thumb|right|200px|
De Rie fan Jeropa is in gearwurkingsferbân tusken de lannen fan Jeropa, ta befoardering fan ekonomyske, sosjale en demokratyske ûntwikkeling.
Skiednis De Rie fan Jeropa is stifte op 5 maaie 1949, troch Belgje, Denemark, Frankryk, Feriene Keninkryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Noarwegen en Sweden. De rie is stadichoan útwoeksen en op it stuit binne hast alle lannen fan Jeropa lid, 46 fan de 50 lannen.
Ynstellings De miene gearkomsten wurde holden yn Straasburch, yn it Paleis fan Jeropa.
Wichtige ynstellings binne fierder: Jeropeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minske Kongres fan lokale en regionale autoriteiten
Leden De leden fan de Rie, oardere op datum fan lidwurden: Belgje, stiftend lid Denemark, stiftend lid Frankryk, stiftend lid Feriene Keninkryk, stiftend lid Ierlân, stiftend lid Itaalje, stiftend lid Lúksemboarch, stiftend lid Nederlân, stiftend lid Noarwegen, stiftend lid Sweden, stiftend lid Grikelân, 9 augustus 1949 (útsletten 1967 - 1974) Turkije, 9 augustus 1949 Yslân, 9 maart 1950 Dútslân, 13 july 1950 Eastenryk, 16 april 1956 Syprus, 24 maaie 1961 Switserlân, 6 maaie 1963 Malta, 29 april 1965 Portegal, 22 septimber 1976 Spanje, 24 novimber 1977 Lychtenstein, 23 novimber 1978 San Marino, 16 novimber 1988 Finlân, 5 maaie 1989 Hongarije, 6 novimber 1990 Poalen, 29 novimber 1991 Bulgarije, 7 maaie 1992 Estlân, 14 maaie 1993 Litouwen, 14 maaie 1993 Sloveenje, 14 maaie 1993 Slowakije, 30 juny 1993 Tsjechje, 30 juny 1993 Roemeenje, 7 oktober 1993 Andorra, 10 oktober 1994 Letlân, 10 febrewaris 1995 Albaanje, 13 july 1995 Moldaavje, 13 july 1995 Noard-Masedoanje, 9 novimber 1995 Oekraïne, 9 novimber 1995 Ruslân, 28 febrewaris 1996 Kroaasje, 6 novimber 1996 Geörgje, 27 april 1999 Armeenje, 25 jannewaris 2001 Azerbeidzjan, 25 jannewaris 2001 Bosnje en Herzegovina, 24 april 2002 Servje, 3 april 2003 (It lidmaatskip fan Servje en Montenegro.) Monako, 5 oktober 2004
Gjin lid Kazakstan en Belarus binne gjin lid om't hja net demokratysk genôch binne. Fatikaanstêd is taharker. Montenegro hat nei't it ûnôfhinklik waard in oanfraach yntsjinne dy't noch net tastien is. (13 july 2006)
Oare taharkers binne: De Feriene Steaten Israel Japan Kanada Meksiko
Hânfêst Yn de jierren njoggentich fan de foarige iuw hat de Rie fan Jeropa derfoar soarge, dat de taalrjochten fan minsken dy't in minderheidstaal brûke, troch it "Jeropeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden" beskerme waarden.
Ferwizings Webstee fan de Rie fan Jeropa
Kategory:Jeropa Kategory:Ynternasjonale gearwurking Kategory:Ynternasjonale organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1949