Tennessee Williams, berne as Thomas Lanier Williams (Kolumbus (Mississippy), 26 maart 1911 – New York, 25 febrewaris 1983) wie in Amerikaansk skriuwer.
Williams waard fral ferneamd fan syn toanielstikken, mar hy skreau ek romans, gedichten en essays. Syn bynamme, dy't ek syn skriuwersnamme waard, krige er fan sy klasgenoaten om reden fan sy súdlik aksint.
The Glass Menagerie ('Glêzen boartersguod', 1945) wie syn earste grutte súkses. Yn dat stik komt al ien fan syn haadtemas nei foaren: it konflikt tusken yllúzje en realiteit.
Mei A Streetcar Named Desire (1947) waard er ien fan de wichtichste Amerikaanske toanielskriuwers fan nei de oarloch. It stik waard yn 1951 ferfilme mei Marlon Brando yn de haadrol. Ek Cat on a Hot Tin Roof waard ferfilme, mei Paul Newman en Elizabeth Taylor yn de haadrollen.
Wichtichst wurk Toaniel The Glass Menagerie (1945) A Streetcar Named Desire (1947) The Rose Tattoo (1951) Cat On a Hot Tin Roof (1955) Orpheus Descending (1957) Suddenly, Last Summer (1958) Sweet Bird of Youth (1959) The Night of the Iguana (1962) The Milk Train Doesn't Stop Here Anymore (1962) Eccentricities of a Nightingale (1964) Romans The Roman Spring of Mrs. Stone (1950) Moise and the World of Reason (1975)
Keppeling om utens
Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk toanielskriuwer Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje Kategory:Amerikaansk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1983