Audrey Bitoni, echte namme: Audrey Arroyo (Pasadena (Kalifornje), 16 augustus 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Spaansk-Italjaansk-Dútsk komôf.
Libben Audrey Bitoni waard berne yn Pasadena, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles, mar groeide op yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Se studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona (Arizona State University), yn Phoenix yn Arizona, en posearre yn dy perioade neaken foar in spesjale edysje fan 'e Playboy dy't wijd wie oan studintes en wêrby't sy op 'e cover kaam te stean. Teffens wurke se yn har studintetiid as servearster yn in cocktailbar.
Yn 2006 studearre se ôf en behelle se in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde. Datselde jiers noch, op har tweintichste, makke Bitoni har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se yn likernôch 200 pornofilms spile (neffens har eigen webside 250), û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, New Sensations, Elegant Angel, Hustler, Diabolic Video, Jules Jordan Video, Digital Sin, Red Light District, Pure Play Media en Third Degree Films. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Reality Kings. Underwilens hat Bitoni trijeris nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).
Njonken har aktearwurk is se ek altiten trochgien mei te posearjen foar neakenblêden; sa stie se yn 2008 yn 'e Penthouse en wie se de covergirl en de Penthouse Pet fan 'e moanne novimber. Dyselde moanne stie hja ek op 'e omslach fan Club International. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m en 48 kg. Oktober 2007 ûndergie se in boarstfergrutting wêrnei't se kup 34DD krige. Hja wennet yn 'e omkriten fan Los Angeles.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2007FAME Awardfinalistefavorite nijynkommelinge n.f.t.2008AVN Awardnominearrebêste point-of-view-sekssêneThrob 2nominearrebêste nije stjern.f.t.FAME Awardfinalisteleaflingskont n.f.t.finalistemeast seksy lichem n.f.t.finalistefavorite nijynkommelinge n.f.t.NightMoves Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.2009AVN Awardnominearrebêste lesbyske triosekssêneNo Man's Land 43FAME Awardfinalisteleaflingskontn.f.t.finalistemeast seksy lichem n.f.t.2010FAME Awardfinalisteleaflingskont n.f.t.finalistemeast seksy lichem n.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Audrey Bitoni Biografy en filmografy fan Audrey Bitoni yn 'e Internet Movie Database
Kategory:Amerikaansk ober of servearster Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Penthouse Pet Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986