. De kust fan Mississippy leit yn 'e smoute fan in stikmannich langwerpige eilantsjes, dy't fan it fêstelân skaat wurde troch it Nau fan Mississippy (of de Mississippi Sound).
Mississippy beslacht in frij flak gebiet, en dat jildt noch sterker foar it westlike part fan 'e steat, dat diel útmakket fan 'e alluviale Mississippyflakte. It heechste punt yn 'e steat is Woodall Mountain, yn it foarlân fan it Cumberland-berchtme, op 246 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e Golf fan Meksiko, dat op seenivo leit. De steat wurdt troch ferskate rivieren trochkrúst, wêrûnder de Grutte Swarte Rivier, de Pearl, de Yazoo, de Pascagoula en de Tombigbee. De grutste mar is de Sardis-mar. Oare grutte marren binne it Ross Barnett Reservoir (in opslachmar), de Arkabutla-mar en de Grenada-mar.
Der is yn Mississippy ien Yndianereservaat, te witten it Mississippy Tsjoktou Yndianereservaat, dat bestiet út in stikmannich net-oanienslutende perselen lân yn it sintraal-eastlike part fan 'e steat. It meastepart fan it reservaat leit súdwestlik fan Louisville en noardwestlik fan Meridian. Yn totaal beslacht it 84,3 km².
Skiednis De earste minsklike bewenners fan Mississippy wiene Yndiaanske jager-sammelders dy't sa'n 12.000 jier lyn yn it gebiet arrivearren. Nei tûzenen jierren fan nomadyske bewenning ûntjoegen har omtrint 3.000 jier lyn by de rivier de Mississippy lâns de earste sedintêre delsettings, dêr't men lânbou begûn te bedriuwen. Sawol troch de Wâldlânkultuer as troch de lettere Mississippiaanske kultuer (fan 950 ôf) waarden grutte en yngewikkelde grêfheuvels oanlein. Yn dy snuorje bestie der in hannelsnetwurk dat fan 'e Grutte Marren oant de Golf fan Meksiko rikte.
De earste Jeropeaan dy't út grûngebiet fan Mississippy oandie, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Hernando de Soto, dy't yn 1540 it noardeasten fan 'e steat trochkrúste. Tsjin dy tiid waard it gebiet bewenne troch de Tsjoktou (Choctaw), Tsjikkesou (Chickasaw), Natsjês (Natchez), Jazû (Yazoo) en Biloksy (Biloxi). Yn 1699 fêstigen Frânske kolonisten ûnder lieding fan Pierre Le Moyne d'Iberville de earste Jeropeeske delsetting yn Mississippy, it Fort Maurepas, oan 'e Golfkust, yn 'e neite fan it tsjintwurdige Ocean Springs. Yn 1716 stiften de Frânsen fierder it Fort Rosalie, oan 'e Mississippy, dat letter de stêd Natchez wurde soe.
Mississippy kaam ta de Frânske koloanje Nij-Frankryk te hearren, dy't regearre waard fanút Montreal. Nei harren nederlaach yn 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch moasten de Frânsen de koloanje yn 1763, by de Frede fan Parys, lykwols ôfstean oan 'e Britten, dy't it sels yn 1783, nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wer ôfstean moasten oan 'e Feriene Steaten. Dêrnei bleau Mississippy noch fyftjin jier in soarte fan nimmenslân oan 'e Amerikaanske frontier, oant it op 7 april 1798 organisearre waard as it Mississippy-territoarium, dêr't ek de lettere steat Alabama ta hearde. Dêrfoar moasten de steaten Georgia en Súd-Karolina formeel ôfstân dwaan fan harren oanspraken op it gebiet, mei't dy koloanjes neffens harren oarspronklike oarkunden yn prinsipe oan 'e Stille Oseaan ta rûnen.
Fan 1800 ôf sette de kolonisaasje fan it territoarium serieus útein, wêrby't de kolonisten foar it meastepart ôfkomstich wiene út oare súdlike steaten, lykas Firginia en Noard-Karolina, dêr't se de grûn útput hiene. Yn 1830 waard it Ferdrach fan Dancing Rabbit Creek sletten tusken it Amerikaanske regear en de Tsjoktou, wêrby't dy lêsten harren lân yn Mississippy en Alabama ferkochten yn ruil foar finansjele kompinsaasje en nij lân yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Under kêst 14 fan dat ferdrach koene Tsjoktou dy't net nei it westen ta ferfarre woene, yn Mississippy bliuwe en it Amerikaanske steatsboargerskip krije, de twadde grutte groep net-blanken dy't folslein lykberjochtige waarden (de efterbliuwers fan 'e krektlyk nei it westen ta deportearre Sjeroky wiene de earsten).
Troch it Ferdrach fan Dancing Rabbit Creek kaam it hiele territoarium foar kolonisaasje iepen te lizzen. Op 10 desimber 1817 waard Mississippy as de 20e steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Om dy tiid hinne hie it gebiet sa'n 50.000 ynwenners. Op it flakke lân fan Mississippy waarden grutte en arbeidsyntinsive katoenplantaazjes stifte, en foar de bewurking fan harren fjilden kochten de plantaazjehâlders grutte oantallen negerslaven oan, dy't fia de haven fan New Orleans oanfierd waarden. Yn 'e heechtijdagen fan katoenbou, yn 'e 1850-er jierren, wie Mississippy ien fan 'e rykste Amerikaanske steaten. Tsjin 1860 hie Mississippy 791.000 ynwenners, dêr't de 437.000 negerslaven 55% fan útmakken. Der wiene doedestiden minder as tûzen frije swarten yn 'e steat.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Mississippy nei Súd-Karolina op 9 jannewaris 1861 de twadde súdlike steat dy't him fan 'e Feriene Steaten ôfskate. Krapoan in moanne lang foarme de steat doe de Republyk Mississippy, in yn namme ûnôfhinklik lân dat lykwols troch gjin inkele oare steatkundige ienheid erkend waard. Op 8 febrewaris rjochte Mississippy yn 'e mande mei Súd-Karolina, Floarida, Alabama, Georgia en Louisiana de Konfederearre Steaten fan Amearika op, dêr't har neitiid noch fiif oare steaten by oansleaten. Mear as 80.000 Mississippianen namen yn 'e dêropfolgjende oarloch diel oan 'e striid tsjin it Noarden, wêrby't de ferliezen tige heech wiene. Yn Mississippy sels waard benammen yn 'e Mississippydelling fochten, dêr't de Noardlike generaal Ulysses S. Grant lange tiid de stêd Vicksburg belegere, foar't de ferdigeners yn 'e Slach om Vicksburg yn 1863 einlings belies jaan moasten. Dêrtroch waard it grûngebiet fan 'e Konfederaasje by de Mississippy lâns yn twaen spjalten en waarden Arkansas, Louisiana en Teksas fan 'e rest fan it Suden ôfsletten. Yn maart 1864 griep in groep deserteurs en útnaaide negerslaven ûnder oanfiering fan in Newton Knight de macht yn Jones County, yn it súdeasten fan Mississippy, en rôp dêr letter dat jier de Frijsteat Jones út, dy't him ôfskaat hawwe soe fan 'e Konfederaasje.
Nei't it Noarden úteinlik de oerwinning behelle hie en de Konfederaasje ferslein wie, waard yn 1868 troch de blanken en no befrijde swarten in nije grûnwet foar de steat ospteld. Yn 1870 waard Mississippy op 'e nij as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Tsjin 1875 wie it Steatskongres wer yn 'e hannen fan 'e Demokraten. Blanke rasisten fierden in kampanje fan yntimidaasje en geweld tsjin harren blanke tsjinstanners en tsjin 'e swarte befolking. Doe't bliken die dat mei lynchings en politike moarden de swarten net út 'e polityk ferballe wurde koene, naam men oare maatregels.
Yn 'e 1890-er jierren naam it Steatskongres ferskate konstitúsjonele amendeminten oan dy't it foar swarte en earme blanke manlju ûnmooglik makken om diel te nimmen oan ferkiezings, hoewol't se yn prinsipe wol it stimrjocht hiene. Sa waard om as kiezer registrearre te wurden û.m. it betingst ynfierd dat men lêze en skriuwe kinne moast (yn in tiid dat in fjirdepart fan 'e befolking analfabeet wie) en letter ek it betingst dat men in beskate mjitte oan belesting betelje moast. Pas nei't yn 1964 de federale Wet op de Boargerrjochten oannommen wie, in jier letter folge troch de Wet op it Stimrjocht, waarden dizze amendeminten oan 'e grûnwet fan Mississippy neatich ferklearre.
Nei in pleach fan frettend ûngedierte en swiere oerstreamings yn 1912 en 1913 ferlearen de measte swarte boeren har lân trochdat se finansjeel yn 'e swierrichheden kamen en har útkeapje litten moasten troch rike blanken. Tsjin 1920, twa generaasjes nei de ôfskaffing fan 'e slavernij, wiene de measte swarten wer lânleaze fjildarbeiders dy't yn earmoede libben. Sadwaande begûn om 1913 hinne de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing, dy't oant 1940 duorje soe. Dêrby teagen hûnderttûzenen swarten út Mississippy en oare súdlike steaten op 'e siik nei in better libben nei de yndustrystêden fan it noarden, lykas Philadelphia, New York, Detroit, Cleveland en Chicago. Under de Twadde Afro-Amerikaanske Folksferhuzing giene tusken 1945 en 1970 nochris sa'n heal miljoen swarten allinnich al út Mississippy wei. Ta de bestimmings fan dizze twadde migraasjeweach hearden ek de stêden oan 'e westkust, lykas Los Angeles en San Fransisko. Sàfolle swarten setten út Mississippy wei, dat hja yn 'e 1930-er jierren in minderheid yn 'e steat waarden.
Yn 'e 1950-er en 1960-er jierren stried de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging foar gelykberjochtiging foar Afro-Amerikanen. Dêrby kamen de swarte aktivisten yn Mississippy faak frontaal yn botsing mei de hearskjende blanke politike elite. Boppedat fierde de rasistyske Ku Klux Klan in kampanje fan yntimidaasje en geweld tsjin 'e Afro-Amerikanen en harren blanke meistanners, dy't ta in hichtepunt kaam by de moard op trije boargerrjochte-aktivisten yn Mississippy, yn 1964. Dy kwestje makke lykwols foar it Amerikaanske Kongres en it federale regear yn Washington, D.C. dúdlik dat der fuortendaliks wat feroarje moast, en wie sa ien fan 'e driuwfearren efter de oanname fan 'e Wet op it Stimrjocht, yn 1965. Pas yn 1987, lykwols, loek Mississippy in wet yn dy't houliken tusken blanken en swarten ferbea. Yn 1995, 130 jier nei dato, naam it Steatskongres fan Mississippy yn in symboalyske die noch it Trettjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet oan, dat de ôfskaffing fan 'e slavernij omfieme.
Bestjoer Mississippy bestiet bestjoerlik út 82 countys. De steatshaadstêd, Jackson, leit yn Hinds County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Mississippy bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Mississippy, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 52 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 122 sittten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Mississippy, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twa senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Mississippy 4 sitten.